De tradysje fan ’e foarâlden
1Op in kear kamen de Fariseeërs en inkelde wetlearaars út Jeruzalem mei-inoar by Him. 2Hja seagen guon fan syn learlingen brea-iten mei ûnsuvere hannen, dat wol sizze mei hannen, dy’t se net foartiid wosken hienen. 3No sille de Fariseeërs en alle oare Joaden grif net ite, of se moatte earst hanwaskje, want se hâlde har krekt oan wat de foarâlden har oerdien hawwe. 4Komme se fan ’e merk, se sille net ite, foar’t se hanwosken hawwe; sa binne der noch gâns oare dingen dêr’t se út tradysje oan fêsthâlde, bygelyks it ôfwaskjen fan bekers, krûken en koperen reau.
5Dêrom fregen de Fariseeërs en de wetlearaars Him: Wêrom hâlde jo learlingen har net oan ’e âlde tradysjes, mar ite se mei ûnsuvere hannen? 6Hy antwurde harren: Mei rjocht en reden hat Jesaja oer jimme, komeedzjespilers, profetearre, sa’t yn ’e Skrift stiet:
Dit folk earet My mei de lippen,
mar har hert is fier fan My ôf;
7it jout neat, dat se My earje,
want se leare net oars as minskegeboaden.
8It gebod fan God litte jim farre, mar jim hâlde fêst oan minsketradysjes. 9It is wat moais, sa’t jimme it gebod fan God oan ’e kant skowe om jim tradysje yn eare te hâlden. 10Mozes sei bygelyks: Earje jim heit en jim mem, en: Wa’t syn heit of mem ferflokt, dy moat stjerre. 11Mar jimme sizze: As ien tsjin syn heit of mem seit: ‘Korban’ – dat betsjut: Alles dêr’t ik jim mei skewiele kinnen hie, is offerjefte wurden, 12dan hoecht sa’n ien neat mear foar syn heit of mem te dwaan. 13Dêrmei litte jim it gebod fan God slûpe foar de tradysje dêr’t jimme mar oan fêsthâlde.En soksoarte fan dingen dogge jimme net sa’n bytsje.
14Doe rôp Er it folk wer by Him en sei: Harkje allegear ris nei My en begryp it goed: 15Neat wat fan bûten ôf yn ’e minske komt, kin him ûnsuver meitsje, mar wat fan binnen út ’e minske komt, dat makket him ûnsuver. [ 16] 17Doe’t Er by it folk weigien wie en yn ’e hûs kaam, fregen syn learlingen nei de bedoeling fan dy útspraak. 18Hy sei: Soa, begripe jimme it ek net? Sjogge jimme net yn, dat al wat fan bûten ôf ta de minske ynkomt, him net ûnsuver meitsje kin, 19omdat it net yn syn hert komt, mar yn syn liif, en dat it der dan wer útgiet mei de trochgong? Sa ferklearre Er alle iten foar suver.
20Fierder sei Er: Wat út ’e minske komt, dat makket him ûnsuver. 21Want út it hert fan ’e minske komme de ferkeardichheden: huorkerij, stelderij, moard, 22troubrek, gjirrigens, gemienens, ferrifelderij, lossinnigens, oergeunst, kwealaster, grutskens, ûnferstân. 23Al dy minne dingen komme fan binnen út en meitsje de minske ûnsuver.
It leauwen fan de frou út Syro-Fenicië
24Dêrwei reizge Er nei de krite fan Tyrus. Hy woe net, dat ien it hûs wist, dêr’t Er yngong, mar it koe net geheim bliuwe, dat Er dêr wie. 25Dalik kaam der al in frou dy’t fan Him heard hie; har dochter hie in kweade duvel yn en dêrom foel se foar Him op ’e knibbels. 26Dy frou wie in Helleenske, in Syro-Fenisyske fan komôf, en se frege Him, oft Er de duvel út har dochter weibanne woe. 27Hy sei tsjin har: Lit no earst de bern har gerak krije; it jout gjin foech en nim de bern it brea ôf en smyt it de hûntsjes foar. 28Mar hja hie har wurdsje klear en sei: Sa is it, Hear, mar de hûntsjes ûnder de tafel ite dochs ek fan ’e bern har krommels. 29Hy sei tsjin har: Om wat jo dêr sizze, yn oarder: de duvel yn jo dochter hat him ôfjûn. 30Doe’t se wer thúskommen wie, die it har bliken, dat har bern op bêd lei en dat de duvel fuort wie.
In stomme-dovenien wurdt better makke
31Op ’e weromreis út ’e omkriten fan Tyrus wei gong Jezus oer Sidon en kaam Er by de mar fan Galiléa midden yn ’e kontreien fan ’e Dekápolis. 32Se brochten Him in doven-ien dy’t mei lijen prate koe, en se fregen Him, oft Er him de hân oplizze woe. 33Jezus naam him fansiden, út ’e mannichte wei, die him de fingers yn ’e earen, spuide, rekke syn tonge oan, 34seach nei boppen, suchte en sei: Effata, – dat betsjut: Gean iepen! 35De earen fan ’e man gongen iepen, de bân fan syn tonge rekke op slach los en hy koe goed prate. 36Hy stie der by har tige op oan, dat se it stilhâlde soenen; mar wat mear’t Er dêrop oanstie, wat mear’t se derfan praten. 37En de minsken, ferheard as se wienen, seinen: Hy docht alles like goed, doven lit Er hearre en stommen prate.