Hoe’t it no is!
1Mar no gnize guon dy’t jonger binne as ik, my út
en har heiten hie ik net ienris by de hûnen hawwe wollen, dy’t op myn skiep passe.
2Wat moat ik no mei sok folk?
Der sit gjin kriich mear yn!
3Troch krapte en honger alhiel te lider slein,
op it toarre lân gnauwe se wat om op it tûkeguod yn woestyn en wyldernis,
4lûke by de strûken it griene krûd derút,
de woartel fan ’e brimmerheide dogge se har miel mei.
5Oeral wurde se út ’e mienskip stjitten,
der wurdt mâl oer har beard as wienen it dieven.
6Yn aaklike delten moatte se wenje,
hoalen yn ’e grûn en grotten yn ’e rots.
7Se balte tusken de strûken,
en krûpe byinoar ûnder de stikels.
8It binne ûnferstannen, minsken sûnder namme,
se wurde út it lân ferballe.
9En no sjonge se in spotsang oer my,
se spiele de mûle mar oer my.
10Se grize fan my, skowe in ein by my wei,
se spuie my sels yn it gesicht.
11No’t God syn pylk op my ôfsjit en my yn ’t lijen bringt,
hawwe hja ek frij bod tsjin my.
12Oan ’e rjochterkant riist in binde oerein,
troch har oanslaggen reitsje ik ûnder fuotten,
se sykje wegen om my te ferneatigjen.
13Se snije my de wei ôf, helpe my yn it ûngelok
en net ien dy’t har opkeart.
14Hja komme dêroan, as brûsden se troch in brede bres,
alles rekket yn pún, dêr’t har wals oerhinne rôlet.
15De iene ferskrikking jaget de oare!
Jo reagje myn oansjen fuort as troch in wynpûst.
Myn lok is foarbydreaun as wie it in wolk.
16En no is by my de kriich der finaal út,
dy dagen fan lijen, se knoeie my,
17de nacht gnaut my mar oan ’e bonken,
de fretterij jout him net ris efkes del.
18Ik kin der net tsjin op: de klean binne my ferropt,
se knipe my as in boarde om ’e hals.
19God hat my yn it slyk smiten,
ik bin oars net mear as stof en jiske.
20Ik rop Jo oan om help, mar Jo jouwe my gjin antwurd.
Ik wie sa stean gien, Jo moasten my wol sjen.
21Jo binne feroare, Jo binne hurd tsjin my wurden,
Jo fjochtsje tsjin my mei de folle fûst.
22Jo tille my op yn ’e wyn, dat dy my fuortgiselt
en litte my weiwurde yn in stoarm.
23Want ik bin der wis fan, Jo lizze it op myn dea oan,
it giet op nei it hûs dêr’t al wat libbet, gearkomt.
24Ien dy’t nearne om freget, stekt Er sels de hân nei út,
kin Er dan wa’t slim yn ’t lijen sit, mar roppe litte?
25Haw ik soms net skriemd om ien dy’t in minne tiid trochmakke,
wie’k net ynderlik begien mei in earmenien?
26No hope ik op wat goeds, mar der kaam kwea,
ik ferwachte ljocht, mar der kaam poerswarte tsjusternis.
27Ik bin alhiel oerstjoer rekke en koe net ta rêst komme,
it is in tiid fan benearing wurden.
28Ik rin der skurf hinne, ik bin ferklomme,
yn ’e folksgearkomste stean ik en rop om help.
29Ik lykje wol famylje fan ’e jakhalzen
en in maat fan ’e strúsfûgels.
30It fel wurdt my swart en lit los
en de lea steane my yn ’e brân fan ’e koarts.
31Myn spyljen op ’e liere is feroare yn in rouliet,
it lûd fan myn fluit yn in kleisang.