Belofte en bedriging
Jim meie jim gjin ôfgoaden meitsje. In snien byld of in wijde stien meie jim net oprjochtsje en in byldhoude stien meie jim yn jim lân net delsette om jim dêr yn oanbidding foar del te bûgen, want Ik bin de Heare, jim God. Myn sabbatdagen moatte jim ûnderhâlde en myn hillichdom moatte jim earbied foar hawwe. Ik bin de Heare.
As jim jim hâlde en drage neffens myn foarskriften, myn rjochtsregels ûnderhâlde en dy neikomme, dan sil Ik jim op ’e tiid rein jaan en it lân sil syn opbringst jaan en de beammen op it fjild har fruchten drage. En jimme terskjen sil duorje oant de druverispinge en de druverispinge sil duorje oan it siedzjen ta. Jim sille sêd iten hawwe en feilich yn jim lân wenje. Ik sil frede oer it lân bringe. Jim sille jim deljaan en gjinien sil jim kjel meitsje. Ik sil de wylde dieren út it lân jeie en it swurd sil net troch jim lannen gean.
Jim sille jim fijannen achternei sitte en hja sille foar jim eagen falle troch it swurd. Fiif fan jimme sille hûndert achternei sitte en hûndert fan jimme achter tsientûzen oanjeie en jim fijannen sille foar jim eagen falle troch it swurd.
Ik sil nei jim omsjen en jim fruchtber meitsje. Ik sil jim oanwinne litte en myn ferbûn mei jimme yn stân hâlde. Dan ite jim noch âld, oerjiersk nôt, en sille jim it âlde opromje moatte, omdat it nije der al is. En Ik sil myn wenning yn jimme fermidden sette en Ik sil My net fan jimme ôfkeare. Ik sil ûnder jim ferkeare en Ik sil God foar jimme wêze en jimme sille in folk foar My wêze. Ik bin de Heare, jim God, dy’t jim út Egypte helle haw, dat jim net langer har slaven wêze soenen. Ik haw de draachstokken fan jimme jok stikken brutsen en Ik haw jim rjochtop gean litten.
As jim lykwols net nei My harkje soenen en net neffens al myn rjochtsregels dwaan, en neat fan myn foarskriften witte woenen, en as jim ynwindich in wjeraksel hawwe soenen yn myn rjochtsregels en al myn rjochtsregels net neikomme soenen en as jim myn ferbûn ferbrekke soenen, dan sil Ik fan myn kant jim dit oandwaan: ferskrikkelike dingen sil Ik oer dy bringe, de tarring en de koarts dy’t de eagen ferswakket en it libben ferkwine lit. Jimme sille om ’e nocht jim sied útsiedzje, want jim fijannen sille it opite. Ik sil tsjin jimme fanwegen komme en jim sille ferslein wurde foar de eagen fan jimme fijannen en dy’t jim haatsje sille oer jim regearje. Jim sille op ’e flecht gean, wylst gjinien jim achternei sit. En as jim dêrtroch noch net nei My harkje, dan sil Ik jim noch sân kear sa slim reitsje fanwegen jim misdieden. Ik sil jim grutske macht brekke en Ik sil jim himel as izer meitsje en jim lân as koper. Om ’e nocht sille jim jim ynspanne, want jim lân sil neat opbringe en de beammen yn it lân sille gjin fruchten drage.
En as jim it tsjin My yn ’e kant sette en net nei My harkje wolle, dan sil Ik jim sân kear sa fûl slaan neffens jim misdieden. Ik sil de wylde dieren op jim ôfstjoere en dy sille jimme de bern ûntskuorre en jim fee útroegje en jimme al mar minmachtiger meitsje, dat jim wegen der ferlitten hinne lizze.
As jimme dêrtroch fan My noch gjin sizzen hawwe wolle, mar it tsjin My yn ’e kant sette, dan sil Ik, ja Ik ek, it tsjin jimme yn ’e kant sette en Iksels sil jimme sân kear sa fûl slaan fanwegen jimme misdieden. Ik bring it swurd oer jimme, dat it brekken fan it ferbûn wreekje sil en as jimme jim dan tebeklûke yn ’e stêden, dan stjoer Ik de pest ûnder jimme en Ik sil jim oerjaan yn ’e macht fan jim fijannen. As Ik jim dan krapte oan iten jou, dan sille tsien froulju jim brea yn ien oven bakke en hja sille jimme it brea yn ôfwoegen poarsjes wer ôfleverje. Jim sille jim dêr net sêd oan ite kinne.
As jimme dêrtroch noch net nei My harkje en it tsjin My yn ’e kant sette, dan sil Ik, gleon fan lilkens, it tsjin jimme yn ’e kant sette en Iksels sil jim sândûbeld straffe fanwegen jim misdieden. Jim sille it fleis fan jimme soannen ite; it fleis fan jimme dochters sille jimme ite. Dan sil Ik jim offerhichten ferniele en jim reekalters stikken slaan. Jim deade lichems sil Ik lizze by de deade lichems fan jim ûngoaden en Ik sil in ynliken ôfgriis fan jim krije.
Jim stêden sil Ik púnfallen fan meitsje en jimme hillichdommen ferwoeste. En jimme swietrokige jeften wol Ik net rûke. Iksels sil it lân sa ferwoeste, dat jim fijannen dy’t har dêr nei wenjen set hawwe, har dêroer besauwe sille. Ik sil jim fersilje ûnder de folken en mei útlutsen swurd kom Ik achter jim oan. Jim lân sil in woestenij en jim stêden púnfallen wurde. Dan sil it lân syn sabbatsjierren fergoede krije, salang’t it foar wyld leit en jimme yn it lân fan jim fijannen binne. Dan sil it lân rêst hawwe en kriget it fergoeding foar syn sabbatsjierren. De hiele tiid dat it foar wyld leit, sil it de rêst hawwe, dy’t it net hân hat yn ’e sabbatsjierren, dy’t jim hâlde moasten, doe’t jimme dêr wennen.
En wa’t fan jimme oerbleaun binne, dêr sil Ik sokke lefferts fan meitsje yn ’e lannen fan har fijannen, dat it risseljen fan in opwaaid blêd har al opjaget en hja op ’e rin geane as naaiden se út foar it swurd. Hja sille falle, alhoewol’t der net ien is, dy’t har achterneisit. De iene sil oer de oare stroffelje, as wienen se foar it swurd op ’e rin, wylst gjinien har achterneisit en jim sille foar jim fijannen gjin hoek hâlde kinne. Dan komme jim om mids de folken en it lân fan jim fijannen sil jim fertarre. Dy’t fan jimme oerbleaun binne, sille troch eigen skuld ferkwine yn ’e lannen fan jim fijannen en ek troch de skuld fan har foarfaars sille se mei har ferkwine.
Dan sille se har eigen skuld belide en ek de skuld fan har foarfaars, dat se har mei har ûntrou tsjin My besûndige hawwe en it tsjin My yn ’e kant set, en dat Iksels dus it tsjin har yn ’e kant set hie en har yn it lân fan har fijannen brocht. En as se dan har ûnbesnien hert fernederje en boete dogge foar har sûnde, dan sil Ik tinke oan myn ferbûn mei Jakob en ek oan myn ferbûn mei Izaäk sil Ik tinke. Ik sil tinke oan myn ferbûn mei Abraham. Ik sil wer oan it lân tinke.
Dat lân wie troch har ferlitten en krige fergoeding foar syn sabbatsjierren en lei, sûnder har, der foar wyld hinne en hja boeten foar har sûnden, benammen om’t se in wjeraksel hienen yn myn rjochtsregels en in ynlike ôfgriis fan myn foarskriften. Mar sels dan, as se yn it lân fan har fijannen binne, sil Ik gjin wjeraksel yn har hawwe en Ik sil net sa’n ôfgriis fan har hawwe, dat Ik in ein oan har meitsje en sa myn ferbûn mei har ferbrekke soe, want Ik bin de Heare, har God. Ik sil, ta har bêst, tinke oan it ferbûn mei it foargeslacht, doe’t Ik har foar de eagen fan ’e folken út Egypte helle, dat Ik God foar har wêze soe, Ik, de Heare. Dat binne de foarskriften, de rjochtsregels en de wetten dy’t de Heare troch bemiddeling fan Mozes op ’e berch Sinai jûn hat, as ferbûn tusken Him en de Israeliten.