Psalmen 113
De helper fan de earmen
1Halleluja.
Loovje, tsjinners fan ’e Heare,
loovje de namme fan ’e Heare.
2Heech te priizjen is de namme fan ’e Heare
fan no ôf oant yn ivichheid.
3Fan it uterste easten oant it fierste westen
is de namme fan ’e Heare te loovjen.
4Boppe alle folken is de Heare ferheven
en syn hearlikheid is boppe de himel.
5Wa is as de Heare, ús God,
yn ’e himel of op ’e ierde?
6Dy’t yn ’e hichte syn troan hat
en yn ’e lichte delsjocht,
7dy’t de swakke oerein helpt út it stof
en de earme omheech hellet út it slyk,
8dy’t him plak jout njonken eallju,
njonken de eallju fan syn folk,
9dy’t de ûnfruchtbere hûsfrou wenje lit
as in blide mem-mei-bern.
Halleluja.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap