Bea om ynkear en weromkear
1Tink, Heare, oan wat ús oerkommen is,
oanskôgje en sjoch, hoe’t wy smade binne.
2Us erfdiel is oan frjemden ferfallen,
ús huzen oan bûtenlanners.
3Wy binne as wezen, bern sûnder heit,
ús memmen binne widdowen gelyk.
4Foar it wetter moatte wy jild jaan
en foar ús eigen hout moatte wy betelje.
5Wy hawwe in jok op ’e nekke en wurde opjage,
wy binne deawurch en krije gjin rêst.
6Wy moatte de hân ophâlde yn Egypte
en yn Assyrië om itende te bliuwen.
7Us foarâlden hawwe sûndige en binne der net mear,
mar wy drage de lêst fan har skulden.
8Slaven binne it, dy’t oer ús hearskje
en nimmen befrijt ús út har macht.
9Mei libbensgefaar moatte wy ús brea helje
fanwegen de driging fan ’e wyldernis.
10It fel is ús bleakere as yn in oven
troch it skroeien fan ’e honger.
11Froulju hawwe se skeind yn Jeruzalem
en jongfammen yn ’e stêden fan Juda.
12Prinsen hawwe se mei eigen hân ophongen,
sels âlde minsken waarden net sparre.
13Jongkeardels tôgje mei de hânmûne
en jonges falle hast del ûnder de frachten hout.
14De âldsten komme net mear út ’e poarte
en it jongfolk hâldt op fan spyljen.
15De wille fan ús hert is wei
en de dûns feroaret yn rou.
16De kroan is ús fan ’e holle fallen,
wee oer ús, dat wy sa sûndige hawwe!
17Dêrom is ús herte sa mêd
en dêrom binne de eagen sa dof,
18omdat de berch Sion ferrinnewearre is
en omdat de foksen der samar op omdoarmje.
19No dan, Heare, Jo troanje yn ivichheid
en jo troan bliuwt foar altyd stean.
20Wêrom soenen Jo ús foargoed ferjitte
en ferlitte Jo ús al ús libbensdagen?
21O Heare, helje ús nei Jo werom, dan komme wy werom;
jou ús op ’e nij wer libben.
22Of binne wy alhiel ta weismiten keard
en is jo grime tsjin ús te grut?