Rûzje mei Efraïm besljochte
1Doe seinen de mannen fan Efraïm tsjin Gideön: Wat ha jo no mei ús úthelle, dat jo ús net roppen hawwe doe’t jo de striid mei Midjan oangongen? En hja sieten fûl tsjin him oan. 2Mar hy sei tsjin har: Wat haw ik dien by jimmes fergelike? De neirispinge fan Efraïm is ommers better as de wynrispinge fan Abiêzer? 3God hat jim de oanfierders fan Midjan, Oareb en Seëb, yn hannen spile, mar wat haw ik behelje kinnen, dat by jimmes yn ’t skaad stean kin? Doe’t er dat sein hie, bekaam har lilkens.
Sûkkot en Penûel wegerje te helpen
4Doe’t Gideön by de Jordaan kommen wie, stiek er oer mei de trijehûndert man by him. Hja wienen wurch, mar jagen troch. 5Hy sei tsjin ’e mannen fan Sûkkot: Jou wat rûne bôlen oan it folk dat my folget, want se binne wurch en ik sit achter Sêbach en Salmûna, de keningen fan Midjan, oan. 6Mar de lieders fan Sûkkot seinen: Ha jim no faaks de hânpalmen fan Sêbach en Salmûna al yn hannen, dat wy jo leger iten jaan soenen? 7Gideön sei: No moatte jim hjir mar op rekkenje: As de Heare my Sêbach en Salmûna yn hannen jûn hat, dan sil ik it jimme yndruie mei toarnen en stikels út ’e woestyn.
8Doe gong er dêrwei nei Penûel en hy frege har itselde, mar de mannen fan Penûel joegen krekt sa’n antwurd as dy fan Sûkkot. 9Dat hy sei ek tsjin ’e mannen fan Penûel: As ik sûn en wol weromkom, dan sil ik dy toer fan jimme omsmite.
Sêbach en Salmûna pakt
10No wienen Sêbach en Salmûna te Karkor. Hja hienen har leger by har, sa’n fyftjin tûzen man, alles wat der noch oer wie fan it hiele leger fan ’e stammen út it easten. Der wienen nammentlik hûnderttweintich tûzen man fallen, dy’t mei it swurd omgean koenen. 11Gideön folge de wei fan ’e nomaden east fan Nobach en Jogbeha en hy sloech op it leger yn, wylst it der hielendal net op fertocht wie. 12Hy brocht it hiele leger yn ûnstjoer. Sêbach en Salmûna gongen op ’e flecht, mar hy jage har achternei en krige de beide keningen fan Midjan, Sêbach en Salmûna, te pakken.
Sûkkot en Penûel straft
13Doe’t Gideön, de soan fan Joäsj, weromkaam út ’e striid by de pas fan Chêres, 14hâlde er in jonge oan út ’e lju fan Sûkkot. Doe’t er him dat frege hie, skreau dy de foaroansteanden en de âldsten fan Sûkkot foar him op, sânensantich man.
15Dêrop kaam er by de lju fan Sûkkot en sei: Sjoch, hjir binne Sêbach en Salmûna, dêr’t jim my de gek om oanstutsen hawwe. Jim seinen ommers: Ha jo de hânpalmen fan Sêbach en Salmûna al yn hannen, dat wy jo wurge mannen iten jaan soenen? 16Doe naam er de âldsten fan Sûkkot en hy druide it de lju fan Sûkkot goed yn mei toarnen en stikels út ’e woestyn. 17En de toer fan Penûel smiet er om en hy deade de mannen fan ’e stêd.
Gideöns bloedwraak oan Sêbach en Salmûna
18Doe sei er tsjin Sêbach en Salmûna: Wat wienen dat foar mannen, dy’t jim op ’e Tabor deamakke hawwe? Hja seinen: Hja liken krekt op jo. Hja seagen derút as keningssoannen. 19Hy sei: Dat wienen myn bruorren, myn memme soannen wienen it. Sa wier as de Heare libbet, as jim har yn libben litten hienen, dan soe ik jim net deadzje. 20Dêrop sei er tsjin Jêter, syn âldste soan: Kom op, deadzje har! Mar de jonge loek syn swurd net, want hy doarst net. It wie ek noch mar in jonge. 21Sêbach en Salmûna seinen: Kom sels en stek ús dea, want dat is manljuswurk. En Gideön kaam oerein en deade Sêbach en Salmûna. De moantsjes, dy’t oan ’e halzen fan har kamielen hongen, naam er mei.
Gideöns letter libben en syn dea
22Doe seinen de mannen fan Israel tsjin Gideön: Regearje oer ús, jo en letter ek jo soan en jo pakesizzer, want jo hawwe ús ferlost út ’e macht fan Midjan. 23Mar Gideön sei tsjin har: Ik sil net oer jim regearje en likemin myn soan. De Heare sil oer jim regearje. 24Fierder sei Gideön tsjin har: Ik soe jim wol wat freegje wolle: Lit elk fan jimme my in ring út syn bút jaan. It wienen nammentlik Ismaeliten en dy hienen gouden ringen. 25Hja seinen: Dy jouwe wy mei alle wille! Hja leinen in mantel iepen del en elk smiet dêr in ring op út syn bút. 26It gewicht fan ’e gouden ringen dêr’t er om frege hie, wie santjin hûndert sikkel goud, de moantsjes en earbellen net meirekkene en ek net de poarperen mantels dy’t de keningen fan Midjan droegen hienen. Ek de keattings om ’e halzen fan ’e kamielen wienen net meirekkene. 27Doe makke Gideön dêr in efod fan en hy sette dy del yn syn stêd, Ofra. En hiele Israel huorke dêr achteroan, dat it waard in falle foar Gideön en syn famylje.
28Sa waard Midjan fernedere foar de Israeliten en hja stieken de holle net wer op, dat it lân hie, salang’t Gideön libbe, fjirtich jier lang rêst. 29En Jerûbbaäl, de soan fan Joäsj, sette him nei wenjen yn syn eigen hûs.
30No hie Gideön santich soannen, syn eigen fleis en bloed, want hy hie gâns froulju. 31En by syn byfrou yn Sichem hie er ek in soan en dy joech er de namme Abimêlek. 32Gideön is yn goede âlderdom stoarn en hja hawwe him begroeven te Ofra yn it grêf fan syn heit Joäsj, de Abiëzryt. 33Mar sadree wie Gideön net stoarn, of de Israeliten huorken op ’e nij achter de Baäls oan. Hja stelden de Bûnsbaäl as har god oan 34en tochten net mear oan har eigen God, de Heare, dy’t har út ’e macht fan alle fijannen om har hinne ferlost hie. 35Hja wienen it hûs fan Gideön ek net tankber foar al it goede dat hy oan Israel dien hie.