Jozua 5
Besnijenis en Peaske by Gilgal
1Doe’t alle Amorityske keningen oan ’e westkant de Jordaan en alle Kanaänityske keningen oan ’e seekant hearden, dat de Heare de Jordaan droech falle litten hie foar de eagen fan ’e Israeliten oant se der troch wienen, doe sakke har de moed yn ’e skuon en hja doarsten fanwegen de Israeliten amper mear te sykheljen.
2Doetiids sei de Heare tsjin Jozua: Meitsje dy stiennen messen en besnij de Israeliten op ’e nij.
3Doe makke Jozua him stiennen messen en hy besnie de Israeliten op ’e Foarhûdeheuvel. 4Dit no wie de reden wêrom’t Jozua har besnien hat: Alle manfolk dat út Egypte gien wie, alle striidbere manlju, wienen doe’t se ûnderweis wienen út Egypte, stoarn yn ’e woestyn. 5Want it hiele folk dat út Egypte gien wie, wie besnien, mar alle folk dat ûnderweis út Egypte yn ’e woestyn te wrâld kommen wie, hienen se net besnien. 6Fjirtich jier hienen de Israeliten ommers yn ’e woestyn omswalke oant de hiele befolking omkommen wie, de striidbere manlju, dy’t út Egypte gien wienen en net harke hienen nei de stim fan de Heare. Harren hie de Heare sward, dat Er har it lân net sjen litte soe, dêr’t Er har foarfaars fan tasein hie, dat Er it harren jaan soe, in lân oerrinnende fan molke en hunich. 7Har soannen lykwols hat Er yn har plak steld; dy hat Jozua besnien, om’t se de foarhûd noch hienen. Hja hienen har ommers ûnderweis net besnien. 8Doe’t de besnijenis fan it hiele folk syn beslach krige hie, bleauwen se op har plak yn it kamp, oant se wer better wienen. 9Dêrop sei de Heare tsjin Jozua: Hjoed haw Ik de smaad fan Egypte fan jim weinommen. Dat sadwaande krige dat plak de namme Gilgal oant hjoed-de-dei ta.
10Doe’t de Israeliten te Gilgal yn ’t kamp leinen, hâlden se de jûns fan ’e fjirtjinde deis fan dy moanne Peaske, yn ’e flakten fan Jericho. 11En de deis nei Peaske, ieten se fan ’e frucht fan it lân ûnsuorre brea en roastere ieren, noch op dy eigenste dei. 12It manna hâlde op de deis nei’t se fan ’e frucht fan it lân iten hienen. Mei’t de Israeliten doe gjin manna mear hienen, ieten se dat jiers fan ’e opbringst fan it lân Kanaän.
God ferskynt oan Jozua
13Doe’t Jozua deun by Jericho wie en de eagen opsloech, seach er ynienen flak foar him in man stean mei it bleate swurd yn ’e hân. Jozua gong op him ta en sei tsjin him: Hearre jo by ús of by ús fijannen? 14Hy sei: Nee, Ik bin de foarst fan it leger fan de Heare. No bin Ik kommen. Doe liet Jozua him foaroer delfalle; hy die him hulde en sei: Wat hat mynhear tsjin syn slaaf te sizzen? 15Doe sei de Foarst fan it leger fan de Heare tsjin Jozua: Doch dyn skuon fan ’e fuotten, want it plak dêrsto op stiest, is hillich. En Jozua die it.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap