1Holofernes sei tsjin har: Sit mar net yn noed, frou. Jo hoege wier net bang te wêzen. Ik haw noch noait ien wat dien, dy’t Nebûkadnessar, de kening fan ’e hiele ierde, tsjinje woe. 2Dat as jo folk dêr yn it berchlân my de gek net oanstutsen hie, dan hie ik myn spear noait tsjin har útstutsen. Se hawwe it har sels oandien. 3Mar sis my no ris, wêrom binne jo by harren weirûn, nei ús ta? Wier, jo hawwe jo libben dêr mei rêden. Hâld mar moed. Fan fannacht ôf sille jo feilich wêze. 4Gjinien sil jo tenei komme. Se sille jo goed behannelje, lykas elkenien dy’t myn hear kening Nebûkadnessar tsjinnet, hjir goed behannele wurdt.
5Doe sei Judit: Myn hear, wês sa goed en harkje nei jo slavinne. Jou jo tsjinstfaam it frij in wurdmannich tsjin jo te sizzen. Wat ik myn hear no fannacht fertel, dat is allegearre wier. 6As jo dogge wat jo tsjinstfaam jo riedt, dan sil God mei jo dwaan wat Er fan doel is, en de plannen fan myn hear sille net mislearje. 7Want sa wier as Nebûkadnessar, de kening fan ’e hiele ierde, libbet en by de macht fan him dy’t jo derop útstjoerd hat om rûnom op ’e wrâld oarder te skaffen: Troch jo tadwaan moatte net inkeld de minsken om Nebûkadnessar syn sizzen jaan, mar binne ek it wyld, it fee en de fûgels him en syn hiele hûs tsjinstber. 8Wy hawwe heard, hoe wiis jo binne en hoe tûk. Ja rûnom op ’e wrâld hat men it deroer, dat der yn it hiele ryk gjinien is dy’t sa’n trochsicht hat as jo, en gjin fjildhear dy’t oan jo takomt. 9Wy binne mei de wurden bekend dy’t Achior yn jo kriichsrie sprutsen hat. Want de mannen fan Betylûa hawwe him ynhelle en hy hat har alles ferteld dat er by jo sein hie. 10Wolno, myn hear, gean oan myn wurden net foarby. Mar, slaan se dochs goed acht, want se wienen wier: Us folk wurdt net samar straft, en it swurd wurdt har net samar oermânsk, ôf se moatte al tsjin har God sûndigje. 11En krekt dêrom, myn hear, sille jo gjin tsjinslach krije en sil jo fjildtocht net mislearje, want se binne foar de dea opskreaun. De sûnde hat har alhiel yn ’e macht krige. En sa sille se, sa gau’t se har misgeane, de grime fan har God oer har hinne helje. 12Doe’t se gjin iten mear hienen en se troch har drinken hinne wienen, makken se it plan om oer it fee gear te gean en waarden te riede om alles te iten dat se mar krije koenen, sels dat, wat God har yn syn wetten ferbean hie. 13Sa hawwe se ôfpraat om de earste fruchten fan it nôt en de tsienden fan ’e wyn en ’e oalje, dy’t se wijd en apart set hienen foar de prysters dy’t yn Jeruzalem yn ’e tsjinst fan ús God steane, sels op te iten. En dat, wylst gjinien fan it hiele folk der ek mar oankomme mei. 14En se hawwe guon nei Jeruzalem tastjoerd om datoangeande fan ’e rie fan ’e âldsten tastimming te krijen. Want dêr hawwe se dat ek dien. 15No, deselde deis dat dy tastimming der is en sy dêrneffens dogge, sille se oan jo oerlevere wurde. En dat wurdt dan har ûndergong. 16Doe’t ik, jo slavinne, dat gewaar waard, bin ik fuortrûn. God hat my stjoerd om mei jo dingen te dwaan dêr’t de hiele wrâld, dêr’t se der mar fan hearre, him oer besauwe sil. 17Want jo slavinne is in fromme frou. Nachts en deis tsjinnet se de God fan ’e himel. Ik bliuw no tenei hjir by jo, myn hear. Mar nachts moat jo slavinne nei bûten ta gean, nei de delling, om God te oanbidden. Want Hy sil my sizze, wannear’t se ta dy sûnden ferfallen binne. 18As ik it wit, dan kom ik fuortynienen nei jo ta om it te sizzen. Dan kinne jo mei jo hiele leger mar fanwegen komme en dan is der gjinien fan harren dy’t him tsjin jo ferwarre sil. 19Dan sil ik jo dwers troch Judéa hinne nei Jeruzalem ta bringe. Midden yn ’e stêd set ik jo troan dan del. En dan kinne jo mar mei har dwaan as mei skiep dy’t gjin hoeder mear hawwe. Gjin hûn, dy’t dan tsjin jo noch lûd jaan sil. Sa is it my sein. Ik wit de dingen al yn ’t foar. En ik bin stjoerd om it jo te sizzen.
20Wat hja sei, foel der by Holofernes en al syn mannen wol yn. Sy koenen net út oer har wysheid en seinen: 21Yn ’e hiele wrâld, fan ’e iene ein oan ’e oare ta, is der gjin frou, sa tsjep fan wêzen en mei sa’n klear oardiel as jo. 22En Holofernes sei: God hat der goed oan dien jo út it fermidden fan jo folk wei nei ús ta te stjoeren. Sa wurde wy noch sterker en sa komt foar harren dy’t mei myn hear de spot slein hawwe, de ûndergong. 23Jo binne in wûndermoaie frou en jo kinne jo mei de mûle tige rêde. As jo dogge sa’t jo sein hawwe, dan sil jo God myn God wêze en dan sille jo wenje yn it paleis fan kening Nebûkadnessar en ferneamd wurde, de hiele wrâld oer.