Opskrift
1It wurd dat de Heare Joël, de soan fan Petûel, takomme liet.
Sprinkhoannepleach en droechte as oankundiging fan ’e grutte oardielsdei
2Hear dit oan, jimme âldsten,
harkje goed, jim allegearre dy’t yn it lân wenje.
Hat soks him earder foardien yn jimme dagen
of yn ’e dagen fan jimme foarâlden?
3Fertel jimme soannen derfan,
lit dy it har soannen fertelle en dy harres wer oan in fierder geslacht!
4Wat de biter stean litten hat,
hat de sprinkhoanne ôffretten;
wat de sprinkhoanne stean litten hat,
hat de hipper ôffretten
en wat de hipper stean litten hat,
dat hat de kealfretter ôffretten.
5Wurd wekker, dronken lju, en skriem;
jammerje allegearre, wynsûpers dat jim binne,
om’t de swiete wyn jim foar de mûle weiskuord is.
6Want in folk is tsjin myn lân opsetten kommen,
sterk en net te tellen.
Syn tosken binne liuwetosken,
ja, it hat slachtosken as in liuwinne.
7It hat myn wynstok ferrinnewearre,
myn figebeam teheistere,
it hat him hielendal ôfskyld en de bast fuortsmiten,
dat de tûken litte it wite hout sjen.
8Jammerje as in jongfaam dy’t yn ’e rouwe is oer de jongfeint dêr’t se mei op trouwen stie ...
9Moal- en drankoffer wurde it hûs fan de Heare ûntkeard;
de prysters dy’t tsjinst dogge foar de Heare, rouje.
10It lân is rûpele,
de grûn leit der treurich hinne;
want it nôt is ferkommen,
it druvesop is ferdroege,
en de oalje is neat wurden.
11De boeren binne ferslein, de wynbouwers gûle
om ’e weet en om it koarn,
want de frucht fan ’e bou is ferlern gien;
12de wynstok is neat wurden,
de figebeam ferwylget.
Granaatappel, palm en appelbeam,
ja, alle fruchtbeammen binne fertoarre,
dat de wille fan ’e minskebern is fuort.
13Gean yn ’e rouwe en hâld de deadeklacht, prysters,
jammerje, jimme dy’t it alter betsjinje;
gean hinne en hâld ek nachts de rouklean oan,
jimme tsjinners fan myn God,
want moal- en drankoffer wurde net mear brocht yn it hûs fan jimme God.
14Skriuw in hillich festjen út,
rop op ta in plechtige gearsit,
rop de âldsten byinoar, ja alle ynwenners fan it lân,
yn it hûs fan jimme God, de Heare,
en lit in needrop ta de Heare opgean!
15O, o, dy dei!
want de dei fan de Heare is nei-oan
en dy komt mei it geweld fan ’e Geweldige.
16Hawwe wy it net mei eigen eagen sjoen,
dat it iten weinommen waard,
de blidens en wille út it hûs fan Jahwe?
17De siedkerrels lizze ferskronfele ûnder de kluten.
De skuorren binne ferrinnewearre,
de pakhûssouders ynstoart,
want it nôt is neat fan kommen.
18O wat earmoedet it fee!
De keppels kij kruse om,
want se ha gjin weide;
ek de keppels skiep moatte it belije.
19Heare, Jo rop ik oan,
want fjoer hat de weidplakken yn ’e woestyn fertard
en in lôge hat alle fruchtbeammen yn ’e brân set.
20Sels de wylde bisten longerje nei jo help,
want de wetterlopen lizze droech
en fjoer hat de weidplakken yn ’e woestyn fertard.