Liturgy foar in tankfeest
1Tankje de Heare, want Hy is goed,
ivich duorret syn geunst.
2Israel moat sizze:
ivich duorret syn geunst.
3It hûs fan Aäron moat sizze:
ivich duorret syn geunst.
4Al wa’t ûntsach foar de Heare hat moat sizze:
ivich duorret syn geunst.
5Yn ’e benaudens rôp ik oan ’e Heare;
de Heare hat my antwurde
en my romte jûn.
6As de Heare foar my is, bin ik net bang.
Wat kinne minsken my oandwaan?
7As de Heare myn helper is,
dan sjoch ik op myn haters del.
8It is better by de Heare te skûljen
as op minsken te fertrouwen.
9It is better by de Heare te skûljen
as op minsken fan oansjen te fertrouwen.
10Allerhanne folken hienen my besingele:
yn ’e namme fan ’e Heare haw ik se ferslein.
11Oan alle kanten hienen se my besingele:
yn ’e namme fan ’e Heare haw ik se ferslein.
12As bijen hienen se my besingele,
mar as in toarnefjoer binne se útgien;
yn ’e namme fan ’e Heare haw ik se ferslein.
13Se hienen my sa stompt, dat ik foel omtrint,
mar de Heare hat my bystien.
14De Heare is myn krêft en myn liet,
Hy is myn rêder wurden.
15Der is lûde jubel en triomf
yn ’e tinten fan ’e rjochtfeardigen:
16De rjochterhân fan ’e Heare is heech ferheven,
de rjochterhân fan ’e Heare docht machtige dieden.
17Ik sil net stjerre, mar libje
en fertelle wat de Heare dien hat.
18De Heare hat my kastijd en wer kastijd,
mar net oan ’e dea oerjûn.
19Doch my de poarten fan ’e gerjochtichheid iepen;
ik wol deryn om de Heare te tankjen.
20Dit is de poarte nei de Heare;
de rjochtfeardigen meie der ta yngean.
21Ik tankje Jo, dat Jo my antwurde ha
en dat Jo myn rêder wurden binne.
22De stien dy’t de boulju weidien hienen,
dy is no de hoekstien wurden.
23Dat is sa kommen troch de Heare
en in wûnder is it yn ús eagen.
24Dit is de dei, dy’t de Heare makke hat;
om Him wolle wy jubelje en bliid wêze.
25Och Heare, jou ús útrêding!
Och Heare, dat it ús slagje mocht!
26Heech te priizjen is, dy’t komt yn ’e namme fan ’e Heare.
Wy winskje jimme heil út it hûs fan ’e Heare.
27De Heare is God, Hy liet it foar ús daagje.
Byn no it feestoffer mei touwen
oan ’e hoarnen fan it alter.
28Jo binne myn God en Jo wol ik tankje,
myn God, heech wol ik fan Jo opjaan.
29Tankje de Heare, want Hy is goed,
ja, ivich duorret syn geunst.