De ôfgoaden en de wiere God
1Harkje nei it wurd dat de Heare oer jimme sprutsen hat, folk fan Israel. 2Dit hat de Heare te sizzen:
Wen jim de wizânsjes fan ’e heidenfolken net oan,
lit de himelljochten jim net ferbjusterje,
sa’t it by de heidenfolken giet.
3Want dy ôfgoaden fan ’e folken hawwe neat te betsjutten:
se kapje yn ’e bosk in stik hout,
en in fakman nimt it mei syn beitel ûnder hannen,
4it wurdt oppronke mei sulver en goud,
mei spikers en hammers sette se de boel fêst,
dat it net wibelet.
5Se kinne likemin wat sizze as in fûgelferskrikker yn in komkommertún,
se moatte droegen wurde, want rinne kinne se net.
Wês der net bang foar, se kinne gjin kwea dwaan,
en goed dwaan kinne se likemin.
6Wa kin Jo belykje, o Heare? Jo binne grut
en grut is jo machtige namme.
7Wa soe gjin ûntsach foar Jo hawwe,
Kening fan ’e folken? –
Dat komt Jo ommers ta;
want ûnder alle wizen en keningen fan ’e heidenfolken
is gjinien dy’t Jo belykje kin.
8Allegear mei-inoar binne se dom en dwaas,
de goaden-fan-neat dy’t har beleare moatte, binne ommers branhout.
9It blêdsulver wurdt út Tarsjisj helle
en it plette goud út Oefaz.
It is allegear wurk fan hantwurkslju,
goudsmiddewurk.
Se wurde beklaaid mei pears- en readpoarper,
ek allegearre wurk fan faklju.
10Mar de Heare is de wiere God,
de libbene God, Kening foar ivich is Hy.
Under syn grime trillet de ierde
en de folken kinne it net úthâlde by syn grammoedichheid. [ 11]
12Hy hat de ierde makke mei syn krêft,
de wrâld fundearre mei syn wysheid,
de himel útspand mei syn ferstân.
13Wannear’t Hy lûd jout,
begjint it wetter yn ’e loft te rûzjen;
dan lit Er dampen opkomme fan ’e úteinen fan ’e ierde.
Hy makket mei de wjerljocht it reinwetter los
en hellet de wyn út syn opslach.
14Dan binne alle minsken it ferstân bjuster, se kinne der net by;
de goudsmid skammet him om syn ôfgodsbyld,
want it byld dat er makke hat, is kleare bedroch,
der sit gjin bewyske fan libben yn.
15Dingen-fan-neat binne it, yn ien wurd bespotlik!
As de dei fan ’e ôfrekken komt,
geane se deroan.
16Hoe folslein oars is Hy dy’t it erfdiel fan Jakob is.
Hy is it omners, dy’t alles foarm jûn hat;
en Israel is it folk dêr’t Er rjocht fan eigendom op hat,
Heare Almachtich is syn namme.
De ballingskip wurdt oansein
17Pak dyn rêding byinoar en gean it lân út,
do yn dyn belegere stêd.
18Want dit hat de Heare te sizzen:
‘Sjoch, ditkear smyt Ik alle folk it lân út;
Ik set har wol sa yn ’e knipe
dat se it goed fernimme.’
19Wat in ûngelok, ik bin in brutsen man,
dizze slach kom ik net oerhinne.
En ik hie noch wol tocht,
dat ik dit lijen noch wol drage koe.
20Myn tinte is fernield,
en al myn tintlinen binne stikken skuord.
Myn soannen hawwe my allinne litten, se binne fuort.
Der is gjinien mear om myn tinte op te setten
en myn tintkleden wer te spannen.
21De hoeders hawwe wol dwaas west:
se hawwe de Heare net socht,
en dan ek neat bedijd;
har hiele keppel is fersille rekke.
22Hark, ik hear wat oankommen:
In grut lawaai út it Noarderlân.
De stêden fan Juda wurde in woestenij,
in oarde foar jakhalzen.
Gebed fan Jeremia
23Jo witte it wol, Heare,
in minske hat syn wei net oan himsels,
gjinien kin op syn libbenspaad sels útmeitsje, wat kant er op gean sil.
24Kastij ús mar, Heare, mar mei mjitte,
net út lilkens, dan soene Jo ús fergrieme.
25Stoart jo grime út oer de heidenfolken,
dy’t neat fan Jo witte wolle,
en oer de stammen
dy’t jo namme net oanroppe;
want dy hawwe Jakob ferslynd,
ferslynd mei ham en gram
en syn wenstee ferrinnewearre.