Wa is Jezus?
1Yn it begjin wie it Wurd der;
it Wurd wie by God,
ja it Wurd wie God.
2Hy wie yn it begjin by God.
3Alles is troch Him ûntstien;
bûten Him om is neat ûntstien fan alles wat bestiet.
4Yn Him wie libben
en dat libben wie it ljocht foar de minsken;
5It ljocht skynt yn it tsjuster
en dochs hat it tsjuster der net oan wollen.
6Der ferskynde in man, útstjoerd fan God;
hy hiet Johannes;
7hy kaam as getuge,
om fan it ljocht te getugen,
dat allegearre troch him ta geloof komme soenen.
8Hy wie sels it ljocht net,
mar hy moast getuge fan it ljocht.
9It wiere ljocht, dat elk minske ferljochtet,
wie op kommende wei nei de wrâld.
10It Wurd wie yn ’e wrâld,
mar hoewol’t de wrâld troch Him ûntstien is,
woe dy wrâld Him net erkenne.
11Hy kaam op syn eigen gerjochtichheid,
mar syn eigen folk woe Him net by har ynnimme.
12Mar dy’t Him al by har ynnommen hawwe,
harren hat Er macht jûn om bern fan God te wurden,
te witten dy’t yn Him leauwe,
13want dy binne net op natuerlike wize noch út minsklik begearen,
noch út it begearen fan ’e man,
mar út God berne.
14En it Wurd is minske wurden
en Hy hat ûnder ús wenne,
fol fan leafde en trou;
wy hawwe syn gloarje sjoen,
in gloarje sa’t Er dy as Ienlingssoan fan syn Heit krige hat.
15Johannes getúgde fan Him en rôp lûd:
Dit is de man, dêr’t ik fan sei:
Dy’t nei my komt, is my dochs foar,
want Hy wie der earder as ik.
16Ja út syn oerfloed hawwe wy allegearre
de iene genedejefte nei de oare krige;
17want de wet is troch Mozes jûn,
mar de leafde en trou binne der troch Jezus Kristus kommen.
18Der is net ien dy’t God oait sjoen hat;
de Ienlingssoan fan God,
Dy’t it neiste is oan syn Heite hert,
Dy hat dúdlik makke wa’t God is.
Wat Johannes de Doper oer himsels sei
19Dit is Johannes syn getugenis, doe’t de Joaden út Jeruzalem prysters en Leviten (nei him ta) stjoerden om him te freegjen: Wa binne jò? 20Hy kaam der rûn foar út, sûnder him der foar wei te winen: Ik bin de Messias net. 21Doe fregen se him: wat dan? Binne jo Elía? Hy sei: Dy bin ik net. Binne jo de profeet? Hy antwurde: Nee! 22Doe seinen se tsjin him: Wa binne jo dan al? Wy moatte ús opdrachtjouwers dochs útslútsel jaan? Wat sizze jo fan josels? 23Hy sei: Ik bin de stim fan ien dy’t ropt yn ’e woestyn: sljochtsje it paad foar de Hear, lykas de profeet Jesaja sein hat.
24Der wiene ek ôfgesanten fan ’e Fariseeërs by. 25Dy fregen him: Wêrom dope jo dan, as jo de Messias net binne en likemin Elía of de profeet? 26Johannes joech harren ta antwurd: Ik doop mei wetter; tusken jimme yn stiet Ien, dy’t jimme net kenne, 27Ien dy’t nei my komt; ik bin te min om de riemen fan syn sandalen los te meitsjen. 28Dat spile him ôf yn Betanië, oan ’e oare kant de Jordaan, dêr’t Johannes oan it dopen wie.
Wat Johannes de Doper oer Jezus sei
29Doe’t er de oare deis Jezus op him ta kommen seach, sei er: Dêr is it laam fan God, dat de sûnde fan ’e wrâld weinimt. 30Hy is it, dêr’t ik fan sei: Nei my komt in man, dy’t my dochs foar is, want Hy wie der earder as ik. 31Ik koe Him ek net, mar om Him oan Israel bekend te meitsjen, dêrom bin ik kommen mei myn wetterdoop. 32Johannes ferklearre ek: Ik haw de Geast delkommen sjoen as in do út ’e himel en Hy bleau op Him sitten. 33Ik koe Him ek net, mar Dy’t my stjoerd hat om te dopen mei wetter, Dy hat tsjin my sein: Ast ien sjochst dêr’t de Geast op delkomt en op rêsten bliuwt, dan is dat dejinge dy’t doopt mei de hillige Geast. 34Ik haw it sjoen en iepenlik ferklearre: Dat is de Soan fan God.
De earste learlingen fan Jezus
35De oare deis stie Johannes der wer mei twa fan syn learlingen. 36En wylst Jezus foarbygong, seach Johannes Him oan en sei: Dêr is it laam fan God! 37Syn beide learlingen hearden him dat sizzen en kamen achter Jezus oan. 38Jezus draaide Him om; doe’t Er seach, dat se achter Him oankamen, sei Er tsjin harren: Wat sykje jimme? Se seinen tsjin Him: Rabby – it Joadske wurd foar ‘Master’ – wêr wenje Jo? 39Hy sei tsjin harren: Kom mei, dan sille jimme it sjen. Se kamen en seagen wêr’t Er wenne. Doe bleauwen se dy deis by Him. It wie de middeis om fjouwer oere hinne.
40Andréas, Simon Petrus syn broer, wie ien fan ’e beiden dy’t it fan Johannes heard hienen en achter Jezus oangien wienen. 41De earste dy’t er trof, wie syn eigen broer Simon. Hy sei tsjin him: Wy hawwe de Messias – dat wol sizze: de Salvling – fûn. 42Hy brocht him by Jezus. Jezus seach him oan en sei: Jo binne Simon, de soan fan Johannes; jo sille tenei Kefas neamd wurde – dat betsjut Petrus (Rotsman).
43Doe’t Jezus de oare deis nei Galiléa ôfreizgje woe, trof Er Filippus. Jezus sei tsjin him: Folgje My. 44Filippus wie fan Betsaïda, dat Andréas en Petrus har wenplak ek wie. 45Filippus trof Natanael en sei tsjin him: Dêr’t Mozes yn ’e wet en dêr’t de profeten fan skreaun hawwe, dy hawwe wy fûn: Jezus, de soan fan Joazef, út Nazaret. 46Doe sei Natanael: Ut Nazaret, kin dêr wat goeds weikomme? Filippus sei tsjin him: Kom sels en sjoch! 47Jezus seach Natanael op Him ta kommen en sei fan him: Dat is noris in echte Israelyt, sa earlik as goud. 48Natanael sei tsjin Him: Hoe kenne Jo my sa? Jezus joech him ta antwurd: Eardat Filippus jo rôp, seach Ik jo ûnder de figebeam sitten. 49Natanael antwurde Him: Rabby, Jo binne de Soan fan God, Jo binne de kening fan Israel. 50Jezus sei doe wer tsjin him: Omdat Ik sei, dat Ik jo ûnder de figebeam sjoen haw, leauwe jo? Jo sille noch grutter dingen sjen. 51Hy sei fierder tsjin him: Wiswier, wiswier, Ik sis jimme, jimme sille de himel iepen sjen en Gods ingels dy’t opstige en delkomme op ’e Minskesoan.