Gods wurd en gebod
1Lokkich dy’t geef fan handel en wandel binne,
dy’t de wei fan de Heare geane.
2Lokkich dy’t har oan syn tsjûgenissen hâlde
en Him mei ynmoed sykje,
3dy’t gjin ûnrjocht dogge, mar syn wegen geane.
4Jo hawwe ús sels jo oarders jûn,
dat wy ús dêr trou oan hâlde soenen.
5Och, wienen myn wegen mar altyd sa,
dat ik my oan jo foarskriften hâlde.
6As ik al jo geboaden achtsloech,
dan hoegde ik my net te skamjen.
7Mei in oprjocht hert sil ik Jo loovje,
as ik jo wiere rjochtsregels lear.
8Jo foarskriften wol ik my oan hâlde,
mar lit my dan ek noait hielendal allinne stean.
9Hoe kin in jongfeint syn paad suver hâlde?
Allinne troch him te hâlden oan jo wurd.
10Ik sykje Jo mei ynmoed,
lit my net ôfdwale fan jo geboaden.
11Ik haw jo wurd yn myn hert opburgen,
dat ik mar net ta sûnde ferfalle soe.
12Jo binne heech te priizjen, Heare,
ûnderrjochtsje my yn jo foarskriften.
13Mei myn lippen tel ik
alle útspraken dy’t Jo dien ha, op.
14Ik bin like bliid mei de lange rige fan jo útspraken
as mei alle rykdommen byinoar.
15Ik wol oer jo oarders neitinke
en jo paden achtslaan.
16Ik bin bliid mei jo foarskriften
en noait wol ik jo wurd ferjitte.
17Jou jo tsjinner it foarrjocht, dat ik libje mei
en my hâlde oan jo wurd.
18Doch my de eagen iepen, dat ik se sjen mei,
de wûnders fan jo wet.
19Ik bin in frjemdling op ierde,
hâld jo geboaden net foar my ferburgen.
20Myn siele fergiet aloan
fan ferlangst nei jo rjochtsregels.
21Jo straffe dy ferflokte drystmoedigen,
dy’t fan jo geboaden ôfwike.
22Nim smaad en skande fan my ôf,
want ik haw jo útspraken yn acht nommen.
23Al sitte hege hearen har tsjin my te berieden,
jo tsjinner tinkt oan jo foarskriften.
24Jo útspraken binne my in wille,
it binne myn riedslju.
25Ik haw aloan de dea foar eagen,
lit my wer libje neffens jo wurd.
26Ferhelje ik myn ûnderfinings, Jo jouwe my antwurd;
ûnderrjochtsje my yn jo foarskriften.
27Wiis my de wei dy’t Jo hjitten ha,
dat ik oer jo wûnders neitink.
28Myn libben raant wei yn fertriet,
help my oerein, sa’t Jo tasein hawwe.
29Hâld my fier fan it ferkearde paad
en jou my de geunst om nei jo wet te libjen.
30Ik haw de wei fan ’e wierheid foar kar nommen
en jo rjochtsregels hâld ik foar eagen.
31Ik hâld my fêst oan jo útspraken;
o Heare, meitsje my net beskamme.
32Ik gean fierder op ’e wei fan jo geboaden,
want Jo meitsje my it hert sa rom.
33Lear my, Heare, hoe’t ik mei jo foarskriften oan moat,
dan sil ik se oan it lêste ta yn acht nimme.
34Jou my it ynsjoch om jo wet yn acht te nimmen
en dy mei ynmoed te folgjen.
35Lit my it paad fan jo geboaden gean,
want dat is al wat ik begear.
36Lit myn hert útgean nei jo útspraken
en net nei eigenbaat.
37Hâld myn eagen ôf fan de dingen-fan-neat,
mar lit my libje troch jo wei te gean.
38Hâld fêst oan wat Jo jo tsjinner tasein hawwe,
dat er ûntsach foar Jo krije mei.
39Nim de smaad fan my ôf, dêr’t ik fan griis,
want jo rjochtsregels binne goed.
40Sjoch, ik haw langst nei jo oarders,
jou my it libben troch jo gerjochtichheid.
41Lit jo geunsten oer my komme, Heare,
en jo heil, lykas Jo tasein hawwe.
42Dy’t my hunet kin ik dan te reden stean,
want ik rekkenje op jo wurd.
43Nim jo wurd fan wierheid noait út myn mûle wei,
want jo rjochtsregels, dêr ferwachtsje ik it fan.
44Dan hâld ik my jimmer oan jo wet,
ja ivich en altyd.
45Dan gean ik yn ’e romte
en freegje nei jo oarders.
46Dan jou ik oan keningen jo útspraken troch
en dêr hoech ik my net foar te skamjen.
47Dan fyn ik al myn wille yn jo geboaden,
dêr’t ik sa wiis mei bin.
48Dan stek ik de hannen wer nei jo geboaden út
en tink ik nei oer jo foarskriften.
49Tink oan dat wurd foar jo tsjinner,
dêr’t Jo my hope mei jûn hawwe.
50Dit is de treast yn myn ellinde,
dat jo útspraak my libben jout.
51Dryste mannen hawwe my slim hune,
mar ik bin net fan jo wet ôfwykt.
52Ik tocht oan jo rjochtsregels fan âlds;
o Heare, dêr haw ik myn treast yn fûn.
53Untsetting oer de sûnders hat my oangrypt,
omdat se jo wet loslitte.
54Jo foarskriften wienen foar my as psalmen
yn it hûs dêr’t ik frjemdling wie.
55Nachts tocht ik oan jo namme, Heare,
en ik hold my oan jo wet.
56Dit foarrjocht haw ik hân,
dat ik my oan jo oarders hâlde mocht.
57Ik sei: O Heare, dit is myn diel,
dat ik jo wurd bewarje mei.
58Ik haw jo geunst mei ynmoed socht,
wês my genedich, sa’t Jo tasein hawwe.
59Ik haw oer myn wegen neitocht
en myn fuotten de wei fan jo rjochtsútspraken opgean litten.
60Ik haw haast makke en net wachte
mei jo geboaden yn acht te nimmen.
61Falstrikken fan ’e sûnders siet ik yn fertiisd,
mar jo wet haw ik net fergetten.
62Midden yn ’e nacht kom ik derôf om Jo te tankjen
foar jo rjochtfeardige rjochtsregels.
63Ik fiel my ien mei harren dy’t ûntsach foar Jo hawwe
en har oan jo oarders hâlde.
64Fan jo geunst is de ierde fol,
ûnderrjochtsje my yn jo foarskriften.
65Jo hawwe jo tsjinners goed dien, Heare,
krekt sa’t Jo tasein hienen.
66Jou my begryp en kunde,
want ik fertrou op jo geboaden.
67Foar myn fernedering wie ik op ’e doele,
mar no hâld ik my oan jo wurd.
68Goed binne Jo en Jo dogge my goed,
ûnderrjochtsje my yn jo foarskriften.
69Oermoedigen hawwe my falsk beskuldige,
mar ik hâld my alhiel oan jo oarders.
70Har hert is ûngefoelich en hurd,
mar jo wet is myn wille.
71It is goed foar my, dat ik fernedere bin,
no kin ik my op jo foarskriften útlizze.
72De wet – jo wurd – is mear wurdich
as tûzenen goud- en sulverstikken.
73Jo hannen hawwe my makke en tarist,
jou my ferstân om my op jo geboaden út te lizzen.
74Dy’t ûntsach hawwe foar Jo, sjogge mei blidens,
dat ik op jo wurd tidigje.
75Ik wit, Heare, dat jo rjochtsregels rjochtfeardich binne
en dat Jo my út trou fernedere hawwe.
76Lit jo geunst my ta treast wêze,
lykas Jo jo tsjinner tasein hawwe.
77Wês barmhertich oer my, dan libje ik,
want jo wet is myn wille.
78Skande oer dy oermoedigen dy’t my falsk beskuldigje,
ik hâld my oan jo oarders.
79Wolkom binne my dy’t ûntsach foar Jo hawwe
en dy’t weet hawwe fan jo útspraken.
80Mei myn hert jo foarskriften trou bliuwe,
dat ik my net hoech te skamjen.
81Myn siele longeret op jo heil
en jo wurd is myn hope.
82Myn eagen hawwe langst nei wat Jo tasein ha
en freegje: Wannear sille Jo my treaste?
83Want al bin ik as in learen wynsek yn ’e reek,
jo foarskriften haw ik net fergetten.
84Hoefolle dagen meie jo tsjinner noch barre
en wannear sille Jo rjochtdei hâlde oer myn ferfolgers?
85Oermoedigen hawwe falkûlen foar my groeven,
lju dy’t net nei jo wet libje wolle.
86Ut al jo geboaden blykt jo trou. Help my,
want se ferfolgje my tsjin alle rjocht yn.
87Se hienen my hast fan ’e ierde ferdylge,
mar jo geboaden haw ik net loslitten.
88Jou my libben, goedgeunstich dat Jo binne,
dan hâld ik my oan wat Jo ferklearre hawwe.
89Ivich, Heare, is jo wurd,
it stiet yn ’e himel fêst.
90Fan âlder op âlder bliuwt jo trou;
Jo hawwe de ierde grûndearre – en dy stiet.
91De dingen besteane sa’t Jo beskikt hawwe,
want alles is tsjinstber oan Jo.
92Hie jo wet myn wille net west,
dan wie ik grif fan ellinde omkommen.
93Noait sil ik jo oarders ferjitte,
want dêr hawwe Jo my it libben mei jûn.
94Ik bin jo eigendom, o help my dan,
want ik sykje it by jo oarders.
95Al lizze kweaminsken op ’e loer om my te deadzjen,
likegoed ferdjipje ik my yn jo útspraken.
96Alle folsleinens haw ik de ein fan sjoen,
mar hoe wiid is jo wet!
97Wat bin ik wiis mei jo wet,
de hiele dei tink ik der oer nei.
98Jo gebod makket my wizer as myn fijannen,
ik haw it altyd by my.
99Ik haw mear ynsjoch as al myn learmasters,
want ik ferdjipje my yn jo útspraken.
100Ik haw mear wysheid as de âlden,
want ik hâld my oan jo oarders.
101Gjin inkeld ferkeard paad set ik in foet op,
ik hâld my by jo wurd.
102Jo rjochtsregels wyk ik net fan ôf,
want Josels binne myn learmaster.
103Wat binne jo wurden swiet foar it ferwulft,
swieter as hunich foar de mûle.
104Troch jo geboaden krij ik mear ynsjoch,
dêrom haatsje ik alle dearinnende paden.
105Jo wurd is my in lampe foar de foet
en in ljocht op it paad.
106Ik haw sward – en dêr wol ik my oan hâlde –
dat ik jo rjochtfeardige rjochtsregels yn acht nimme sil.
107Ik sit djip yn ’e ellinde, Heare,
jou my libben, sa’t Jo tasein hawwe.
108Nim it offer oan, dat myn mûle Jo biedt, Heare,
en lear my jo rjochtsregels.
109Myn libben bin ik gjin oere wis fan,
mar jo wet ferjit ik net.
110Ek doe’t sûnders my in strûp spanden,
bin ik net fan jo oarders ôfwykt.
111Jo útspraken binne foar ivich myn erfskip,
dy bliuwe de freugde fan myn hert.
112Ik set my derta om oan jo foarskriften te foldwaan,
dat jout in ivich lean.
113Twivelriedigen mei ik net lije,
ik hâld fan jo wet.
114Jo binne myn skûle en myn skyld,
ik wachtsje op jo wurd.
115Gean by my wei, jimme kweadoggers,
ik wol de geboaden fan myn God hâlde.
116Steun my, sa’t Jo tasein hawwe, dat ik libje mei,
en beskamje myn hope net.
117Hâld Jo my fêst, dat ik ferlost wurde mei
en jimmeroan jo foarskriften foar eagen hâld.
118Jo fersmite dy’t fan jo foarskriften ôfwike,
har selsbedroch rint op neat út.
119By Jo binne alle sûnders op ierde neat oars as ôffal,
dêrom hâld ik fan jo útspraken.
120It giet my kâld oer de lea fanwegen jo oardiel
en ik haw ûntsach foar jo rjochtsregels.
121Myn dwaan is rjochtfeardich en earlik,
jou my net oan myn ferdrukkers oer.
122Stean boarch foar it wolwêzen fan jo tsjinner,
lit de oermoedigen my net knoeie.
123Ik sjoch mei langst út nei jo help,
nei de rjochtfeardiging dy’t Jo tasein hawwe.
124Doch mei jo tsjinner nei jo goedgeunstichheid
en lear my jo foarskriften.
125Jou my, jo tsjinner, it ferstân
om jo útspraken te begripen.
126It wurdt tiid, Heare, dat Jo fanwegen komme,
want se hawwe jo wet skeind.
127Mar ik hâld mear fan jo geboaden
as fan goud, fan lottere goud.
128Dêrom hâld ik my sekuer oan al jo oarders
en haw ik in wearze fan alle dearinnende paden.
129Jo útspraken binne stik foar stik in wûnder,
dêrom hâld ik se fêst mei hert en siele.
130De útlis fan jo wurden bringt ljocht,
it makket ûnbelearden ferstannich.
131Fol ferlangst doch ik de mûle iepen,
want ik longerje nei jo geboaden.
132Kear Jo yn genede nei my ta,
lykas Jo altyd dogge foar dy’t jo namme leafhawwe.
133Jou my troch jo wurd in fêste gong
en lit gjin inkeld ûnrjocht oer my hearskje.
134Ferlos my fan ’e oerlêst fan minsken,
dat ik my oan jo oarders hâlde mei.
135Lit it ljocht fan jo antlit my, jo tsjinner, beskine
en lear my jo foarskriften.
136Ik skriem my de eagen oan wetter,
omdat se har net oan jo wet hâlde.
137Rjochtfeardich binne Jo, Heare,
en jo rjochtsregels binne folslein.
138Yn rjochtfeardichheid hawwe Jo útspraak dien,
wy kinne der fêst op oan.
139Ik bin der alhiel oerstjoer fan,
dat myn tsjinstanners jo wurden ferjitte.
140Jo wurd is sûnder wryt of slyt,
jo tsjinner is der tige wiis mei.
141Al bin ik lyts en net yn tel,
ik ferjit jo foarskriften net.
142Jo rjochtfeardichheid bliuwt ivich deselde
en jo wet is de wierheid sels.
143Benearing en benaudens hawwe my oantaast,
mar jo geboaden bliuwe myn wille.
144Jo útspraken binne foar ivich rjochtfeardich,
jou my ynsjoch, dan sil ik libje.
145Ik rop mei ynmoed; harkje nei my, Heare,
ik wol my oan jo foarskriften hâlde.
146Ik rop oan Jo, rêd my dochs,
dan sil ik libje neffens jo útspraken.
147Yn ’e skimermoarn kom ik der al ôf en bid,
want jo wurd is myn hope.
148Alle oeren fan ’e nacht wie ik wekker
om oer jo wurd nei te tinken.
149Harkje goedgeunstich nei myn stim, Heare,
jou my it libben neffens jo rjochtsútspraak.
150Myn ferfolgers komme tichterby om my kwea te dwaan,
jo wet steane se fier fan ôf.
151Mar Jo binne deun by my, Heare,
en jo geboaden binne de wierheid sels.
152Lang al wit ik fan jo útspraken,
dat jo se foar ivich grûndearre hawwe.
153Sjoch myn ellinde oan en rêd my,
want ik haw jo wet net fergetten.
154Bepleitsje myn saak en ferlos my,
lit my libje, sa’t Jo tasein hawwe.
155It heil is fier fan ’e sûnders ôf,
want jo foarskriften tale se net nei.
156Jo barmhertichheid is grut, Heare,
jou my it libben neffens jo rjochtsútspraak.
157Myn ferfolgers en tsjinstanners binne machtich,
mar ik wyk net fan jo útspraken ôf.
158Doe’t ik de trouweleazen seach, walge ik derfan
dat se net om jo sizzen joegen.
159Sjoch, hoe wiis ik mei jo oarders bin,
lit my libje, Heare, goedgeunstich dat Jo binne.
160Jo wurd is wierheid en neat oars
en jo rjochtfeardige besluten kin men op bouwe.
161Machthawwers ferfolgje my tsjin alle rjocht yn,
mar myn hert bevet allinne foar jo wurd.
162Jo tasizzing bin ik bliid mei
as in man dy’t in rike bút fynt.
163De leagen haatsje en ferspui ik,
mar jo wet bin ik wiis mei.
164Sân kear deis moat ik Jo loovje,
om jo rjochtfeardige útspraken.
165Dy’t jo wet leafhawwe, hawwe grutte frede,
foar har leit gjin stroffelstien.
166Ik tidigje op jo heil, Heare,
en ik doch nei jo geboaden.
167Mei hert en siel hâld ik fêst oan jo útspraken,
ik bin der tige wiis mei.
168Ik hâld my oan jo oarders en útspraken,
myn hiele dwaan en litten leit iepen foar Jo.
169Lit myn roppen dochs ta Jo komme, o Heare,
jou my ynsjoch sa’t Jo tasein hawwe.
170Lit myn smeekjen dochs oan Jo ta komme,
meitsje my frij, sa’t Jo my ûnthjitten hawwe.
171Lit myn lippen oerrinne fan lof,
want Jo leare my jo foarskriften.
172Lit myn tonge jo beloften besjonge,
want rjochtfeardich binne al jo geboaden.
173Lit jo hân ree wêze om my te helpen,
want ik haw jo geboaden foar kar nommen.
174Ik haw langst nei jo help,
want jo wet is myn wille.
175Lit my libje en Jo loovje,
lit jo rjochtsregels myn help wêze.
176Ik bin ferdwaald as in ferlern skiep,
sykje jo tsjinner op,
want jo geboaden ferjit ik net.