Bildad de twadde kears: Jobs tjirgjen jout neat, de ferkearde krijt dochs syn lean
1Doe naam de Sjûchyt Bildad it wurd. Dy sei:
2Hoelang duorret it noch dat jimme ophâlde mei jim ge-eamel?
Brûk de holle en dan kinne wy wer wat sizze.
3Wêrom wurde wy achte as bisten?
Binne wy ûnhuer yn jimme eagen?
4Do bist dwaande yn dyn lilkens dysels te ferskuorren!
Soe om dij de ierde ûntfolke wurde en de rots fan it plak wrotten?
5Lykwols, it ljocht fan ’e goddeleazen sil útblaasd wurde
en it fjoer fan sa’n ien sil net oplôgje.
6Ynpleats fan ljocht wurdt it yn syn tinte tsjuster,
de lampe boppe him wurdt útpûst.
7Hy hie de stap der flink ûnder, mar no is it hâlden en kearen.
Syn eigen optinksels litte him stroffelje.
8Want syn eigen fuotten stjoere him de kant út fan it net,
hy siket syn paad oer it touwurk boppe de falkûle.
9It slachnet grypt him by de hakke,
de slinger lûkt him samar fêst,
10de strûp leit ferskûle yn ’e grûn
en in falle op syn paad.
11Ferskrikkings fan alle kanten skrilje him op,
se sitte deun achter him oan.
12Syn fermogens wurde hurd minder;
as er stroffelt, leit de ûndergong op him te wachtsjen.
13De dea fret stikken út syn hûd,
fret hiele hoeken út him, de slimste dea!
14Hy wurdt weireage út ’e tinte dêr’t er op betroude.
Sadwaande is er ûnderweis nei dy kening, dy’t skrik op skrik bringt.
15Yn syn tinte bliuwt neat fan him oer;
syn hiem sil swevel oer struid wurde.
16Fan ûnderen fertoarje syn woartels,
fan boppen ferwylje syn twigen.
17Syn oantinken giet op ierde ferlern,
gjin minske mear dy’t him neamt.
18Se stjitte him fan it ljocht yn it tsjuster
en ferbalje him fan ’e ierdboaiem.
19Gjin bern, gjin neiteam lit er nei ûnder syn folk,
en dêr’t er tahâldt, bliuwt gjinien oer.
20East en west sille oer syn oardielsdei huverje,
ûntsetting sil har allegear oangripe.
21Jawier, sa beteart it mei it hawwen en hâlden fan sa’n meunster,
en dy’t fan God net witte wol, syn hiele posysje giet deroan.