1Sa’t snie net by de simmer en rein net by de risping past,
likemin past eare by in dwaas.
2As in mosk by it fladderjen en in swel by it fleanen,
sa is in flok sûnder reden: hy komt net ta syn doel.
3De swipe is foar it hynder, de teame foar de ezel,
en de stôk foar de rêch fan in dwaas.
4Antwurdzje de dwaas net neffens syn dommens,
oars wurdsto him gelyk.
5Antwurdzje de dwaas mar neffens syn dommens,
oars sjocht er himsels ek noch foar wiis oan.
6Dy’t in dwaas om boadskip stjoert,
kappet himsels de fuotten ôf en moat de skea mar nimme.
7Sa’t de skonken fan in lamme derby hingje
sa slop is in spreuk yn ’e mûle fan in dwaas.
8Lykas ien dy’t in stien yn ’e slinger bebynt,
sa is de man dy’t in dwaas eare jout.
9Sa’t in toarnen stôk de hân fan in dronken man beseart,
sa giet it mei in spreuk yn ’e mûle fan in dwaas.
10In skutter dy’t samar op in foarbygonger sjit,
sa docht de man dy’t in dwaas yn it wurk nimt.
11Lykas in hûn werom komt by wat er útkoarre hat,
sa docht de dwaas syn dommens nochris oer.
12Hast wol ris in man sjoen, dy’t wiis yn eigen eagen is?
Fan in dwaas kinst mear ferwachtsje as fan him.
13De luiwammes seit: Der is in roofdier op ’e wei!
Der is in liuw op ’e strjitten!
14De doar draait op syn knieren;
sa docht de luiwammes op syn bêd.
15De luiwammes stekt de hân yn ’e skûtel
en hy is te lui om him wer nei de mûle te bringen.
16De luiwammes is wizer yn eigen eagen
as sân minsken dy’t ferstannich antwurdzje.
17Wa’t him ôfjout mei rûzje dy’t him net oangiet,
kin likegoed in hûn yn’t foarbygean by de earen pakke.
18In domdryst man,
dy’t baarnende en deadlike pylken yn ’t rûn sjit,
19sa is hy dy’t syn neiste bedraacht
en dan seit: It wie mar gekheid.
20As der gjin hout is, giet it fjoer út
en as der gjin rabber is, hâldt it getsier op.
21Lykas houtskoal de gloede en hout it fjoer yn ’e flam set,
sa makket de rûzjemakker de striid oan ’e gong.
22De wurden fan in rabber binne smaaksume hapkes,
se glide samar djip yn it lichem del.
23As sulverglazuer op in pandiggel,
sa binne moaie praatsjes út in kwea hert.
24Ien dy’t hatet is moai mei de lippen,
mar syn binnenste mient bedragerij;
25al flaaiket syn stim, fertrou him net,
hy hat sân grousume dieden yn ’t sin.
26De haat mei dan al ferburgen bliuwe yn bedroch,
it ferkearde derfan wurdt yn ’e gearkomste wol iepenbier.
27Wa’t in kûle graaft foar in oar, falt der sels yn,
en wa’t in stien omkantelt, rekket der sels ûnder.
28In falske tonge hatet syn slachtoffers
en in glêde mûle bringt de ûndergong.