Jezus wasket syn learlingen de fuotten
1It wie flak foar Peaske; Jezus wist, dat syn tiid kommen wie om út dizze wrâld oer te gean nei syn Heit, en doe hat Er syn freonen, dy’t yn ’e wrâld wienen en dy’t Er altiten al sa leaf hân hie, syn leafde bewiisd oan it uterste ta. 2Under it jûnsiten – de duvel hie it Judas, de soan fan Simon Iskariot al ynstutsen om Him te ferrieden – 3gong Jezus, dy’t wist dat de Heit Him alle dingen yn ’e hannen jûn hie en dat Er by God weikommen wie en wer nei God weromgean soe, 4oerein fan ’e tafel, die de boppeklean út, krige in linnense doek en die dy om ’e mul. 5Dêrnei geat Er wetter yn ’e waskkûm en begûn syn learlingen de fuotten te waskjen en ôf te droegjen mei de doek dy’t Er om hie. 6Doe’t Er oan Simon Petrus ta wie, sei dy tsjin Him: Hear, wolle Jo my de fuotten waskje? 7Jezus antwurde him: Wat Ik doch, witsto no noch net, mar do silst it letter wol begripe. 8Petrus sei tsjin Him: Jo sille my de fuotten yn der ivichheid net waskje. Jezus antwurde him: As Ik dy net waskje mei, hearsto net by My. 9Simon Petrus sei tsjin Him: Hear, dan net allinne de fuotten, mar ek de hannen en de holle. 10Jezus sei tsjin him: Dy’t baaid hat, hoecht allinne de fuotten te waskjen, dan is er alhielendal skjin; en jimme binne skjin, mar net allegearre. 11Want Hy wist wol, wa’t Him ferriede soe; dêrom sei Er: jimme binne net allegearre skjin.
12En doe’t Er harren de fuotten wosken hie, die Er de klean oan, gong wer oanlizzen en sei tsjin harren: Begripe jimme, wat Ik jimme dien haw? 13Jimme neame My: ‘Master’, en: ‘Hear’ en dêr hawwe jimme gelyk oan; want dat bin Ik ek. 14As Ik, de Hear en de Master, jimme no de fuotten wosken haw, dan hearre jimme inoar de fuotten te waskjen; 15Ik haw jimme ommers in foarbyld jûn, dat jimme krektlyk dwaan sille as Ik jimme dien haw. 16Wiswier, wiswier, Ik sis jimme: in slaaf stiet net boppe syn hear en in boade net boppe de man dy’t him stjoerd hat. 17As jimme dat begripe – gelokkich binne jimme, as jimme der neffens dogge. 18Dat sis Ik net fan jimme allegearre; Ik wit, wa’t Ik útkeazen haw; mar it Skriftwurd moat neikomme:
Dy’t myn brea yt, hat it tsjin my yn ’e kant set.
19Ik sis it jimme no al fêst, ear’t it komt: dan sille jimme as it komt, leauwe, dat Ik it bin. 20Wiswier, wiswier, Ik sis jimme: dy’t ien yn ’e hûs nimt, dy’t Ik stjoere sil, nimt Mysels yn ’e hûs; en dy’t My yn ’e hûs nimt, nimt Him yn ’e hûs dy’t My stjoerd hat.
Jezus foarseit it ferrie fan Judas
21Doe’t Jezus dat sei, waard it moed Him fol en Hy sei planút: Wiswier, wiswier, Ik sis jimme, dat ien fan jimme My ferriede sil. 22De learlingen seagen inoar oan, want se wienen der mei oan: oer wa hie Er it? 23No lei ien fan syn learlingen, de learling dêr’t Jezus tige mei op hie, nêst Him oan. 24Simon Petrus joech him in wink en sei tsjin him: Sis, oer wa hat Er it no? 25Doe bûgde dy learling wat achteroer nei Jezus ta, en sei tsjin Him: Hear, wa is it? 26Doe antwurde Jezus: Dy is it, dy’t Ik dit stikje iten jaan sil, dat Ik no yndip. Doe dipte Er it stikje yn en rikte it Judas, de soan fan Simon Iskariot ta. 27Fuort neitiid foer de Satan yn him. Doe sei Jezus tsjin him: Watst fan doel bist, doch dat no mar gau. 28Net ien fan it selskip, dat oan tafel lei, hie foar it ferstân, wêrom’t Er dat tsjin him sei; 29want guon mienden, omdat Judas de kas hie, dat Jezus tsjin him sein hie: Keapje wat wy brûke moatte foar it feest, of dat er de earmen wat jaan moast. 30Doe krige Judas it stikje iten oan en gong der dalik út; it wie nacht.
In nij gebod; Jezus foarseit de ferleagening fan Petrus
31Doe’t Judas fuortgien wie, sei Jezus: No is de Minskesoan ferhearlike, en God is yn Him ferhearlike; 32(as God yn Him ferhearlike is) sil God Him ek yn Himsels ferhearlikje, en Hy sil Him fuortynienen ferhearlikje. 33Berntsjes, Ik bin noch mar in koart skoft by jimme; jimme sille om My sykje, mar, lykas Ik de Joaden al sein haw: Dêr’t Ik hinnegean, kinne jimme net komme, sa sis Ik it jimme no ek. 34In nij gebod jou Ik jimme: dat jimme inoar leafhawwe moatte; ja dat jimme inoarren leafhawwe moatte lykas Ik jimme leafhân haw. 35Dêr sil elk oan fernimme, dat jimme myn learlingen binne, as jimme leafde foar inoar hawwe.
36Simon Petrus sei tsjin Him: Hear, wêr geane Jo hinne? Jezus antwurde him: Dêr’t Ik hinne gean, kinsto My no net achternei komme, mar letter silsto My al achternei komme. 37Petrus sei tsjin Him: Hear, wêrom kin ik Jo dan no net achternei komme? Myn libben wol Ik foar Jo jaan! 38Jezus antwurde: Dyn libben wolsto foar My jaan? Wiswier, wiswier, Ik sis dy, ear’t de hoanne kraait, silsto My trije kear ferleagene hawwe.