Klacht fan ’e profeet
1Wee my, want it is my te moede,
as wannear’t de simmerfigen ynhelle binne
en de neipluk fan ’e druvehôven dien is:
dan is der gjin drúf mear te finen,
gjin ierripe fiich, dêr’t ik sa’n sin oan hie.
2Fromme lju binne der net mear yn it lân,
oprjocht is langer gjinien ûnder de minsken;
allegearre wolle se bloed sjen,
elk sit achter syn meiminske oan.
3De amtners dogge ûndersyk nei it kwea
mei beide hannen klear om goede jeften op te heinen;
de rjochters, de foarname lju,
dogge útspraak sa’t harsels it bêst útkomt,
en litte har der goed foar betelje.
4De bêsten fan harren litte it ferdjer wreidzje as in stikelpôle,
de meast oprjochten binne noch slimmer as in toarnehage.
De dei dêr’t dyn bestruners op longeren,
dyn ôfstraffing, komt;
dan rekkesto der foargoed mei oan.
5Fertrou gjin buorman,
rekkenje net op in freon,
tink ek om dyn wurden by de frou dy’t dy oankrûpt.
6Want soannen ferachtsje de heit,
dochters sette it tsjin har mem yn ’e kant,
skoandochters tsjin har skoanmem;
jins eigen húsgenoaten binne jins fijannen.
7Nee, ik, ik sjoch út nei de Heare,
ik wachtsje op ’e God dy’t my helpt:
myn God sil my hearre.
De kommende ferlossing
8Meitsje dy net bliid om my, fijandinne:
al bin ik fallen, ik kom wer oerein;
al sit ik yn ’t tsjuster, de Heare is myn ljocht.
9De grammoedichheid fan de Heare sil ik drage
– ik haw ommers tsjin Him sûndige – oant Hy it foar my opnimt
en my rjocht docht.
Hy sil my derút helje yn it ljocht
en ik sil belibje, dat Hy my oan myn rjocht helpt.
10As myn fijandinne dat sjocht,
wit se fan skamte net, wêr’t se krûpe sil;
hja dy’t tsjin my sei:
‘Wêr bliuwt no de Heare, dy God fan dij?’
Myn eagen sille mei nocht op har delsjen,
as se ferwâde wurdt as it slyk op ’e strjitten.
Unheil foar de Assyriërs
11Der komt in tiid datst dyn festingwallen fersterkje moatst,
in tiid fan ûnheil, in tiid dat it rjocht fier te sykjen is.
12Dan sil de rover op dy tasetten komme
om Assyrië en syn sterke stêden te ferpartsjen,
rots sa goed as rivier,
alle wjitteringen en alle bergen.
13It lân sil in woestenij wurde fanwegen syn bewenners,
as lean foar har wurken.
Gebed om ferlossing
14Weidzje jo folk mei jo stêf,
de keppel dy’t jo eigendom is;
lit dy beskûl fine yn ’e bosken op ’e Karmel;
lit se weidzje yn Bazan en Gileäd lykas by âlds.
15Lit ús jo wûnders wer sjen lykas yn ’e dagen dat Jo yn Egypte fanwegen kamen.
16As de heidenfolken dat sjogge,
sille se beskamme stean mei al har macht;
se sille gjin wurd mear útbringe kinne
en mei dovens slein wêze.
17Se sille yn it stof omslikje as in slange,
as it bisteguod dat op ’e grûn omkrûpt.
Se sille yn har hoalen sitte te beevjen [foar de Heare ús God,]
bang en benaud foar Jo.
Lofliet op Gods goedgeunstichheid.
18Wa is in God lykas Jo, dy’t skuld ferjout
en de misslaggen oersljochtet fan ’e neiteam fan jo eigen folk;
dy’t net altyd by syn grime bliuwt,
mar Wa’t it in nocht is om genedich te wêzen,
19in God, dy’t op ’e nij barmhertich foar ús wêze sil
en ús ûngerjochtichheden fynwâdzje?
Al ús sûnden sille Jo yn ’e djipste djipte fan ’e see smite.
20Bewiis trou oan Jakob
en wês Abraham genedich,
sa’t Jo ús foarfaars sward hawwe yn âlde tiden.