1Witsto de tiid dat de berchgeiten lamje,
sjochsto op ’e harten ta as se yn’t tarieden binne?
2Telsto de moannen dat se foal binne
en witsto de tiid fan har lamjen?
3Se jouwe har krom, se driuwe de jongen út;
se keare de fleagen net op.
4Dy jongen wurde sterk, groeie op yn it frije fjild;
se geane derop út en sykje mem net wer op.
5Wa hat oan ’e wylde ezel alle frij jûn,
dy wylde bruier it helter ôfstrûpt?
6Ik haw him in thús jûn yn ’e steppe,
in tahâld yn in sâltige streek mei raaigers.
7Hy hat de gek mei it drokke gedoch yn ’e stêd
en heart it geraas fan ’e driuwer net.
8Hy weidet op ’e bergen en sjocht se nei,
elk grien sprútsje siket er op.
9Wol de wâldokse dy tsjinje,
of oernachtsje by dyn krêbe?
10Silsto de wâldokse mei de leie yn ’e fuorgen hâlde,
of sil er de dellings eidzje achter dy oan?
11Hast fedúsje yn him om’t er sa sterk is
en litst dyn bodzjen mar oan him oer?
12Bist wis fan him, dat er weromkomt
en dyn sied op ’e telle gearbringt om te terskjen?
13De wjukken fan ’e strúsfûgels klapperje fleurich-op,
net oars as wienen ’t wjuk-en-fear fan in earrebarre,
14mar se litte har aaien samar op ’e grûn achter
om yn it sân waarm te wurden.
15Der wurdt net om tocht, dat in foet se fertraapje kin
en de wylde dieren se faaks ferwâdzje.
16Sa’n bist is wreed oer syn jongen, as wienen’t sines net;
dat er om ’e nocht skrept, it rekket him net.
17Dat komt om’t God him de wysheid ûntkeard hat
en mei it jaan fan ynsjoch foarbyparte.
18Mar op it stuit dat er heech op ’e poaten de wjukken útslacht,
laket er om it hynder en syn berider.
19Jousto oan it hynder syn sterkens,
fersiersto him de hals mei moannen?
20Kinsto him opspringe litte as in sprinkhoanne?
Grutsk is syn wrinzgjen en grimmitich!
21Hy skrabet oanienwei de grûn en nokkert bliid,
hy giet mei geweld op in fijân yn wapenrissing los.
22Hy laket om bangens en skrillet net tebek,
giet net op ’e rin foar it swurd.
23Boppe him rattelt de koker mei pylken
en glinstert it stiel fan stek- en smytark.
24Syn droanjend gedaver slacht gatten yn ’e grûn,
hy is net te hâlden, want hy hat it lûd fan ’e hoarn heard.
25Safaak as er dat heart, wrinzget er bliid!
Fan fierrens rûkt er de oarloch al,
as de kommandanten bolderje en de striidrop klinkt.
26Is it troch dyn ynsjoch dat de falk omheechswiert,
syn wjukken útslacht om nei it suden ta?
27Giet faaks op dyn befel de gier de loft yn
om yn ’e hichte syn nêst te bouwen?
28Op in rots wennet er en bringt er de nachten te’n ein,
op in útstyksel fan in rots, net benei te kommen!
29Dêrwei loert er om iten, syn eagen fierkje skerp!
30Syn jongen sûpe bloed,
dêr’t fersleinen binne, dêr is hy ek.