De gelikenis fan ’e siedder
1Yn ’e rin fan dy dei gong Jezus de doar út en socht in sit op ’e marswâl. 2Doe kaam der safolle folk om Him hinne te stean, dat Hy stapte yn in boat. En wylst Er dêryn siet en al it folk op ’e marswâl stie, 3learde Er harren gâns troch gelikenissen. Hy fertelde: Der gong ris in siedder te siedzjen. 4No foel by it siedzjen in part fan it sie oer it paad. De fûgels kamen en pikten it op. 5In oar part kaam op ’e rotsgrûn telâne. Dêr hie it mar in tin laachje ierde. En omdat it gjin djipte hie, skeat it al gau op. 6Mar doe’t de sinne heger stie, ferskroeide en ferdroege it, want it koe gjin woartel sette. 7Wer in oar part foel yn ’e stikels, en doe’t dy opskeaten, smoarde it dêryn. 8Dan wie der noch in part dat yn goede ierde foel. Dat smiet oan frucht hûndert, sechstich of tritich kear safolle op as oars. 9Dy’t earen hat, moat se brûke.
It doel fan ’e gelikenissen
10De learlingen kamen by Him en seinen: Wêrom brûke Jo gelikenissen yn jo taspraken? 11Hy antwurde: Foar jimme is it weilein de mystearjes fan it himelske ryk te ferstean, mar foar harren net. 12Elk dy’t wat hat, sil derby krije, mear as genôch, mar ien dy’t neat hat, sil ek noch ôfnommen wurde, wat er hat. 13Dat Ik by harren gelikenissen brûk, is dêrom, dat se wol sjen sille, mar net ta ynsjoch komme en wol hearre, mar net opnimme en ferstean. 14Sa komt by harren út, wat profeet Jesaja sein hat:
Jimme sille hearre en dochs net ferstean,
jimme sille sjen en dochs net ta ynsjoch komme.
15Want it hert fan dizze lju is ferhurde,
har earen sitte ferstoppe
en de eagen hâlde se ticht.
Sa bang binne se, dat se noch ris mei de eagen sjen,
mei de earen hearre soenen,
mei it hert begripe, ta ynkear komme,
en dat Ik har dan better meitsje sil.
16Mar wat in gelok, dat jimme eagen sjen en jimme earen hearre kinne. 17Ik sis jimme: Gâns profeten en hillige minsken hienen graach sjen wollen, wat jimme sjogge, mar se hawwe it net sjoen; se hienen graach hearre wollen, wat jimme hearre, mar se hawwe it net heard.
De gelikenis fan ’e siedder wurdt útlein
18Harkje jimme dan ek goed nei de gelikenis fan ’e siedder. 19As ien it boadskip fan it keninkryk al heart, mar it net ferstiet, dan komt de satan. Dy pikt op, wat yn it hert siedde is. Dat is bedoeld mei it sie dat oer it paad struid is. 20It sie dat op ’e rotsgrûn siedde is: dêr is de man mei bedoeld dy’t it wurd wol heart en it tige bliid oannimt, 21mar hy hat gjin woartel en libbet by de dei. Sa gau’t er om it wurd yn swierrichheid komt of ferfolge wurdt, giet er der samar foar omlizzen. 22It sie dat yn ’e stikels siedde is: dêr is de man mei bedoeld dy’t nei it wurd heart, mar dat wurdt smoard yn ’e soargen fan dizze wrâld en de betsjoening fan ’e rykdom. It set gjin frucht. 23No it sie dat yn goede ierde telâne komt: dêr is de man mei bedoeld dy’t it wurd heart en ferstiet. By him set it wol frucht en hy makket soms hûndert, soms sechstich en soms tritich kear safolle as oars.
De gelikenis fan ’e wylde en goede weet
24Noch in gelikenis fertelde Er harren: It is mei it himelske ryk as mei in man dy’t goed sie yn syn bou siedde hie. 25Doe’t alleman te sliepen lei, kaam syn fijân en siedde wylde weet tusken de goede. Doe makke er dat er fuort kaam. 26It gewaaks skeat op en sette frucht, mar doe die bliken, dat der ek wylde weet yn siet. 27De arbeiders gongen nei de boer ta en seinen tsjin him: Boer, jo hawwe dochs goed sie yn ’e bou siedde, n’twier? Wêr kin dy wylde weet dan weikomme? 28Hy sei tsjin harren: Dat is it wurk fan in fijân. De arbeiders fregen him: Wolle jo, dat wy de bou opgeane en de wylde weet der úthelje? 29Nee, sei er, jim soenen ris tagelyk de goede útlûke kinne. 30Lit it mar mei-inoar opgroeie oan ’e rispinge ta. As it sa fier is, dan sis ik tsjin ’e sichters: Fandelje earst de wylde weet byinoar. Byn it oan bosken en brân it op. En dan bringe jim de goede weet yn ’e skuorre.
De gelikenis fan it mostersie en it soerdaai
31Noch in gelikenis fertelde Er harren: It is mei it himelske ryk as mei in mostersiedsje dat men yn ’e tún sieddet. 32It is it fynste fan alle sie, mar as it ienkear opsjit, wurdt it grutter as alle oare krûden. It wurdt sa’n hege strûk, dat de fûgels kinne har nêsten yn ’e tûken bouwe. 33Ek dizze gelikenis fertelde Er harren: It is mei it himelske ryk as mei soerdaai dat in frou troch trije mjitten moal mingt, sa lang oant alles suorre is.
It brûken fan gelikenissen
34Dat fertelde Jezus it folk allegearre yn gelikenissen, en hy die it der noait sûnder. 35Sa moast útkomme wat de profeet sein hat:
Ik sil myn mûle iependwaan om gelikenissen út te sprekken,
wat fan wrâlds begjin ôf oan ferburgen wie, sil Ik ta utering bringe.
De gelikenis fan ’e wylde weet wurdt útlein
36Doe liet Er it folk fuortgean en gong yn ’e hûs. De learlingen kamen by Him en seinen: Meitsje ús dy gelikenis fan de wylde weet op ’e bou ris dúdlik. 37Jezus antwurde: Dy’t it goede sie ynsieddet, is de Minskesoan. 38It boulân is de wrâld. It goede sie is it folk fan it Godsryk. De wylde weet is it folk fan de kweade. 39De fijân dy’t kaam te siedzjen, is de duvel sels. De rispinge is de ein fan ’e wrâld. De sichters binne de ingels. 40Want sa’t de wylde weet byinoar fandele en yn ’t fjoer ferbrând wurdt, sa sil it by de ein fan ’e wrâld om en ta gean. 41De Minskesoan sil syn ingels derop útstjoere en dy helje yn it keninkryk alle ferlieders en sûnders op. 42Dy smite se yn it lôgjende fjoer. Dêr sil gûld wurde en op ’e tosken knarst! 43Dan sille Gods bern strielje as de sinne yn it ryk fan har Heit. Dy’t earen hat, moat se brûke.
Trije gelikenissen: dy fan de skat, de pearel en fan it net
44It is mei it himelske ryk as mei in skat dy’t yn in stik lân ferburgen lei. De man dy’t him fûn, bedobbe him wer. Hy wie der tige mei op ’t snjit, ferkocht earst alles wat er hie, en doe kocht er dat stik lân.
45It is mei it himelske ryk ek as mei in keapman, dy’t op syk wie nei moaie pearels. 46Doe’t er in hiele kostbere pearel fûn hie, gong er nei hûs, ferkocht alles wat er hie, en kocht doe dy pearel. 47Ek is it mei it himelske ryk as mei in net dat yn ’e see útbrocht is en dêr’t allerhanne fisken yn fongen wurde. 48As it fol is, slepe se it op ’e wâl. Se geane derby sitten en dogge de goede fisk yn kuorren, mar wat net doocht, smite se fuort. 49Sa sil it ek gean, as it mei de wrâld op in ein rint. De ingels geane derop út, skiftsje de ferkearden út de goeden wei 50en smite har yn it lôgjende fjoer. Dêr sil gûld wurde en op ’e tosken knarst.
Nije en âlde skatten
51Hawwe jimme dat allegearre begrepen? Ja, seinen se. 52Doe sei Er tsjin harren: Dêrom is elke skriftgelearde dy’t op ’e hichte is fan it himelske ryk, as in húsfaar dy’t út ’e romte tart en nij en âld foar ’t ljocht bringt.
It ôfwizen fan Jezus te Nazaret
53Doe’t Jezus dy gelikenissen allegearre ferteld hie, gong Er fuort. 54Hy kaam yn syn berteplak en joech ûnderrjocht yn ’e synagoge dêre, en wol sa, dat de lju harken der tige nij fan op en seinen: Wêr hat Er dy wysheid en wûnderkrêft wei? 55Is it net de timmerman syn soan? Hjit syn mem net Maria en binne syn bruorren net Jakobus, Joazef, Simon en Judas? 56Wenje syn susters net allegearre tichteby ús? Wêr hat Er dat dan allegearre wei? 57Se hienen argewaasje fan Him. Mar Jezus sei tsjin harren: In profeet leechlizze, dat dogge se allinne yn syn berteplak en yn syn eigen fermidden. 58Hy die dêr dan ek net folle wûnders; it leauwen wie der by harren net by.