De grutste yn it keninkryk
1Yn dy tiid kamen de learlingen by Jezus en seinen: En wa is no de grutste yn it himelske ryk? 2Doe rôp Er in lytse beuker by Him, sette dy midden tusken harren yn 3en sei: Ik sis jim, as jimme jim net feroarje en net as sokke bern wurde, sille jimme it himelske ryk net yn komme. 4Dêrom, dy’t himsels lyts achtet as dit bern, dy sil de grutste wêze yn it himelske ryk. 5En dy’t ien sa’n beuker opnimt om My, nimt My op.
Ferlieding ta sûnde
6Dy’t ien fan dizze lytsen dy’t op My fertrouwe, oan it wifkjen bringt, foar him soe it better wêze, dat er mar in mûnestien om ’e nekke krige en yn it djippe fan ’e mar ferdronken waard. 7Wee de wrâld mei syn stroffelstiennen. Wis, se moatte der wêze, de stiennen dêr’t men oer stroffelt. Mar ûngelokkich de man dy’t se delleit. 8As der gefaar is, datst troch dyn hân of troch dyn foet komst te fallen, kapje him ôf en smyt him fuort. It is better foar dy ûngelokkich of kreupel it libben yn te gean as mei twa hannen en twa fuotten yn it ivige fjoer smiten te wurden. 9En as der gefaar is, datst troch dyn each komst te fallen, lûk it út en smyt it fuort. It is better foar dy om mei ien each it libben yn te gean as mei twa eagen yn ’e fjoerhel smiten te wurden.
De gelikenis fan it ferlerne skiep
10Tink derom, lis net ien fan dizze lytsen leech, want Ik sis jimme: har beskermingels steane altiten klear foar myn himelske Heit. 11[De Minskesoan is ommers kommen om te rêden wat ferlern wie.] 12Wat tinkt jimme? As men hûndert skiep hat en der rekket ien by de keppel wei, sil men dan net de njoggenennjoggentich oare yn de bergen achterlitte en derop út gean om it ferdwaalde skiep op te sykjen? 13En as men it fynt, ja Ik sis jimme, dan is men der blider mei as mei de njoggenennjoggentich dy’t net ferdwaald wienen. 14Sa wol ek jimme himelske Heit net, dat ien fan dizze lytsen ferlern giet.
In broer dy’t ferkeard docht
15As jo broer ferkeard docht, gean dan hinne en jou him in warskôging ûnder fjouwer eagen. Wol er nei jo harkje, dan hawwe jo jo broer wûn. 16Wol er net nei jo harkje, nim der dan ien of twa lju by, dat alles wat sein wurdt, troch it getugenis fan dy twa of trije fêst komt te stean. 17As er ek net nei harren harkje wol, lis it dan de mienskip fan ’e leauwigen foar. En as er dêr net nei harket, behannelje him dan as in heiden of in tolgarder. 18Ja, Ik sis jim: As jimme hjir op ’e wrâld de tagong ta Gods ryk ferbiede, dan jildt dat ek by God; jouwe jimme hjir op ’e wrâld de tagong frij, dan jildt dat ek by God.
19Nochris sis Ik jimme: As twa fan jimme it hjir op ’e wrâld iens binne oer wat se freegje sille – wat it ek wêze mei – dan sille se dat fêst fan myn himelske Heit ek krije. 20Want dêr’t twa of trije yn myn namme byinoar binne, bin Ik yn har fermidden.
De gelikenis fan ’e man dy’t net ferjaan woe
21Doe kaam Petrus nei foaren en frege Him: Hear, hoe faak moat ik myn broer ferjaan, as er my iderkear wer ûnrjocht oandocht? Oan sân kear ta? 22Jezus sei tsjin him: Ik sis net: oan sân kear ta, mar oan santich kear sân ta. 23It sit sa: yn it himelske ryk giet it as by in kening dy’t woe, dat syn skuldners mei him ôfrekkenen. 24Hy wie noch mar krekt begûn, of der waard ien by him brocht, dy’t foar tsientûzen talinten by him yn ’t kryt stie. 25Omdat dy man net betelje koe, joech de foarst oarder him te ferkeapjen mei frou en bern en al wat er hie. Sa koe it dan lykmakke wurde. 26Mar de man foel op ’e knibbels en smeekte: Sjoch it nochris mei my oan en ik sil jo alles betelje. 27Doe begrutte it de foarst sa, dat hy liet him frij en skonk him syn skuld. 28Krekt doe’t dy man nei bûten gong, trof er in lotgenoat, dy’t mar foar hûndert gûne by him yn ’e skuld stie. Hy pakte dy man oan, kniep him de kiel ticht en sei: Betelje wat ’k fan dy hawwe moat. 29Doe foel dy oare foar him op ’e knibbels en smeekte: Sjoch it nochris mei my oan en ik sil dy alles betelje. 30Mar hy woe der neat fan witte, gong fuort en liet him fêstsette, oant er de skuld betelle hie. 31Doe’t de oaren fernamen, hoe’t it gefal him tadroegen hie, wienen se der tige min oer te sprekken. Se gongen nei de foarst ta en brochten him fan de hiele tadracht op ’e hichte. 32Doe liet de foarst de man by him komme en sei: Skoelje datst biste, ik haw dij dy grouwe skuld skonken, doest der my om smeekt hast. 33Hiesto dan ek gjin meilijen hawwe moatten mei dyn gelikens, sa’t ik it mei dy hie? 34De foarst wie sa breinroer, dat hy liet him ôfrânselje, oant er de hiele skuld betelle hie. 35Sa sil myn himelske Heit mei elk fan jimme dwaan, as jimme jim broer net fan herten ferjouwe.