Opdracht oan Teófilus
1Hiel wat skriuwers hawwe al besocht om in ferhaal op te meitsjen oer de dingen dy’t by ús bard binne. 2Se hawwe dy dingen opskreaun, sa’t dy ús oerbrocht binne troch harren dy’t dêr fan begjin ôf oan sels by west hawwe en betsjinners fan it evangeelje wurden binne. 3Dêrom haw ik ek besletten, Eale Hear Teófilus, om alles oarderlik foar jo op te skriuwen, nei’t ik it hiele ferrin fan foaren ôf oan sekuer neigien haw. 4Ik doch dat om jo sjen te litten, hoe wis as de lear is, dêr’t jo yn ûnderrjochte binne.
De berte fan Johannes de Doper foarsein
5Yn ’e dagen fan Herodes, kening fan Judéa, libbe der in pryster dy’t Sacharias hiet, út ’e klasse fan Abía. Hy hie in frou dy’t fan Aäron ôfstamme; har namme wie Elisabet. 6It wienen beide bêste fromme lju en se hâlden har oan alle foarskriften en geboaden fan God; der foel neat op te sizzen. 7Bern hienen se net, want Elisabet wie ûnfruchtber. Beide wienen al op jierren.
8Doe’t it no oan ’e klasse dêr’t Sacharias by hearde, ta wie en hy de hillige prystertsjinst mei waarnaam, 9en doe’t de prysters der neffens wenst om lotten, wa’t it hillichdom fan de Hear yngean en it wijreekoffer bringe soe, foel it lot op him. 10Doe’t it de tiid foar it wijreekoffer wie, stie al it folk bûtendoar te bidden.
11Doe ferskynde him in ingel fan de Hear; dy stie rjochts fan it wijreekalter. 12Mei’t Sacharias him seach, rekke er fan ’e wize en waard bang. 13Mar de ingel sei tsjin him: Wês net bang, Sacharias, want jo bidden is ferheard. Jo frou Elisabet sil in soan krije en jo moatte him de namme Johannes jaan. 14Jo sille bliid wêze en jubelje en syn berte sil ek in bulte oare minsken bliid meitsje. 15Hy sil grut wêze yn Gods eagen, wyn en sterke drank sil er nea net drinke en hy sil fol fan hillige Geast wurde al fan lyts ôf oan. 16Gâns Israeliten sil er by God, har Hear, werombringe. 17Hy sil foar Him út gean mei de geast en de krêft fan Elía om oan ’e bern wer de geast fan har foarâlden te jaan, oan ’e dôfhûdigen de ferstannichheid fan ’e frommen, om sa foar de Hear in goed tarist folk te foarmjen.
18Sacharias sei tsjin de ingel: Wêr sil ik dat oan witte? Ik bin ommers in âld man en myn frou is al op jierren. 19De ingel antwurde him: Ik bin Gabriël, ik stean yn Gods bywêzen, ik bin útstjoerd om jo dit blide nijs te bringen. 20No dan, oan ’e dei ta dat it sa komt, sille jo stil wêze en net prate kinne, omdat jo myn wurden net leaud hawwe, dy’t dochs allegear op har tiid útkomme sille. 21It folk stie mar op Sacharias te wachtsjen. Se fernuveren har deroer, dat er sa lang yn it hillichdom bleau. 22Doe’t er derút kaam, koed er net mei harren prate. Se begriepen, dat er yn it hillichdom in ferskining hân hie. Hy joech harren tekens mei de holle, mar bleau stom.
23Doe’t de dagen fan syn tsjinst om wienen, gong er nei hûs. 24Dêrnei waard syn frou Elisabet swier. Hja fertoande har net, fiif moanne lang, en sei: 25Sa hat de Hear it mei my hawwe wollen, doe’t Hy nei my omseach en myn skande foar de minsken weinaam.
De berte fan Jezus oansein
26Yn ’e sechste moanne waard de ingel Gabriël troch God nei in stêd yn Galiléa stjoerd, dy’t Nazaret hiet, 27nei in jongfaam dy’t de breid wie fan in man út Davids hûs, dy’t Joazef hiet; har namme wie Maria. 28Doe’t de ingel by har yn ’e hûs kaam, sei er: Wês bliid, Maria, jo steane tige by God yn ’e geunst, de Hear is mei jo. 29Mar se waard kjel by dy wurden en frege harsels ôf, wat dy begroeting yn hâlde. 30De ingel sei tsjin har: Wês net bang, Maria, want jo steane by God yn ’e geunst. 31Jo sille yn ferwachting reitsje en in soan te wrâld bringe, dy’t jo de namme Jezus jaan moatte. 32Hy sil grut wêze en de soan fan ’e Allerheechste neamd wurde. God de Hear sil Him de troan fan syn heit David jaan, 33en foar altyd sil Er kening wêze oer it folk fan Jakob; syn keningskip sil gjin ein oan komme.
34Maria sei tsjin de ingel: Mar hoe soe dat kinne, wylst ik gjin omgong mei in man haw? 35De ingel antwurde har: De hillige Geast sil oer jo komme en de krêft fan ’e Allerheechste sil syn skaad oer jo lizze. Dêrom sil it bern dan ek Hillige neamd wurde, Soan fan God. 36Ek jo nicht Elisabet, moatte jo witte, is op har âlde dei noch yn ferwachting fan in soan. Sij, dy’t ûnfruchtber hiet te wêzen, is al goed fiif moanne hinne. 37By God is ommers neat ûnmooglik. 38Doe sei Maria: Ik stean ta jo tsjinst, Hear, dat it my neffens jo wurden gean mei. Doe gong de ingel by har wei.
Maria op besyk by Elisabet
39Yn dy dagen gong Maria hastich op reis nei it heechlân ta, nei in stêd yn Juda. 40Se gong by Sacharias yn ’e hûs en groete Elisabet. 41Doe’t Elisabet de begroeting fan Maria hearde, sprong it bern yn har skurte op en Elisabet rekke fol fan hillige Geast.
42Lûd rôp se út: Gjin frou dy’t sa segene is as jo, segene is de frucht fan jo skurte. 43Wêr haw ik it oan fertsjinne, dat de mem fan myn Hear by my komt? 44Want wier, doe’t jo groet my yn ’e earen klonk, sprong it bern fan blidens op yn myn skurte. 45Lokkich de frou dy’t fertrout, dat útkomme sil, wat har fanwegen de Hear sein is.
Maria har lofsang
46En Maria spriek:
Ik loovje de Hear mei hert en siel,
47ik jubelje om God, myn Rêder:
48dat Er genedich delsjoen hat op syn lytse faam.
Dêrom sille fan no ôf alle geslachten my lokkich neame,
49omdat Hy dy’t de Machtige en de Hillige hjit,
grutte dingen oan my dien hat.
50De geslachten lâns giet syn barmhertichheid oer dy’t earbied foar Him hawwe.
51Hy hat sjen litten de sterkens fan syn earmen,
de heechhertigen reage Er útinoar.
52Hege machthawwers helle Hy del fan ’e troan,
mar lytse lju holp Er omheech.
53Hongerigen hat Hy sêde mei goede jeften,
mar riken stjoerde Er mei lege hannen fuort.
54Hy hat it opnommen foar Israel,
syn tsjinner,
troch te tinken om syn barmhertichheid,
55lykas Er ús foarâlden tasein hie,
Abraham en syn neiteam ta segen,
altiten troch.
56Sawat trije moanne bleau Maria by har; doe gong se wer nei hûs.
De berte fan Johannes de Doper
57Doe’t it dan mei Elisabet safier wie, krige se in soan. 58De buorlju en de famylje hearden, dat de Hear tige barmhertich foar har west hie, en se wienen bliid mei.
59Op ’e achtste dei kamen se om it jonkje te besnijen, en se woenen him syn heite namme jaan: Sacharias. 60Mar de mem antwurde: Nee, hy sil Johannes hjitte. 61Se seinen tsjin har: Mar der is gjinien fan jo folk, dy’t dy namme hat. 62Doe joegen se de heit te ferstean, hy soe sizze, hoe’t it jonkje hjitte moast. 63Dy frege om in skriuwplankje en skreau dêrop: Johannes is syn namme. Allegearre fernuveren se har deroer. 64En op slach gong him de mûle iepen, syn tonge rekke los, en lûdop prize er God. 65Alle minsken dy’t om har hinne wennen, wienen der ferbjustere fan en alles wat der foarfallen wie, gong it hiele heechlân fan Judéa oer. 66En elk dy’t it hearde, liet it yn him omgean en sei: Wat sil der út dat jonkje groeie? Want de Hear wie mei him.
De profesij fan Sacharias
67Sacharias, syn heit, waard fol fan hillige Geast en spriek mei profetyske wurden:
68Heech te priizjen is de Hear, de God fan Israel,
want genedich hat Er nei syn folk omsjoen en it ferlossing brocht.
69In rêdende krêft liet Er foar ús opkomme yn it hûs fan David, syn tsjinner,
70sa’t Er tasein hie troch de mûle fan dy’t de ieuwen lâns syn hillige profeten wienen:
71ferlossing fan ús fijannen
en út ’e macht fan al ús haters.
72Meilijen hied Er mei ús foarâlden
en Hy tocht om syn hillich ferbûn
73en om ’e eed dy’t Er dien hie oan Abraham, ús heit,
74dat wy sûnder eangst, frij fan fijannen,
75Him tsjinje koenen, hillich en from foar Him stean, alle dagen.
76En do, myn jonkje, silst profeet fan ’e Allerheechste neamd wurde,
want do silst foar Him út gean om syn paad ree te meitsjen
77en te soargjen, dat syn folk kennis kriget fan ’e ferlossing,
trochdat de sûnden har ferjûn wurde
78fanwegen de ynmoedige barmhertichheid fan ús God,
wêrmei’t Er genedich op ús delsjen sil as Moarnsrea út ’e himel,
79om harren ljocht te bringen, dy’t sitte yn it tsjustere skaad fan ’e dea
en ús it paad nei frede op te stjoeren.
80It jonkje woeks op en ûntjoech him nei lichem en geast. Oant de dei dat er iepenlik foar it folk fan Israel ferskynde, bleau er yn ’e iensumheid.