Klacht en hope
1Gebed fan in ellindich minske, as er de moed opjout en syn klacht foar de Heare útstoart.
2Harkje, Heare, nei myn gebed,
lit myn roppen-om-help oan Jo ta komme.
3Kear my de rêch net ta,
as ik yn need bin.
Hâld jo ear nei my
en jou mei hasten antwurd, as ik rop.
4Want myn dagen ferfleane as reek
en myn biente baarnt út as in fjoer.
5As ferskroeid en toar gers is myn hert,
iten taal ik net mear nei.
6Fan klearebare suchtsjen
bin ik fel-en-bonken wurden.
7Ik lykje in pilekaan yn ’e wyldernis,
ik bin as in ûle op ’e púnfallen.
8Ik krij gjin sliep en ik bin
as in ienlike fûgel op it dak.
9De hiele dei hune myn fijannen my
en dy’t tsjin my tekear geane, ferflokke my.
10Want jiske yt ik as brea
en myn drinken ming ik mei triennen,
11fanwegen jo ferwoedene grime;
Jo ha my ommers optild en wer delsmiten.
12Myn dagen binne as langjende skaden
en ik fertoarkje as gers.
13Mar Jo, Heare, sitte ivich op ’e troan,
jo namme bliuwt fan âlder op âlder.
14Jo sille oereinkomme en Jo oer Sion erbarmje,
want de tiid om genedich te wêzen,
ja, dy tiid is kommen.
15O, jo tsjinners binne sa wiis mei syn stiennen,
en syn pún, it deart harren oan.
16Skielk hawwe alle folken, Heare, ûntsach foar jo namme
en alle keningen fan ’e ierde foar jo hearlikheid,
17as de Heare Sion wer opbout,
Himsels yn syn gloarje fertoant,
18Him keart nei it gebed fan ’e ferskovelingen
en har gebed net fersmyt.
19Lit dat opskreaun wurde foar de neiteam,
dat in nijberne folk de Heare priizje mei,
20om’t Er delsjoen hat út syn hillige hichte,
om’t de Heare út ’e himel de ierde skôge hat,
21om it suchtsjen fan ’e gefangenen te hearren,
om te befrijen dy’t opskreaun wienen foar de dea.
22Sa sil op Sion de namme fan ’e Heare ferkundige
en syn lof yn Jeruzalem besongen wurde,
23as de folken en keninkriken byinoar komme
om de Heare te tsjinjen.
24Doe’t Er ûnderweis myn krêften brutsen
en myn libben bekoarte hie,
25haw ik sein:
Myn God, nim my net wei
yn ’e bloei fan it libben,
Jo, waans jierren de geslachten troch duorje.
26Ienris ha Jo de ierde grûndearre
en ek de himel is it wurk fan jo hannen.
27Dy sille fergean, mar Jo bliuwe yn wêzen.
Dy slite allegear as in stik klean:
Jo dogge har oan ’e kant as in mantel
en dan is it dien mei har.
28Mar Jo bliuwe deselde
en jo jierren komt gjin ein oan.
29De bern fan jo tsjinners sille hjir noch wenje
en har neiteam sil foar jo eagen bestean bliuwe.