2Op it fersegele stik stienen, steedhâlder Nehemia, de soan fan Chakalja en Sidkía, 3Seraja, Azarja, Jirmeja, 4Pasjchûr, Amarja, Malkía, 5Chattûsj, Sjebanja, Mallûk, 6Charam, Maremot, Obadja, 7Daniël, Ginneton, Barûch, 8Mesjûllem, Abía, Miamin, 9Maäzja, Bilgai en Sjemaja: dat wienen de prysters. 10En de leviten: Jesjûa, de soan fan Azanja, Binmûi, ien fan ’e soannen fan Chenadad, Kadmiël, 11mei har bruorren: Sjebanja, Hodía, Kelita, Pelaja, Chanan, 12Mika, Rechob, Charsjabja, 13Sakkoer, Sjerebja, Sjebanja, 14Hodía, Bany en Beninû. 15De haden fan it folk: Parosj, Pachat Moäb, Elam, Sattû, Bany. 16Bûnny, Azgao, Behai, 17Adonia, Bogwai, Adin, 18Ater, Chizkía, Azzûr, 19Hodía, Chasjûm, Betsai, 20Charif, Anatot, Nebai, 21Magpiasj, Mesjûllam, Chazir, 22Mesjézabel, Saddûk, Jaddûa, 23Pelatja, Chanan, Anaja, 24Hosjéa, Chananja, Chasjûb, 25Hallûchesj, Pilta, Sjûbek, 26Rechûm, Chasjabna, Maäséja, 27Achía, Chanan, Anan, 28Mallûk, Charam en Baäna. 29Derby it oare folk, de prysters, de leviten, de poartewachters, de sjongers, it wurkfolk fan ’e timpeltsjinst en allegearre dy’t har fan ’e folken út ’e lannen foar Gods wet ôfsûndere hienen, mei har froulju, har soannen en har dochters, elkenien mei kundigens en ynsjoch. 30Se sleaten har ticht oan by har lânslju, de mannen fan oansjen. Se joegen har ûnder de flok en ferbûnen har mei in eed, dat se it paad fan Gods wet gean soenen, sa’t Mozes, de tsjinner fan God, dat trochjûn hie. Hja soenen har oan alle rjochtsregels en ynsettings fan de Heare, har Hear, hâlde en dêrneffens dwaan. 31Wy sille ús dochters ek net jaan oan ’e befolking fan it lân en likemin har dochters foar ús soannen nimme. 32As dy befolking op ’e dei fan ’e Sabbat mei hannel en dan foaral alle soarten nôt oankomt, dan sille wy dat fan har op ’e sabbat of in hjeldei net nimme. Wy sille fierder elk sânde jier it boulân braak lizze litte en net ien oansprekke, foar watfoar skuld ek.
33Fierders hawwe wy ússels ferplichtings oplein: wy sille foar ússels jiers in tredde part fan in sikkel foar de tsjinst fan it hûs fan God jaan; 34foar it opsteapele brea, it deistige moal- en brânoffer, de sabbatdagen, de nijemoannefeesten, de fêststelde tiden, de wijjeften, de sûnde-offers om it wer goed te meitsjen foar Israel, en foar elke tsjinst yn it hûs fan ús God. 35Ek hawwe wy, de prysters, de leviten en it folk, it lot wurpen hokker skinking fan hout wy foar it hûs fan ús foarfaars, jiers op fêstleine tiden, nei it hûs fan ús God bringe soenen. Dat soe dan branhout wêze op it alter fan de Heare, ús God, sa’t it yn ’e wet beskreaun stiet. 36Wy sille it earste gewaaks fan ús grûn, elke earste frucht fan elke beam, jier op jier, yn it hûs fan de Heare bringe. 37Krektsa sille wy it earstberne fan ús soannen en ús fee, sa’t it yn ’e wet beskreaun stiet, de earstelingen fan ús kij en ús lytsfee, yn dat hûs bringe. Dêr sille de prysters dy’t yn it hûs fan God tsjinje, it profyt fan hawwe.