1Doe’t it al let wurden wie, makken Holofernes syn feinten avensaasje om fuort. Bogoäs die oan ’e bûtenkant de tinten ticht nei’t er allegearre dy’t der noch wienen, fuortstjoerd hie. En elk socht syn sliepstee op, wurch en ûngedien fan al it drinken dat er dien hie. 2Inkeld Judit bleau yn ’e tinte achter. Mei Holofernes. Dy wie foaroer op bêd fallen, stomdronken dat er wie. 3Judit hie tsjin har slavinne sein, dat se bûten de slieptinte op har wachtsje moast, oant hja sels nei bûten ta komme soe; sa’t se sei, om har gebed te dwaan. Sa hie se it ek mei Bogoäs ferpraat.
4Se wienen no allegearre fuort. Net ien oars as Holofernes en hja wienen no noch yn ’e keamer. Judit stie by syn bêd en se sei yn harsels: O, Heare God, Jo dy’t alle macht ha, wol dochs op dit stuit yn goedens delsjen op wat ik sa daliks mei eigen hannen foar de gloarje fan Jeruzalem ûndernimme sil. 5No is it ommers tiid om foar jo erfskip op te kommen en om myn plan slagje te litten en de fijannen dy’t tsjin ús fanwegen kommen binne, wei te dwaan.
6Doe gong se nei de bêdsstile op Holofernes syn hollenein, krige syn swurd derôf, 7stapte op it bêd ta, pakte him by it hier en sei: O Heare, God fan Israel, o meitsje my no sterk! 8Doe sloech se him op ’e nekke, twa kear, sa fûl as se koe, en houde him de holle ôf. 9Syn lichem rôle se fan it bêd ôf en it muskitenet skuorde se fan ’e stilen. Fuort dêrop gong se nei bûten ta en joech har slavinne de holle fan Holofernes. 10Dy die him yn ’e itenstas. En doe gongen se tegearre op ’en paad, sa’t se dat de oare kearen ek dien hienen as se te bidden soenen. Se rûnen it kamp troch en doe mei in ombocht troch de delling, by de berch fan Betylûa op. Sa kamen se by de stedspoarte.
Judit komt werom
11Al fan fierren rôp Judit de poartewachters ta: Toe iepen, doch dy poarte dan dochs iepen! God, ús God is noch altiten mei ús. Yn Israel lit er syn sterkte jilde en syn macht tsjin ús fijannen. No hjoed wer op ’en nij. 12Sa gau’t de mannen yn ’e stêd har lûd hearden, gongen se mei hasten nei ûnderen ta, nei de stedspoarte, en rôpen de âldsten fan ’e stêd. 13Allegearre, lyts en grut, kamen se deroan. Gjinien hie ferwachte har oait wer te sjen. Se dienen de poarte iepen om har deryn te litten, makken ljocht om wat sjen te kinnen en kloften om har hinne. 14En Judit rôp wit-hoe-lûd: Loovje God! O, loovje Him! Loovje God! Hy hat it folk fan Israel syn barmhertigens net ûntkeard, mar fannacht troch myn tadwaan ús fijannen ferdien. 15Doe helle se de holle út ’e tas, liet him sjen en sei: Sjochdêr de holle fan Holofernes, de heechste generaal fan de Assyriërs. En hjir is it muskitenet, dêr’t er ûnder lei te sliepen, as er dronken wie. De Hear hat him slein troch de hannen fan in frou. 16En sa wier as de Hear libbet, dy’t de wacht oer my hâlden hat op ’e wei dy’t ik gien bin: Myn kreazens hat him op ’e doele brocht. Ta syn ûngelok. En sûnder dat er de kâns krige om my tenei te kommen en sa my te besmoargjen en te ûntearjen.
17It hiele folk rekke bûten himsels. Se foelen op ’e knibbels del en as ien man rôpen se: Heech te priizjen binne Jo, ús God. Jo, dy’t de fijannen fan jo folk hjoed ferdien ha. 18En Oezzia sei tsjin har: Segene binne jo, myn dochter, troch God, de Allerheechste. Mear as alle oare froulju op ’e wrâld. Heech te priizjen is ús God, de Hear, dy’t himel en ierde skepen hat. Hy hat it slagje litten, dat jo de oanfierder fan ús fijannen de holle ôfslein hawwe. 19En salang’t der minsken binne dy’t de macht fan de Hear yn oantinken hâlde, sil ek jo Godsbetrouwen yn oantinken bliuwe. 20Dat God jo dat jaan mei as in eare dêr’t yn der ivichheid gjin ein oan komt. En dat Er jo goed dwaan mei yn alles, omdat jo, doe’t ús folk op ’en slimsten fernedere waard, jo libben derby opset hawwe. Want jo hawwe troch rjochte wegen te gean foar de eagen fan ús God, de ûndergong keard dy’t ús boppe de holle hong. En al it folk sei dêrop: Amen, amen!