In bline man kin sjen
1Yn it foarbygean seach Er in man, dy’t fan bern ôf blyn west hie. 2Syn learlingen fregen Him: Rabby, wa hat ferkeard dien, dy man of syn âlden, dat er blyn te wrâld kommen is? 3Jezus antwurde: Dy man hat net ferkeard dien en syn âlden likemin, mar sa moast Gods wurk oan him oan it ljocht komme. 4Wy moatte it wurk dwaan fan Him dy’t My stjoerd hat, salang’t it dei is; it wurdt nacht en dan kin net ien mear arbeidzje. 5Salang’t Ik yn ’e wrâld bin, bin Ik it ljocht fan ’e wrâld. 6Doe’t Er dat sein hie, spuide Er op ’e grûn; Hy makke slyk fan it spui en smarde him dat op ’e eagen 7en sei tsjin him: Gean hinne en waskje dy yn ’e fiver Siloäm – Siloäm betsjut ‘Utstjoerd’ –. Hy gong fuort en wosk him en doe’t er werom kaam, koed er sjen.
8Doe seinen de buorlju en de lju dy’t him foartiid as bidler kend hienen: Is dat dy man net, dy’t dêr altyd siet te biddeljen? 9Guon seinen: Hy is it; oaren: Nee, hy liket der allinne mar op. Mar sels sei er: Ik bin it al. 10Doe seinen se tsjin him: Hoe komt it dan dat jo no sjen kinne? 11Hy antwurde: De man dy’t Jezus neamd wurdt, hat slyk makke en it my op ’e eagen strutsen en tsjin my sein: Gean nei de Siloäm en waskje dy; doe gong ik dêr hinne en nei’t ik my wosken hie, koe ik ynienen sjen. 12Se seinen tsjin him: Wêr is dy man no? Hy sei: Dat wit ik net.
13Se brochten de man dy’t blyn west hie by de Fariseeërs. 14It wie nammentlik sabbat, de deis dat Jezus it slyk makke en him de eagen iepene hie. 15Doe fregen de Fariseeërs him ek nochris, hoe’t it kaam dat er no sjen koe. Hy sei tsjin harren: Hy hat my slyk op ’e eagen smard; doe haw ik my wosken en no kin ik sjen. 16Doe seinen guon fan ’e Fariseeërs: Dy man komt net fan God, want Hy hâldt Him net oan ’e sabbat. Oaren seinen: Hoe kin in sûndich minske sokke tekens dwaan? Se wienen it lang net mei-inoar iens. 17Doe seinen se wer tsjin ’e bline man: Wat seisto fan Him? Hy hat dy ommers it ljocht yn ’e eagen jûn? Hy sei: It is in profeet. 18Mar de Joaden woenen net fan him leauwe, dat er blyn west hie en no sjen koe, ear’t se de man syn âlden der by roppen 19en harren frege hienen: Is dit jimme soan, dêr’t jimme fan sizze, dat er fan lyts bern ôf blyn west hat? Hoe kin er dan no sjen? 20Syn âlden antwurden: Wy witte, dat dit ús soan is en dat er fan lyts bern ôf blyn west hat 21mar hoe’t it komt, dat er no sjen kin, witte wy net, en wa’t him it ljocht yn ’e eagen jûn hat, dat witte wy likemin; freegje it him sels, hy is âld en wiis genôch om sels te fertellen wat him oerkommen is. 22Dat seinen syn âlden om’t se bang wienen fan de Joaden, want de Joaden wienen it doe al mei-inoar iens wurden, dat elk dy’t iepentlik ferklearre dat Hy de Messias wie, út ’e synagoge set wurde moast. 23Dêrom seinen syn âlden: Hy is âld en wiis genôch, freegje himsels.
24Doe rôpen se foar de twadde kear de man dy’t blyn west hie; se seinen tsjin him: Moatst God de eare jaan; wy witte dat dy man in sûnder is. 25Doe sei er: Oft it in sûnder is, wit ik net; ien ding wit ik: earst wie ik blyn en no kin ik sjen. 26Doe seinen se tsjin him: Wat hat Er mei dy dien? Hoe hat Er dy it ljocht yn ’e eagen jûn? 27Hy antwurde: Dat haw ik jimme al sein, mar jimme hawwe der net nei harke; wêrom wolle jimme hieltyd wer itselde hearre? Wolle jimme faaks ek learlingen fan Him wurde? 28Se lekskoaiden: Do bist in learling fan dy man, mar wy binne learlingen fan Mozes; 29wy witte dat God tsjin Mozes sprutsen hat, mar fan Him witte wy net wêr’t Er wei komt. 30De man antwurde: Dat is dan frjemd, dat jimme net witte, wêr’t Er wei komt en dat wylst Er my it ljocht yn ’e eagen jûn hat. 31Wy witte dat God net nei ferkearde minsken harket, mar ien dy’t God frezet en syn wil docht, dêr harket Er nei. 32Yn der ivichheid hat men der net fan heard, dat immen ien dy’t syn libben lang blyn west hie, it ljocht yn ’e eagen jûn hat; 33as dy man net fan God kaam, hied Er neat dwaan kind. 34Se antwurden: Al fan lyts bern ôf oan bisto ien stik sûnde en soesto ús leare? En se jagen him fuort.
35Jezus hearde der fan, dat se him fuortjage hienen; en doe’t Er him fûn hie, sei Er: Leausto yn ’e Minskesoan? 36Hy antwurde: Wa is dat dan Hear? Dan sil ik ek yn Him leauwe! 37Jezus sei tsjin him: Do hast Him al sjoen; dy’t mei dy praat, dy is it. 38Hy sei: Ik leau, Hear; en hy foel foar Him op ’e knibbels del. 39Jezus sei: Om te oardieljen bin Ik yn dizze wrâld kommen, dat wa’t net sjogge, sjen meie en wa’t sjen kinne, blyn wurde meie. 40Guon Fariseeërs dy’t by Him stienen, hearden dat en seinen tsjin Him: Binne wy faaks ek blyn? 41Jezus sei tsjin harren: As jimme blyn wienen, soenen jimme gjin skuld hawwe: No’t jimme sizze dat jimme sjen kinne, no bliuwt jimme skuld.