1Mar do, Betlehem yn Efrata,
sa lyts asto biste ûnder de geslachten fan Juda,
út dij sil foar My ien komme,
dy’t hearsker oer Israel wêze sil;
syn komôf leit yn in fier ferline, de dagen fan alear.
2Dêrom lit Er harren oan har lot oer oan ’e tiid ta, dat de bernjende frou har bern krige hat;
dan komme syn oare bruorren wer by it folk fan Israel werom.
3Dan sil hy ferskine en harren hoedzje troch de krêft fan de Heare,
yn ’e romrofte Majesteit fan syn God, de Heare.
Dan kinne se har feilich deljaan,
want dan hat hy it te sizzen oan ’e einen fan ’e ierde ta.
De tsjinstanners oer de kening
4Nee, dizze kening fan ús komt neat oer:
As Assyrië ús lân ynfalt en ús stinzen ynkringt,
dan sette wy sân hoeders foar him oer,
ja acht foarsten út ’e folken.
5Dy sille Assyrië mei it swurd ôfweidzje,
it lân fan Nimrod mei it bleate wapen;
sa sil hy ús fan de Assyriërs befrije,
sa sil ús kening ús fan de Assyriërs befrije,
wannear’t dy ús lân ynfalt
en ús gerjochtichheid ynkringt.
Micha oer de takomst fan Gods folk
6De neiteam fan Jakob sil ûnder alle naasjes wêze as dauwe dy’t fan de Heare komt,
as reindrippen op gers dat syn hoop net op ’e minske sette
en it net fan minskebern ferwachtsje kin.
De tsjinstanners oer de takomst fan Gods folk en it lot fan ’e heidenfolken
7Nee, de neiteam fan Jakob sil ûnder de oare folken
en tusken alle naasjes wêze
as in liuw ûnder fee op it wyldlân
of as in jonge liuw tusken keppels skiep;
as er der trochhinne stoot, fertrapet
en ferskuort er dy
en gjinien kin der wat oan dwaan.
8Underhelje de hân tsjin dyn fijannen,
dat al dyn tsjinstanners út ’e wei reage wurde!
9Dy deis giet it sa – is de godsspraak fan de Heare –
Ik reagje alle hynders dyst hast,
út ’e wei
en dyn weinen ferniel Ik.
10Ik reagje de stêden fan dyn lân út ’e wei
en brek alle festingen ôf.
11Ik reagje dy alle tsjoenderijen út ’e hân
en mei dyn wiersizzers is it ôfrûn.
12Ik reagje al dyn ôfgodsbylden út ’e wei
en alle wijde pylders dyst derop nei hâldst;
en do silst dy net langer yn oanbidding bûge
foar wat dyn eigen hannen makke hawwe.
13Ik skuor de wijde peallen dyst derop nei hâldst, derút
en Ik ferrinnewearje dyn timpelhôven.
14Ja, yn grime en yn grammoedichheid nim Ik wraak,
sa’t sij – de heidenfolken – noch noait heard hawwe.