It deafonnis wurdt oer Jezus útsprutsen
1Doe liet Pilatus Jezus giselje. 2En de soldaten frisselen in kroane fan stikels en setten Him dy op ’e holle; se hongen Him in poarperkleurige mantel om, 3rûnen op Him ta en seinen: Hulde, Jo kening fan ’e Joaden! en joegen Him klappen yn it gesicht.
4Pilatus kaam wer nei bûten en sei tsjin harren: Sjoch, ik bring Him wer by jimme nei bûten, want ik wol dat jimme witte sille dat der neffens my hielendal neat tsjin Him yn te bringen is. 5Doe kaam Jezus nei bûten mei de kroane fan stikels op en de poarperkleurige mantel om. Pilatus sei tsjin harren: Sjoch, dit is no de man. 6Sagau’t de hegeprysters en har feinten Him seagen, rôpen se lûd: Oan it krús! oan it krús! Pilatus sei tsjin harren: Nim jimme Him en krusigje Him sels; want ik kin gjin skuld by Him fine. 7De Joaden antwurden him: Wy hawwe in wet en neffens dy wet moat Er stjerre, want Hy hat himsels foar Soan fan God útjûn.
8Doe’t Pilatus dat hearde, waard er noch helte banger; 9hy gong wer yn it paleis en sei tsjin Jezus: Wêr binne Jo wei? Mar Jezus joech him gjin antwurd. 10Pilatus sei tsjin Him: Sizze Jo neat tsjin my? Witte Jo net dat it yn myn macht leit, Jo frij te litten of Jo te krusigjen? 11Jezus antwurde: Jo soenen gjin macht oer My hawwe, as it Jo net fan boppen ôf jûn wie; dêrom, dy’t My oan jo útlevere hat, dy syn skuld is grutter. 12Fan dat stuit ôf die Pilatus war om Him frij te litten; mar de Joaden rôpen lûd: As jo dy man frijlitte, binne jo gjin freon fan ’e keizer, elk dy’t him foar kening útjout, set it yn ’e kant tsjin de keizer.
13Doe’t Pilatus dy wurden hearde, liet er Jezus nei bûten bringe en gong op ’e rjochterstoel sitten op it plak dat se de Stiennen Flier neame, op syn Hebrieusk Gabbata. 14It wie de deis foar Peaske, it wie om middei hinne; en hy sei tsjin ’e Joaden: Dat is no jimme kening. 15Doe rôpen se lûd: Fuort mei Him, fuort mei Him, krusigje Him. Pilatus sei tsjin harren: Moat ik jimme kening dan krusigje? De hegeprysters antwurden: Wy hawwe oars gjin kening as de keizer. 16Doe levere er Him dan oan harren út om Him te krusigjen.
Jezus wurdt oan it krús slein en stjert
17Se namen Jezus oer; sels droech Er syn krús ta de stêd út nei it plak dat Hollekrún neamd wurdt, dat is yn it Hebrieusk Golgota; 18dêr sloegen se Him oan it krús, en twa oaren mei Him, oan beide kanten ien en Jezus yn ’e midden. 19Pilatus hie ek in opskrift opmakke en dat op it krús sette litten; dêr stie op: Jezus de Nazoreeër, de kening fan ’e Joaden. 20Dat liezen frijwat Joaden, want it plak dêr’t Jezus krusige waard wie deun by de stêd: en it stie der yn it Hebrieusk, yn it Latyn en yn it Gryksk op. 21Doe seinen de hegeprysters fan ’e Joaden tsjin Pilatus: Jo moatte der net op sette litte: De kening fan ’e Joaden, mar dat dy man sein hat: Ik bin de Kening fan ’e Joaden. 22Pilatus antwurde: Wat ik skreaun haw, dat haw ik skreaun.
23Doe’t de soldaten Jezus oan it krús slein hienen, ferparten se syn klean yn fjouweren, foar elke soldaat in part en dan noch it ûnderkleed. Dat ûnderkleed wie sûnder naad, fan boppen oant ûnderen út ien stik weefd. 24Doe seinen se tsjin inoar: Lit ús dat net stikken skuorre, mar lit ús der om lotsje wa’t it ha sil. Sa kaam it Skriftwurd nei: Se hawwe myn klean ûnder inoar ferparte en om myn klaaiing hawwe se lotte.
25Dat hawwe de soldaten dus dien. By it krús fan Jezus stienen syn mem en syn memme suster, Maria fan Klopas en Maria fan Magdala. 26Doe’t Jezus syn mem seach en njonken har de learling dy’t Er leaf hie, sei Er tsjin syn mem: Frou, dat is jo soan. 27Fierder sei Er tsjin ’e learling: Dat is dyn mem. En fan dy tiid ôf naam de learling har by him yn ’e hûs.
28Dêrnei sei Jezus – Hy wist, dat alles al folbrocht wie – dat it Skriftwurd neikomme soe: Ik haw toarst. 29Der stie in fetfol (mei) soere wyn; doe stutsen se in spûns fol fan dy wyn op in hizopstâle en brochten Him dy oan ’e mûle. 30Doe’t Jezus de wyn nommen hie, sei Er: It is folbrocht! Hy bûgde de holle en joech de geast.
Jezus wurdt begroeven
31Omdat it de deis foar de sabbat wie en om foar te kommen dat de liken op sabbat oan it krús hingjen bliuwe soenen, – want dy sabbat wie in tige bysûnderen ien – fregen de Joaden oan Pilatus, dat harren de skonken brutsen en dat de liken ôfnommen wurde soenen. 32Doe kamen de soldaten en brutsen de iene de skonken en ek de oare dy’t mei Him krusige wie; 33mar doe’t se oan Jezus ta wienen en seagen dat Er al stoarn wie, brutsen se Him de skonken net, 34mar ien fan ’e soldaten stuts Him mei in spear yn ’e side en fuortynienen kaam der bloed en wetter út. 35Dy’t it sjoen hat, stiet der foar yn dat it wier is, en syn ferklearring kin men op oan; hy wit, dat er de wierheid seit, dat jimme ek leauwe meie. 36Sa waard it Skriftwurd neikommen: Der sil him gjin bonke stikkenbrutsen wurde. 37In oar Skriftwurd seit ek noch: Se sille nei Him opsjen, dêr’t se yn stutsen hawwe.
38Dêrnei frege Joazef fan Arimatéa – in learling fan Jezus, mar temûk út benaudens foar de Joaden – oan Pilatus, oft er it lichem fan Jezus fan it krús ôfhelje mocht; en Pilatus stie dat ta. 39Nikodémus, dy’t alris op in nacht by Jezus west hie, kaam ek mei in mingsel fan sa’n tritich kilo mirre en aloé. 40Doe namen se it lichem fan Jezus en bewuollen it mei swietrokige krûden yn linnen wynsels, sa’t de Joaden dat wend binne by it begraven. 41Op it plak dêr’t Er krusige wie, wie in tún en yn dy tún in nij grêf, dêr’t noch noait ien yn lein wie; 42dêr leinen se Jezus doe yn, omdat it de deis foar de Joadske sabbat wie en it grêf deunby.