Mattéus 3
It boadskip fan Johannes de Doper
1Om dy tiid kaam Johannes de Doper yn ’e woestyn mei syn boadskip nei foaren. 2Dat boadskip wie: Bekear jimme: it himelske ryk is tichteby kommen! 3Wat profeet Jesaja sein hat, slacht ommers op Johannes:
Der is ien yn ’e woestyn, dy ropt:
Meitsje de wei foar de Hear ree,
meitsje rjochte paden foar Him.
4Johannes hie klean fan kamielehier oan, in learene gurle om ’e mul en hy iet sprinkhoannen en wylde hunich. 5Jeruzalem en hiele Judéa en ek de Jordaankrite setten doe op him ta. 6Hja waarden troch him doopt yn ’e Jordaan, wylst se dêrby har sûnden belieden. 7Doe’t er lykwols mannich Fariseeër en Sadduseeër kommen seach om doopt te wurden, sei er: Njirrebrod, wa hat jimme de wink jûn om de kommende grime te ûntrinnen? 8Kom mar ris mei fruchten dy’t mei de bekearing stroke, 9en tink net by jimsels: Wy hawwe Abraham as heit, want ik sis jimme: God kin út dizze stiennen hjir wol bern foar Abraham komme litte. 10It is al sa fier hinne, dat de bile op ’e woartel fan ’e beammen set is. Alle beammen dy’t gjin goede frucht jouwe, wurde omkapt en yn ’t fjoer smiten. 11Ik doop jimme mei wetter om sjen te litten, dat jim jim bekeare, mar nei my komt Ien dy’t sterker is as ik. Ik bin net iens wurdich Him syn sandalen te bringen. Hy sil jimme dope mei hillige Geast en fjoer. 12De wanne hat Er al yn ’e hân om syn nôt te suverjen. It sied bringt Er byinoar yn ’e skuorre en it tsjêf sil Er ferbaarne yn in fjoer dat net út te krijen is.
De doop fan Jezus
13Doe kaam Jezus út Galiléa wei by Johannes oan ’e Jordaan om troch him doopt te wurden. 14Johannes woe Him keare en sei: Ik soe troch Jo doopt wurde moatte en no komme Jo by mij? 15Jezus antwurde him: Lit my no mar gewurde. Sa dogge wy op ’en bêsten, wat God wol. Doe die Johannes, wat Jezus woe. 16Sa gau’t Jezus doopt wie, kaam Er út it wetter wei. En sjoch, de himel skuorde iepen en Jezus seach Gods Geast as in do op Him delstriken. 17En fan boppen klonk in stim: Dit is myn Soan, myn ynleave Jonge, dêr’t Ik sa wiis mei bin.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap