De gelikenis fan de wyngerd en de hierders
1Doe begûn Er tsjin harren te sprekken yn gelikenissen. Der wie ris in man dy’t in wyngerd oanlei; hy sette der in hage omhinne, groef in parsekûle en boude in toer; doe ferhierde er dy wyngerd oan wynboeren en gong sels op reis. 2Doe’t it tiid wie, stjoerde er in saakwaarnimmer nei de wynboeren om syn part fan ’e opbringst fan ’e wyngerd fan harren yn te foarderjen. 3Mar se pakten dy man beet, turven him ôf en stjoerden him mei lege hannen werom. 4Wer stjoerde er in saakwaarnimmer nei harren ta. Ek dy joegen se in wân en stutsen se de gek oan. 5Wer stjoerde er in oarenien. Dy makken se dea. Sa gong it noch mei ferskaten, guon seamen se om, oaren sloegen se dea.
6No hied er noch mar ien oer, syn iennichste soan. Op it lêst stjoerde er dy nei harren ta, om’t er tocht: Myn soan sille se wol mije. 7Mar dy wynboeren seinen tsjin elkoar: Dat is de erfgenamt, kom, lit ús him deaslaan; dan sil it erfskip uzes wêze. 8Se pakten him oan, fermoarden him en smieten him bûten de wyngerd. 9Wat sil de eigner fan de wyngerd no dwaan? Hy sil sels komme, de wynboeren fan kant meitsje en de wyngerd oan oaren jaan. 10Hawwe jimme dit Skriftwurd net lêzen:
De stien dy’t de boulju weismieten,
dy is krekt de hoekstien wurden;
11fan de Hear kaam dy hoekstien
en dy is in wûnder yn ús eagen.
12Doe besochten se Him te fangen, mar se wienen bang fan it folk. Se begriepen ommers skoan, dat it ferhaal dat Er fertelde, op harren sloech. Dat se lieten Him gewurde en gongen fuort.
Belesting betelje oan de keizer?
13No stjoerden se in stikmannich Fariseeërs en Herodianen op Him ôf om Him op in wurd te fangen. 14Doe’t dy by Him wienen, seinen se: Master, wy witte, dat Jo rjochtút binne en om gjinien wat jouwe. Jo sjogge ommers de minsken net nei de eagen, mar leare yn alle oprjochtens de wei fan God. Hoe is ’t, mei men de keizer belesting betelje of net? Moatte wy dy jaan of net? 15Jezus murk har falskens wol en sei: Wat behifkje jimme My? Bring My in denaarje, dan sil Ik ris sjen. Se brochten ien. 16Hy frege harren: Wa syn byld en wa syn lêzen is dat? Se seinen: De keizer sines. 17Doe sei Jezus tsjin harren: Jou dan de keizer, wat de keizer sines is, en God, wat God sines is. Se seagen ferheard by Him op.
In fraach oer de ferrizenis
18Der kamen ris Sadduseeërs by Him, minsken dy’t sizze, dat der gjin ferrizenis bestiet, en dy fregen Him: 19Master, Mozes hat ús dit foarskreaun: As ien syn broer stjert en dy lit syn frou sûnder bern achter, dan moat de broer dy frou nimme en syn broer bern besoargje. 20No wienen der ris sân bruorren. De earste troude, mar liet by syn dea gjin bern achter. 21Doe troude de twadde mei de frou, mar hy stoar ek sûnder bern en mei de tredde gong it krektsa. 22Alle sân lieten se gjin bern nei en lêst fan allegearre stoar ek de frou. 23Fan wa sil dan by de ferrizenis út ’e dea [wannear’t se ferrize] de frou wêze?Want alle sân hawwe har as frou hân.
24Jezus sei tsjin harren: Dat jimme op ’e doele binne, komt dat net fan jimme ûnkunde? Jimme kenne de Skrift en de macht fan God net. 25Ommers, wannear’t de minsken út ’e dea ferrize, trouwe se dochs net en se wurde ek net úttroud, mar se binne dan as ingels yn ’e himel. 26Hawwe jimme oer de ferrizenis fan ’e deaden dan net lêzen yn it boek fan Mozes, yn it ferhaal fan ’e toarnbosk, hoe’t God tsjin Mozes sei: Ik bin de God fan Abraham, de God fan Izaäk en de God fan Jakob? 27Hy is gjin God fan deaden, mar fan libbenen. Jimme binne fier op ’e doele.
It grutte gebod
28Ien fan ’e wetlearaars, dy’t har striidpetear heard hie en ynseach dat Er harren it goede antwurd jûn hie, kaam derby en frege Him: Wat is it allerearste gebod? 29Jezus antwurde: It earste gebod is: Harkje Israel, de Hear ús God is de iennichste Hear. 30Do moatst de Hear dyn God leafhawwe mei dyn hiele hert, dyn hiele siel, dyn hiele ferstân, dyn hiele krêft. 31En it twadde gebod is ditte: Do moatst dyn neiste leafhawwe sast dysels leafhast. In gebod wichtiger as dizze twa is der net.
32De wetlearaar sei tsjin Him: Sa is it, Master; mei rjocht en reden seinen Jo: Hy is de iennichste en der is gjin oarenien as Hy. 33Him leafhawwe mei jins hiele hert, jins hiele ferstân, jins hiele krêft en jins neiste leafhawwe sa’t men jinsels leafhat is mear wurdich as alle brân- en fleisoffers. 34Doe’t Jezus fernaam, dat er mei ferstân antwurd joech, sei Er tsjin him: Jo binne net fier fan it Godsryk ôf. En gjinien doarst Him mear wat freegje.
Wat betsjut Soan fan David?
35By syn ûnderrjocht yn ’e timpel sei Jezus ris: Hoe kinne de wetlearaars sizze, dat de Kristus David syn soan is? 36Dreaun troch de hillige Geast, hat David ommers sels sein:
De Hear spriek ta myn Hear:
Sit oan myn rjochterhân,
oant Ik dyn fijannen ûnder dyn fuotten lein haw.
37As David sels Him Hear neamt, hoe kin Er dan syn soan wêze? Der wie gâns folk en se mochten Him graach hearre.
De oanklacht tsjin de wetlearaars
38By syn ûnderrjocht sei Er ek ris: Pas op foar de wetlearaars dy’t graach yn lange mantels omrinne en der graach oer meie op ’e merk groete te wurden, 39op ’e foarste stuollen te sitten yn ’e synagoge en op ’e eareplakken oan it gastmiel. 40Mar se slokke it hiele hawwen en hâlden fan de widdowen op en dogge sabeare lange gebeden. Har fonnis sil nammerste swierder wêze.
De sint fan ’e widdo
41Hy gong foar de offerkiste oer sitten en seach der mei stúdzje nei, hoe’t it folk koperjild yn ’e offerkiste smiet. Gâns rikelju dienen der in soad yn. 42Mar der kaam ek in earme widdo en dy smiet der twa healtsjes yn, dat is in sint. 43Jezus rôp doe syn learlingen en sei tsjin harren: Wier, Ik sis jimme: Dy earme widdo hat it measte fan allegearre yn ’e offerkiste dien. 44Want de oaren dienen der allegearre fan har oerfloed yn, mar sij hat der fan har earmoed yn dien, alles wat se hie, alles dêr’t se fan libje moast.