Tsjin amtners dy’t it folk strûpe
1Mar ik sei:
Harkje dochs, liedslju fan Jakob
en foarmannen fan it folk fan Israel.
Hearden jim net te witten wat rjocht is?
2Jimme hawwe in ôfgriis fan it goede
en binne begien op it kwea!
Jimme helje myn folk it fel oer de nekke
en strûpe har it fleis fan ’e bonken;
3jimme ite har it fleis fan it liif [en strûpe har]
en brekke har de bonken,
snije dat fleis yn moaten as wie ’t foar potiten
en as lappen yn ’e fleispanne.
4Mar as jim de Heare oanroppe,
sil Er jim gjin antwurd jaan;
op dat stuit sil Er Him fan jim ôfkeare,
sa slim is it, wat jim dien hawwe.
Oer de falske profeten
5Dit hat de Heare te sizzen oer de profeten dy’t myn folk op ’e doele bringe:
Salang’t har tosken wat te biten hawwe, roppe se fan frede,
mar wa’t net jout wat se freegje, dy sizze se de oarloch oan.
6Wis, it wurdt nacht foar jimme sûnder ien inkeld fizioen,
tsjusternis sûnder foarsizzing.
De sinne sil foar dy profeten ûndergean
en de dei sil tsjuster foar harren wurde.
7De sjenners sille te skande set wurde
en de foarsizzers der mei skamte foarwei komme;
se stean allegearre mei de mûle fol tosken,
om’t der gjin antwurd fan boppen komt.
8Ik lykwols ha troch de Geast fan de Heare
de krêft, it oardiel en de moed yn my
om Jakob syn misslaggen ûnder eagen te bringen
en Israel syn sûnde.
Tsjin ’e hegerein
9Harkje hjir dochs nei, jimme liedslju fan it folk fan Jakob
en foarmannen fan it folk fan Israel;
dy’t in ôfgriis hawwe fan ’e gerjochtichheid,
en al wat rjocht is ferdraaie.
10Sion is tige bedreaun yn bloedferjitten,
Jeruzalem yn misdied.
11Syn liedslju litte har omkeapje, as se rjochtsprekke moatte;
syn prysters jouwe wetsûnderrjocht om dêroan te fertsjinjen,
syn profeten foarsizze foar jild;
en dan beroppe se har ek noch op de Heare en sizze:
‘Der sil ús gjin ûnheil oerkomme!
De Heare is ommers yn ús fermidden.’
12Dêrom, troch jimme skuld sil Sion omploege wurde ta iepen fjild
en sil Jeruzalem in púnheap wurde,
de timpelberch ferfalle oan it fee fan ’e wyldernis.