Job fielt syn lytsens
1Doe joech de Almachtige Job te hâlden:
2Wol de lekskoaier wier mei de Almachtige foar it rjocht?
Lit de wiisprater tsjin God der mar ris op antwurdzje!
3Doe joech Job de Heare beskie:
4Sjoch, ik bin sa’n bytsje mânsk, wat sil ik Jo dêrop weromjaan?
Ik moat my stilhâlde.
5Ienkear haw ik it wurd fierd, ik doch it net wer;
twa kear sels, mar ik gean der net mei troch!
De Heare wer: lit ris wat sjen!
6Doe antwurde de Heare Job út in stoarm en ûnwaar:
7Set dy no as in man yn postuer,
dan sil Ik dy ûnderstean en moatsto My sizze wêr’t it op stiet.
8Doarsto ek noch myn rjocht ôf te brekken,
My foar min út te meitsjen om sèls frij-út te gean?
9Hasto faaks in earm sa sterk as God,
kinsto it lûd útsette en tongerje as Hy?
10Kom, sier dy dan op mei glâns en gloarje,
klaai dy mei pracht en praal!
11Barst mar los mei de opstigings fan dyn opsternatens,
jou acht op elk dy’t him opblaast en slach him del,
12jou goed acht en meitsje him lytsman,
ferslach de kweadoggers op slach en stuit!
13Bestopje se mei-inoar ûnder it stof,
triuw har troanjes yn in tsjustere hoale!
14Dan sil Ik dij ek priizje,
want do hast nochris wat út it stee set!
Hat Job wat te sizzen oer it riviermeunster?
15Sjedêr dat ûnbidige bist: it riviermeunster!
Ik haw him likegoed makke as dy.
Hy fret gers krekt as in ko!
16Sjoch dochs, hoe’n krêft er yn ’e ljisken hat,
en hoe sterk syn búkspieren binne!
17Hy stekt de sturt út as in sederbeam,
de sinen fan syn bilstikken binne byinoar bûne koarden.
18Syn bonken binne as koperen buizen,
syn skrinkels as izeren stêven.
19Hy is it masterstik fan Gods dwaan;
dy’t him makke hat, mei syn swurd der wol by jaan!
20Wat de bergen mar opjouwe, drage se foar him oan;
de wylde bisten boartsje dêromhinne.
21Under de toarnen jout er him del,
yn in skûlplak fan reid en sompe.
22De toarnebosk leit syn skaad oer him,
wetterwylgen steane om him hinne.
23Sjoch, de rivier set mei geweld op, mar hy naait net út,
al brûst in Jordaan del op syn bek, hy bliuwt rêstich.
24As men him pakke wol, moat men earst de eagen reitsje,
heakken moat men him troch de noas boarje.
Hat Job wat te sizzen oer de krokodil?
25Kinsto de slingerjende seeslange mei in heak oplûke
en mei in tou him de tonge deltwinge?
26Kinsto him de snute tichtbine mei in reiden koarde
en him de kaken trochboarje mei toarnen?
27Sil er dy bidde en smeke,
sil er moai mei dy omprate?
28Sil er mei dy akkoartsje,
datst him foar altiten yn tsjinst nimme meist?
29Kinsto mei him boartsje as mei in fûgeltsje
en him wier oan ’e line lizze foar dyn famkes?
30Sille de fiskerlju om him oan it hantsjebakken,
sille se him yn moaten oan ’e keaplju ferkwânselje?
31Kinsto him de hûd ûnder de spearen sette
en de kop ûnder de stekken fan in fiskersharpoen?
32Stek de hân ris nei him út!
Pas op! Dat wurdt in fûle striid! Dat dochst net wer!