Trouwe en skiede
1Dêrwei reizge Er nei de kriten fan Judéa en dy oan ’e oare kant fan ’e Jordaan. Wer sette it folk op Him ta en Hy joech harren ûnderrjocht, sa’t Er dat wend wie. 2[Der kamen ek Fariseeërs opsetten.] Dy fregen Him: Mei in man syn frou fuortstjoere? Dat dienen se om Him te hifkjen. 3Hy antwurde harren: Wat hat Mozes jimme sein? 4Hja seinen: Mozes hat tastien in skiedelbrief te skriuwen en har dêrmei fuort te stjoeren. 5Hy sei lykwols tsjin harren: Om’t jim sa hurd binne, dêrom hat er dat sa opsteld, 6mar by it begjin fan ’e skepping hat God harren makke as man en as frou. 7Dêrom sil in man syn heit en mem ferlitte [en him bine oan in frou] 8en man en frou sille ien wurde. Sadwaande binne it net langer twa, se wurde ien. 9No dan, wat God gearfoege hat, dat sil de minske net skiede. 10Doe’t se wer thús wienen, fregen de learlingen Him deroer. 11Hy sei tsjin harren: Wa’t syn frou fuortstjoert en mei in oarenien trout, brekt foar har oer syn trou. 12En as sij har man ferlit en mei in oarenien trout, brekt sij har trou.
Jezus segenet de berntsjes
13Se brochten bern by Him mei it doel dat Hy se oanreitsje soe; mar de learlingen stegeren har ôf. 14Doe’t Jezus dat seach, waard Er lilk en sei tsjin harren: Lit de bern dochs by My komme en kear har net, want foar sokken is Gods ryk. 15Ja, dit sis Ik jimme: Wa’t it ryk fan God net oannimt as in bern, dy sil der grif net ynkomme. 16Hy sloech de earms om ’e bern hinne en lei harren segenjend de hannen op.
De rike man
17Doe’t Er fierder reizgje woe, kaam ien hurd op Him ta rinnen; hy gong op ’e knibbels foar Him lizzen en sei: Goede Master, wat moat ik dwaan om ivich libben te krijen? 18Jezus sei tsjin him: Wêrom neame jo My goed? Gjinien is goed as God allinne. 19De geboaden kenne jo wol: Net deaslaan, net troubrekke, net stelle, gjin falsk getugenis jaan, nimmen te koart dwaan, jimme heit en mem yn eare hâlde. 20Master, sei er, dêr haw ik my altyd oan hâlden fan jongs ôf oan. 21Doe seach Jezus him oan, mocht him wol lije en sei: Der mankeart by jo ien ding oan. Meitsje alles wat jo besitte, oan jild en jou dat oan ’e earmen. Dan sille jo in kaptaal yn ’e himel hawwe. Kom dan en folgje My! 22Mar by dy wurden beluts er en gong mismoedich fuort, want hy wie tige ryk.
23Jezus seach it hear ris oer en sei tsjin syn learlingen: Wat is it dochs in swier stik foar minsken mei jild om Gods ryk yn te kommen. 24De learlingen stienen ferheard fan syn wurden, mar Jezus sei nochris tsjin harren: Bern, hoe’n swier stik is it yn it Godsryk te kommen. 25Earder giet in kamiel troch it each fan in nuddel as dat in riken-ien Gods ryk ynkomt. 26Doe wienen se noch mear ferbjustere en hja seinen tsjin elkoar: Wa kin dan noch behâlden wurde? 27Jezus seach harren oan en sei: By minsken kin dat net, wol by God. By God is ommers alles mooglik!
28Dêr sei Petrus op: Sjoch, wy hawwe ús oeral los fan makke en binne Jo folge. 29Jezus sei: Ja, dit sis Ik jimme: Elkenien dy’t om My en om it evangeelje syn hûs opjout en syn bruorren, susters, mem, heit of lân, 30dy krijt it hûndert kear werom, no yn dizze tiid oan huzen, bruorren, susters, memmen, bern en lân, al is it mei ferfolgings, en yn ’e kommende tiid ivich libben. 31Hiel wat earsten sille lêst wêze en lêsten earst.
Jezus foarseit foar de tredde kear syn dea en ferrizenis
32Hja wienen ûnderweis, op Jeruzalem oan. Jezus rûn foar harren út.De learlingen wienen tige ferheard en ek de minsken dy’t Him folgen, wienen bang. Jezus naam de tolve wer fansiden en begûn mei har te praten oer de dingen dy’t Him oerkomme soenen. 33Hy sei: Wy geane no nei Jeruzalem; dêr sil de Minskesoan útlevere wurde oan ’e hegeprysters en de wetlearaars: se sille Him feroardielje ta de dea en oerleverje oan ’e heidens. 34Dy sille Him húnje, spuie, giselje en deameitsje, mar mei trije dagen sil Er ferrize.
It fersyk fan Jakobus en Johannes
35Jakobus en Johannes, de soannen fan Sebedéus, gongen nei Him ta en seinen: Master, wy woenen graach, dat Jo foar ús dienen, wat wy Jo freegje. 36Jezus sei tsjin harren: Wat wolle jimme dan, dat Ik foar jimme doch? 37Hja seinen: Meitsje, dat yn jo hearlikheid ien fan ús rjochts fan Jo komt te sitten en de oare links. 38Mar Jezus sei tsjin harren: Jim witte net, wat jim freegje. Kinne jimme de lijensbeker drinke, dy’t Ik drink, en de doop ûndergean, dy’t My te wachtsjen stiet? 39Hja seinen: Jawis, dat kinne wy. Mar Jezus sei tsjin harren: De beker dy’t Ik drink, sille jimme drinke en de doop dy’t My te wachtsjen stiet, sille jimme ûndergean, 40mar dat sitten rjochts en links fan My, dat haw Ik net foar it sizzen, dat is foar wa’t it ornearre is.
41Doe’t de tsien oaren dat hearden, namen se dat Jakobus en Johannes kwea ôf. 42Jezus rôp harren by Him en sei: Jimme witte, dat de lju dy’t jilde as lieders fan ’e folken de baas oer har spylje en dat har hege hearen harren dêrûnder hâlde. 43Mar sa is it by jimme net: dy’t by jimme grut wêze wol, dy moat tsjinje, 44en dy’t by jimme de earste wêze wol, dy moat foar elkenien ree stean. 45De Minskesoan is ommers net kommen om betsjinne te wurden, mar om te tsjinjen en syn libben te jaan as lospriis foar gâns minsken.
Bline Bartiméus wurdt better makke
46Hja kamen yn Jericho. Doe’t Jezus mei syn learlingen en in bulte folk wer út Jericho weigong, siet dêr oan it paad Bartiméus, Timéus syn soan, in bline bidler. 47Doe’t dy hearde, dat it Jezus de Nazarener wie, begûn er te roppen: Soan fan David, Jezus, haw meilijen mei my. 48Mannichien snaude him ta, dat er him stil hâlde moast, mar hy rôp noch folle lûder: Soan fan David, haw meilijen mei my. 49Jezus bleau stean en sei: Rop him hjir ris hinne. Se rôpen de bline en seinen: Hâld moed, kom oerein, Hy ropt dy. 50De man smiet syn mantel ôf, sprong oerein en rûn op Jezus ta. 51Jezus frege him: Wat wolle jo dat ik foar jo doch? De bline sei tsjin Him: Goede Master, lit my wer sjen. 52Jezus sei tsjin him: Goed, jo fertrouwen hat jo rêden. Op slach koed er wer sjen en hy folge Him op syn reis.