Markus 16
De ferrizenis fan Jezus
1Doe’t de sabbat foarby wie, kochten Maria fan Magdala, Maria, de mem fan Jakobus, en Salomé lekker rûkende salve om Him yn te wriuwen. 2De earste deis fan ’e wike, tige betiid, gongen se nei it grêf; de sinne kaam krekt op. 3Se seinen tsjin elkoar: Wa sil foar ús de stien foar de yngong fan it grêf weirôlje? 4Mar doe’t se it better sjen koenen, waarden se gewaar, dat de stien – it wie in hiele gruttenien – der al foarwei rôle wie. 5Se gongen it grêf yn en seagen oan ’e rjochterkant in jongfeint sitten, alhiel yn it wyt klaaid. Hja waarden slim kjel. 6Mar hy sei tsjin harren: Wurd mar net kjel; jimme sykje om Jezus de Nazaréner, de man dy’t krusige is. Hy is ferriisd, Hy is hjir net; sjoch it plak mar, dêr’t se Him dellein hienen. 7Jimme moatte hjirwei gean en tsjin syn learlingen sizze, ek tsjin Petrus, dat Hy jimme foarútgiet nei Galiléa; dêr sille jimme Him sjen, sa’t Er jimme sein hat. 8En hja gongen derút en stoden by it grêf wei; se trillen deroer, sa ferbjustere wienen se. En fan kleare bangens fertelden se gjinien der wat fan.
De ferskining oan Maria fan Magdala
9[Nei’t Jezus yn ’e iere moarn fan ’e earste dei fan ’e wike ferriisd wie, ferskynde Hy it earst oan Maria fan Magdala, by wa’t Er sân duvels útband hie. 10Dy fertelde it dêrnei oan harren dy’t mei Him west hienen en dy’t no rouwen en skriemden. 11Mar doe’t se hearden, dat Hy libbe en dat sij Him sjoen hie, leauden se it net.
De ferskining oan twa learlingen
12Dêrnei ferskynde Hy yn in oar stal oan twa fan harren, dy’t bûtenút ûnderweis wienen. 13En doe’t se weromkamen, fertelden dy it ek oan de oaren, mar hàr leauden se likemin.
De opdracht oan de learlingen
14Letter ferskynde Hy ûnder iten oan de alve en ferwiet harren har stiifkoppich ûngeloof dat se har dy’t Him as ferrizene sjoen hienen, net leauwe woenen. 15En Hy sei tsjin harren: Reizgje de hiele wrâld oer en ferkundigje alle skepsels it bliid boadskip. 16Wa’t leaut en doopt is, sil behâlden wurde, mar dy’t net leaut, sil feroardiele wurde. 17En dizze tekens sille wêze mei harren dy’t leauwe: yn myn namme sille se duvels útbanne, oare taal sprekke, 18slangen opkrije en ûnfetber wêze foar deadlik fergif, as se dat ynnimme; siken sille se de hannen oplizze en dy wurde dan better.
De himelfeart fan Jezus
19Nei’t de Hear dat tsjin harren sein hie, waard Er yn ’e himel opnommen en gong Er sitten oan Gods rjochterhân. 20En sij gongen derop út en ferkundigen oeral it bliid boadskip. De Hear holp harren en joech har wurd krêft troch de wûnders dy’t derop folgen.]
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap