Elifaz: Gjinien lijt ûnskuldich
1Doe rekke Elifaz, de Temanyt, oan it wurd en sei:
2As men no besiket wat tsjin dy te sizzen,
jout it dij dan argewaasje?
Mar wa soe de wurden ynhâlde kinne?
3Sjoch, do hast in soad minsken op it rjochte paad holpen,
sloppe hannen hasto sterk makke.
4Dyn wurden hawwe wa’t stroffele wie, oereinholpen,
trochknikte knibbels hasto wer kant set.
5Mar, no’t it oan dij takomt, bisto alhiel fan ’e wize;
no’t it dysels rekket bisto oerstjoer.
6Hast ommers betroud op dyn ûntsach foar God!
It joech dy dochs moed, dat op dyn libben neat foel te sizzen?
7Tink ris goed nei: wa is oait ûnskuldich omkommen?
En wêr binne oprjochten ferdylge?
8It is sa’t ik sjoen haw:
wa’t ûnrjocht ploegje, dy rispje it ek.
9Troch Gods azem fergeane se,
troch it sykheljen fan syn noas fine se de ein.
10De liuw brinzget, it meunster lit de lûde stim hearre,
mar strak binne de jonge liuwen de tosken útbrutsen.
11De âlde liuw komt om: hy fynt gjin proai mear,
en de jongen fan ’e liuwinne fertoarkje.
12Temûk is my in boadskip brocht,
myn ear hat in gelúster dêrfan opheind.
13Soks komt oer jin yn in benaude dream,
as in djippe sliep oer minsken falt.
14Skrik kaam op my ôf en skrouskens,
it gong my kâld oer de lea.
15Tagelyk striek my in geast foar de holle lâns,
it hier fan it lichem riisde der my rjocht fan oerein.
16Hy bleau stean, mar ik koe syn foarkommen net goed sjen,
in skym tyspele my foar de eagen.
En ik hearde in stim súntsjes sizzen:
17Soe in stjerlik minske it by de rjochte ein hawwe foar God oer,
of in man suver wêze foar syn Skepper oer?
18Sjoch, op syn tsjinstfeinten fertrout Er net iens,
syn ingels binne neffens Him op ’e doele;
19wêr bedarje dan bewenners fan liemklinten
mei fûneminten yn it stof?
Se wurde fermoarzele, earder noch as motten.
20Yn it skoftsje tusken moarn en jûn wurde se al tebrizele.
Sûnder dat ien it achtslacht, komme se foar ivich om.
21Net wier? As de koarde yn har útskuord wurdt,
dan stjerre se sûnder wysheid wûn te hawwen.