Gods oanklacht
1Harkje dochs nei wat de Heare te sizzen hat.
Oerein, bring dyn saak foar tsjin ’e bergen,
dat de hichten dyn lûd hearre.
2Harkje, jimme bergen, nei de oanklacht fan de Heare,
nei syn fonnis, jimme, fûneminten fan ’e ierde,
want de Heare hat in oanklacht tsjin syn folk,
Hy wol mei Israel yn ’e pleit.
3Myn folk, wat haw Ik dy oandien?
Wêr haw Ik dy mei ôfmêde? Sis it My!
4Ik haw dy ommers út Egypte weihelle
en dy út it slavehûs ferlost.
Ik haw Mozes foar dy útstjoerd
en Aäron en Mirjam.
5Myn folk, ferjit dochs net wat Balak,
de kening fan Moäb, fan doel wie,
wat Bileäm, de soan fan Beör,
him as antwurd joech;
(en hoe’t it gien is) fan Sjittim ôf oan Gilgal ta!
Dan silst ynsjen,
dat de Heare yn syn rjocht stiet.
Fraach fan it folk
6Wêr sil ik mei foar de Heare ferskine,
my bûge foar God yn ’e himel?
Sil ik mei brânoffers foar Him ferskine
of mei interrierren?
7Soe de Heare bliid wêze mei tûzenen rammen,
mei it útstreame litten fan tsientûzenen oalje-offers?
Moat ik myn earstlingssoan jaan foar myn misslach,
myn bloedeigen bern foar de sûnde dy’t ik bedreaun haw?
It antwurd fan ’e profeet
8Der is dy klear te witten dien,
minske, wat goed is
en wat de Heare fan dy wol:
rjocht dwaan, de trou heechhâlde
en mei ferstân dyn wei gean mei dyn God!
Sûnde en oardiel
9De stim fan de Heare ropt de stêd ta
– en it is wiis ûntsach te hawwen foar jo namme –
jimme dy’t it rjocht skeine en al mar op roof út binne:
10Soe Ik sa’n falske jellen ferjitte
en dy ferflokte lytse nôtmjitte?
11Soe Ik ien [út it skaai fan ’e ferkearden] frijsprekke,
ien mei ûndogenske skealjes
en mei in ponge fol falske gewichten?
12Wier, de rikelju yn ’e stêd sitte fol fan macht en geweld,
de ynwenners lige mar ta:
wat har út ’e mûle komt is ien stik bedroch.
13Dêrom sil Ik dij dan ek oanpakke,
ferwoesting oer dy bringe fanwegen dyn sûnden:
14Do silst ite, mar net sêd wurde.
[It sied út dyn lichem datst kwyt rekkest,
silst gjin bern mei op ’e wrâld sette;
en wat noch al ta libben komt, sil Ik oan it swurd oerjaan.]
15Do silst siedzje, mar neat ynhelje,
do silst oliven traapje, mar dij net mei oalje salvje,
druven traapje, mar der gjin wyn fan drinke.
16De ôfgoaden fan Omry sille mei de flok slein wurde
en alles wat it hûs fan Achab makke hat.
[Jimme binne de wei gien, dy’t sij jim wiisden.]
Ik meitsje, dat se fan dy grize
en dat de bewenners fan ’e stêd foar spot komme te stean,
[ja, jim sille de skande fan myn folk drage.]