Beafeartsliet.
Ik rôp de Heare oan yn myn need
en Hy hat my antwurd jûn.
O Heare, rêd ek no myn libben
fan ’e lippe, dy’t liicht
en fan ’e tonge dy’t rabbet.
Wat sil er dij jaan
en wat derop ta dwaan,
do rabjende tonge?
Skerpe pylken fan in strider
of de gleonens fan in baarnende jeneverstrûk.
It is in griis dat ik yn Mêsjek bedarre bin,
my nei wenjen sette by de tinten fan Kedar.
Te lang al haw ik wenje moatten
by minsken dy’t fan frede neat witte wolle.
Ik wol frede en al sis ik dat,
hja binne út op oarloch.
Je browser ondersteunt geen HTML5 audio.