Elihû: Neat wurdich mei jimme, lit my no mar
1Doe joegen dy trije mannen it oer om Job fierder beskie te jaan. Dy gong ommers folslein frij-út yn eigen eagen. 2Mar doe lôge de lilkens op fan Elihû, de Bûzyt, ien fan Barakel út it skaai fan Ram. Hy waard poer op Job, om’t dy himsels rjochtfeardiger achte as God. 3Op ’e trije freonen waard er ek kûgelsk, om’t se gjin goede arguminten fine koenen en dochs Job mar skuldich ferklearre hienen. 4Mar Elihû hie him earst stilhâlden tsjin Job, om’t de oaren âlder wienen as hy. 5Doe’t er lykwols seach dat dy trije mannen neat mear te sizzen hienen, lôge syn lilkens op. 6Sa kaam Elihû, soan fan Barakel, de Bûzyt, oan it wurd. Dy sei:
Ik bin jong en jimme binne al op jierren,
dêrom hâlde ik my tebek en skoarre der tsjinoan om jimme te sizzen
hoe’t ik der oer tink.
7Ik tocht: De âlderdom moat earst oan it wurd,
in heech tal jierren hâldt grif wysheid yn.
8Mar ik wit it no: It giet om ’e Geast
en dy kin ek yn in breklik minske wêze,
en de Azem fan de Almachtige docht it, dy jout ynsjoch!
9Lju op jierren hawwe net altyd de wysheid yn pacht,
âlde minsken hawwe net altyd ynsjoch yn it rjocht.
10Dêrom sis ik: Harkje nei my!
Ik sil ek ris klear sizze hoe’t ik deroer tink.
11Sjoch, ik haw wachte salang’t jimme oan it wurd wienen,
ik joech hieltyd it ear nei jim wize útfynsels,
oant jimme de rjochte wurden fine soenen.
12En ik haw mei stúdzje harke, mar och, gjinien koe Job te plak sette,
gjinien fan jimme koe him goed beänderje.
13As jim no mar net tinke: Wy hawwe de wysheid fûn:
God moat him wol lytsman meitsje, in minske kin dat net.
14Tsjin my hat er noch net oan ’e gong west
en mei jimme ferhalen sil ik him wier net oankomme.
15Hja binne ferslein, hja hawwe gjin antwurd mear,
se kinne gjin wurden mear fine.
16En ik haw salang wachte, dat se net mear praten,
dat se dêr stienen en net mear wat werom seinen.
17No bin ik oan bar om in antwurd te jaan,
sil ik ek ris mei myn betinken komme,
18want ik haw in soad te sizzen, ik sit oan boppen ta fol,
myn geast hat it krap.
19Ja, yn my is it krekt as mei wyn, dêr’t in stop op sit:
aanst barst it der út, as wie ’t út nije sekken!
20Ik moat prate, dat sil my romte jaan.
De lippen moatte faninoar om te antwurdzjen.
21Ik sil oppasse om net ien nei de eagen te sjen,
ik wol gjin moaiprater wêze.
22Flaaikje – ik soe wier net witte hoe,
myn Skepper soe my handich weinimme.