Psalmen 122
Frede foar Jeruzalem
1In beafeartsliet. Fan David.
Ik wie bliid, doe’t se tsjin my seinen:
Wy geane nei it hûs fan ’e Heare.
2No steane ús fuotten dan
yn dyn poarten, o Jeruzalem.
3Jeruzalem, dat boud is as in echte stêd,
in besletten ienheid.
4Dêr meitsje de stammen de reis hinne,
de stammen fan ’e Heare,
sa’t Israel foarskreaun is,
om ’e namme fan ’e Heare te tankjen.
5Dêr steane ommers de rjochterstuollen
de stuollen foar it hûs fan David.
6Bid om frede foar Jeruzalem,
om rêst foar dy’t fan dy hâlde.
7Mei der frede wêze binnen dyn muorre,
rêst yn dyn stinzen.
8Om myn bruorren en freonen
wol ik dy de fredegroet bringe.
9Om it hûs fan de Heare, ús God,
wol ik it bêste foar dy sykje.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap