Spreuken fan Salomo, earste samling
1Spreuken fan Salomo.
In wize soan makket syn heit bliid,
mar in dwaze soan is in fertriet foar syn mem.
2Unearlik behelle rykdom docht gjin fertuten,
mar gerjochtichheid rêdt fan ’e dea.
3De Heare lit in rjochtfeardige net ferhongerje,
mar de begearlikheid fan ’e sûnders leit Er it near op.
4Dy’t mei sleauwe hannen wurket, wurdt earm,
mar de hân fan ’e warberen makket ryk.
5Dy’t simmerdeis garret, is in ferstannige soan,
mar dy’t yn ’e rispinge sliept, makket jin te skande.
6Op ’e holle fan ’e rjochtfeardige rêst segen,
mar it geweld-dwaan stiet de sûnder op it gesicht te lêzen.
7It oantinken fan ’e rjochtfeardige is in segen,
mar de namme fan ’e sûnder wurdt wei.
8Dy’t wiis fan hert is, nimt de geboaden oan,
mar dy’t dwaasheid op ’e lippen hat, komt te fallen.
9Dy’t de rjochte wei kiest, komt goed te plak,
mar dy’t dwaasheid op ’e lippen hat, komt te fallen.
10Alles troch de fingers sjen, jout in hopen lêst,
mar dy’t it mes deryn set, bewurket de frede.
11De mûle fan ’e rjochtfeardige is in boarne fan libben,
mar de mûle fan ’e sûnder berget geweld.
12De haat makket kreauwerij wekker,
mar leafde sljochtet alle misslaggen oer.
13De ferstannige hat wysheid op ’e lippen,
mar de ûnferstannige moat de stôk oer de rêch hawwe.
14Wize minsken garje kennis op,
mar de mûle fan in dwaas is in wankend ûnheil.
15It besit is foar de rike in fersterke stêd,
mar de earmoed is de ûndergong fan ’e earme.
16De rjochtfeardige libbet skoan fan wat er fertsjinnet,
mar de sûnder syn ynkommen docht him de ûndergong.
17Dy’t de tucht tapast, wiist de wei nei it libben,
mar dy’t fermoanning neilit, bringt jin op ’e doele.
18Ferstannich praat bedobbet de haat,
mar dy’t laster útstruit, is in dwaas.
19Dy’t tefolle wurden brûkt, ûntkomt net oan ’e sûnde,
mar dy’t syn tonge yn ’e macht hat, docht ferstannich.
20De tonge fan ’e rjochtfeardige is it suverste sulver,
mar it hert fan ’e sûnder is neat wurdich.
21De lippen fan ’e rjochtfeardige hoedzje hiel wat minsken,
mar de dwazen stjerre troch ûnferstân.
22Segen fan ’e Heare, dy makket ryk,
mar eigen skreppen docht der neat oan ta.
23Kweadwaan is foar de dwazen suver in geniet,
mar ferstannigen hawwe har wille oan ’e wysheid.
24Wêr’t de sûnder bang foar is, dat komt him oer;
wat de rjochtfeardige winsket, dat kriget er.
25As de stoarm foarby is, is de sûnder weiwurden,
mar de rjochtfeardige rêst op ivige fûneminten.
26Wat jittik is foar de tosken en reek foar de eagen,
dat is de luiwammes foar syn wurkjouwers.
27Untsach foar de Heare jout in lang libben,
mar de jierren fan ’e sûnder wurde ynkoarte.
28De rjochtfeardigen meie blydskip ferwachtsje,
mar de hope fan ’e sûnders rint op neat út.
29In beskerming is de Heare foar dy’t oprjocht har wei geane,
mar Hy is de ûndergong foar dy’t kwea dogge.
30De rjochtfeardige sil yn der ivichheid net wifkje,
mar sûnders kinne har nearne deljaan op ’e ierde.
31De mûle fan ’e rjochtfeardige jout wysheid as frucht,
mar de falske tonge sil útroege wurde.
32De lippen fan ’e rjochtfeardige witte wat pas jout,
mar de mûle fan ’e sûnders jout ferkeardens op.