De Heare sei tsjin Mozes: Jou Aäron en syn soannen dizze opdracht: Dit is de wet op it brânoffer. Dat is it brânoffer dat de hiele nacht troch oan ’e moarntiid ta op ’e fjoerhurd op it alter lizze moat, wylst it fjoer op it alter oanbliuwe moat. De pryster moat him klaaie mei syn linnen boppekleed en in linnen broek moat er oer it bleate lichem oandwaan. Dan krijt er de jiske dy’t der fan it brânoffer op it alter oer is en leit dy njonken it alter del. Dan docht er de klean út en wer oare klean oan. Dêrop bringt er de jiske bûten it legerkamp op in rein plak. It fjoer op it alter moat oanbliuwe. It mei net útgean en alle moarnen weroan sil de pryster dêr stikken hout op oanstekke en dêr boppe op it brânoffer te plak skikke en dêr wer op it fet fan it frede-offer yn reek opgean litte. Der moat altydtroch fjoer op it alter baarne; it mei net útgean.
It moaloffer
Dit is de wet op it moaloffer dat de soannen fan Aäron foar de eagen fan de Heare foar it alter bringe moatte. Hy sil dêr in hanfol fan it fine moal fan it moaloffer en fan ’e oalje útnimme, mei alle wijreek dat op it moaloffer leit en it ta in oantinkingsoffer, foar de Heare as in swietrook, op it alter yn reek opgean litte. Wat dêr dan noch fan oer is, meie Aäron en syn soannen opite. It moat iten wurde as ûnsuorre koeken. Op in hillich plak yn it foarhôf fan ’e tinte fan ’e moeting moatte se it opite. It mei net bakt wurde fan moal dat riisd is. As har oandiel yn myn fjoeroffers haw Ik it jûn. It is heechhillich, lykas it sûnde-offer en it skuldoffer. Al wat man is ûnder de bern fan Aäron mei it ite. It is in foar altyd fêststeld part fan de Heare syn fjoeroffers foar jim neigeslachten. Elk dy’t dêr oan komt, sil hillich wurde.
It moaloffer fan ’e prysters
De Heare sei tsjin Mozes: Dit is de offerjefte dy’t Aäron en syn soannen de Heare bringe moatte, de deis dat er salve wurdt: in tsiende efa fyn moal as in deistich spiisoffer, moarns de helte en jûns de helte. Op in bakplaat moat it yn oalje klearmakke wurde. As besleek moatst it bringe. Dan moatst it as in bakt moaloffer yn stikken offerje, as in swietrook foar de Heare. Dy’t út syn soannen foar him yn it plak ta pryster salve wurdt, moat it klearmeitsje. It is in altydduorjend foarskrift. It moat hielendal yn reek opgean foar de Heare. Elk moaloffer fan in pryster moat folslein wêze. It wurdt net iten.
Nochris it sûnde-offer
De Heare sei tsjin Mozes: Sis tsjin Aäron en syn soannen: Dit is de wet op it sûnde-offer: Op it plak dêr’t it brânoffer slachte wurdt sil ek it sûnde-offer slachte wurde, foar de eagen fan de Heare. It is heechhillich. De pryster dy’t it as sûnde-offer bringt, sil it opite. Op in hillich plak yn it foarhôf fan ’e tinte fan ’e moeting moat it iten wurde. Elk dy’t oan it fleis dêrfan komt, sil hillich wurde en as der wat fan it bloed dêrfan op in stik klean spat, dan sil dat stik klean, dêr’t it op spat is, op in hillich plak wosken wurde. As it in ierden pôt is, dêr’t it yn sean is, dan moat dy stikken brutsen wurde en as it in brûnzen pôt is, dêr’t it yn sean is, dan moat dy skjirre wurde en skjin spield mei wetter. Fan de prysters meie allinne de manlju it ite. It is heechhillich. Mar in sûnde-offer dêr’t in part fan it bloed fan brocht wurdt nei de tinte fan ’e moeting, om dêrmei yn it hillichdom fersoening te bewurkjen, mei yn gjin gefal iten wurde. It moat opbaarnd wurde.