It wetboek wurdt foarlêzen
1Nei’t de Israeliten goed en wol te plak wienen yn har stêden, bruts de sânde moanne oan. 2Doe kaam it hiele folk as ien man byinoar op it plein foar de Wetterpoarte. Se stienen der by Ezra, de skriuwer, op oan, hy soe it boek fan Mozes helje litte mei de wetten dy’t de Heare Israel oplein hie. 3Doe brocht pryster Ezra de wet yn it bywêzen fan de gemeente, sawol manlju as froulju en elkenien dy’t mar begryp hie oer wat er hearde. It wie op ’e earste dei fan ’e sânde moanne. 4Mei it gesicht nei it plein foar de Wetterpoarte lies er dêrút fan ’e moarnsdage oant it middeisskoft. De manlju, froulju en dy’t der mar begryp oer hienen, stienen foar him. En it hiele folk harke mei sân pear earen nei it wetboek. Skriuwer Ezra stie op in houten preekstoel, apart foar dat doel makke. Njonken him stienen Mattitja, Sjêma, Anaja, Oería, Chilkía en Maäséja oan syn rjochterhân en oan syn linkerhân: Pedaja, Misjael, Malkía, Chasjûm, Chasjbaddana, Sekarja en Mesjûllam.
5Doe die Ezra it boek iepen en it hiele folk seach it, want hy stie heger as alle oaren en doe’t er it iependie, gong it hiele folk oerein. 6Ezra love de Heare, dy grutte God en it hiele folk antwurde: Amen, Amen!, wylst se de hannen omheech stutsen. Hja knibbelen en bûgden har foar de Heare mei it gesicht op ’e grûn. 7Jesjûa, Bany, Sjerebja, Jamin, Akkûb, Sjabtai, Hodía, Maäséja, Kelita, Azarja, Jozabad, Chanan, Pelaja en de leviten makken it folk kundich yn ’e wet, wylst it op syn plak stean bleau. 8Hja liezen dúdlik út it wetboek fan har God en leinen har út op ynsjoch. Sa kaam der begryp oer wat der lêzen waard. 9Doe sei Nehemia – hy wie de steedhâlder – mei pryster Ezra, de skriuwer, en mei de leviten dy’t it folk ûnderrjocht jûn hienen, tsjin it hiele folk: Dizze dei is hillich foar de Heare, jimme God; no gjin rou en geskriem! It hiele folk wie nammentlik oan it skriemen rekke, doe’t se de wurden út ’e wet hearden. 10Fierder sei er tsjin har: Hawar! Yt mar lekker en drink mar swiet. En stjoer in part dêrfan oan ien dêr’t neat foar ree stiet, want dizze dei is hillich foar de Hear! Wês dan net fertrietlik, de Heare jout blydskip: jimme hawwe in feilich skûlplak! 11Ek de leviten bêden it hiele folk del: Bedimje jimme, want dizze dei is hillich! Wês dochs net fertrietlik! 12Doe gong it hiele folk hinne om te iten, te drinken, in part dêrfan oan oaren te stjoeren en har skoander te fermeitsjen. Hja hienen begrepen wat har útlein wie.
It huttefeest wurdt fierd
13De twadde deis kamen de famyljehaden mei it hiele folk, de prysters en de leviten by skriuwer Ezra, om de wurden fan ’e wet nei te gean. 14Doe fûnen se yn ’e wet beskreaun, dat de Heare troch Mozes hjitten hie: De Israeliten soenen op in feest yn ’e sânde moanne yn hutten wenje. 15Se soenen in oprop útgean en hearre litte yn har stêden en yn Jeruzalem: Gean derop út nei de bergen ta en helje tûken en grien fan oliif en wylde oliif, fan mirt en palm, fan beammen ticht yn it blêd, om dêr hutten fan te meitsjen, lykas beskreaun stiet!
16It folk gong derop út, se tôgen en makken, elk op syn dak, hutten, ek yn har foarhôven en de foarhôven fan it hûs fan God, op it plein fan ’e Wetterpoarte en de Efraïmspoarte. 17De hiele gemeente fan har dy’t út ’e ballingskip weromkommen wienen, makken hutten en wennen dêryn. De Israeliten hienen, fan ’e dagen fan Jozua, de soan fan Nûn, oant dizze dei ta, dat net dien en dêrom wienen se tige by tige bliid. 18En dei oan dei, fan ’e earste deis oan ’e lêste ta, waard der út it wetboek fan God lêzen. Sân dagen hâlden se feest, neffens foarskrift, wylst der in slotfeest op ’e achtste dei wie.