It folk wurdt skifte
1Jerûbbaäl (dat is Gideön) kaam der betiid ôf mei alle folk dat by him wie. Se legeren har by de welle fan Charod. It leger fan Midjan lei noard fan him, fan ’e heuvel Moaré ôf, yn ’e delling. 2De Heare sei tsjin Gideön: Der is tefolle folk by dy, Ik wol Midjan sa net yn har macht jaan. Israel soe oars ris tsjin My opsprekke kinne en sizze: Mei eigen hân haw ik mysels ferlost. 3Dat lit no oan it folk bekend meitsje: Wa’t der tsjin oansjocht of benaud is, dy kin weromgean en fan it berchlân fan Gileäd ôf in oare kant del fuortgean. Doe gongen fan it folk twaëntweintich tûzen werom, dat der bleauwen tsientûzen oer.
4Mar de Heare sei tsjin Gideön: Der is noch te folle folk. Lit se nei ûnderen gean nei it wetter en dêr sil Ik se foar dy skiftsje. Dan komt it sa: Dêr’t Ik dy fan sis: Dy sil mei dy gean, dyselde giet mei dy. En alleman dêr’t Ik dy fan sis: Dy sil net mei dy gean, dyselde giet net. 5Doe liet er it folk nei ûnderen, nei it wetter ta gean. En de Heare sei tsjin Gideön: Alleman dy’t it wetter mei de tonge opslikket, sa’t in hûn docht, dy moatst apart sette en sa ek elkenien dy’t op ’e knibbels lizzen giet om te drinken. 6No wie it tal fan harren dy’t it wetter mei de hân oan ’e mûle brochten en it sa opslikken, trijehûndert man, mar alle oaren fan it folk gongen op ’e knibbels lizzen om it wetter te drinken.
7Doe sei de Heare tsjin Gideön: Mei de trijehûndert man dy’t slikke ha, sil Ik jim ferlosse en Midjan oan jim oerleverje, mar fierders moat alle folk wer nei hûs gean. 8Doe namen se it iten fan it folk oer en har rammehoarnen en alle Israeliten liet er fierders gean, in elk nei syn tinte, allinne de trijehûndert man hâlde er by him. It leger fan Midjan lei yn ’e delling ûnder him.
Gideön kriget noch in teken
9Dyselde nachts sei de Heare tsjin him: Kom derôf, gean op it leger los, want Ik haw it oan dy oerlevere. 10Mar mochtst der noch tsjinoan sjen om derop los te gean, gean dosels dan del nei it leger mei Pûra, dyn feint, 11en harkje dan ôf wat se beprate. Dêrnei silst wol moed krije en op it leger los doare.
Dat sa gongen hy en syn feint Pûra nei ûnderen nei de foarposten fan it leger. 12No leinen de Midjaniten, de Amalekiten en de stammen út it easten as sprinkhoannen sa machtich yn ’e delling, en har kamielen wie gjin tellensein oan. Se wienen sa machtich as de sânkerrels oan it seestrân.
13Doe’t Gideön der oankommen wie, fertelde krekt ien oan syn maat in dream. Hy sei: Ik haw dreamd! In rûn koarnbrea rôle it leger fan Midjan yn. Doe’t it by in tinte kaam, sloech it dêr tsjinoan en reage dy ûnderstboppest. En dêr lei my de tinte! 14Syn maat sei dêrop: Dat kin oars net wêze as it swurd fan Gideön, de soan fan Joäsj, de man fan Israel. God hat Midjan en syn hiele leger oan him oerlevere.
Midjan ferslein
15Doe’t Gideön de dream en de útlis derfan heard hie, bûgde er him yn oanbidding del. Hy kearde werom nei it leger fan Israel en sei: Oerein! Want de Heare hat it leger fan Midjan oan jim oerlevere. 16Hy dielde de trijehûndert man yn trije kloften en hy joech har allegearre in rammehoarn yn ’e hân en in lege krûk en yn dy krûk in fakkel. 17En hy sei tsjin har: No moatte jim goed nei my sjen en dan krektsa dwaan. Sa gau’t ik by de bûtenkant fan it leger oankommen bin, dan moatte jimme krektsa dwaan as ik doch. 18As ik en allegearre dy’t by my binne, op ’e rammehoarn blaze, dan moatte jim ek rûnom om it hiele leger hinne, op ’e rammehoarn blaze en dan moatte jimme roppe: Foar de Heare en foar Gideön!
19Gideön en de hûndert man dy’t er by him hie, kamen yn it begjin fan ’e middelste nachtwacht oan ’e bûtenkant fan it leger oan; dêr wienen krekt wer de wachtposten útset. Doe bliezen se op ’e rammehoarn, wylst se de krûken dy’t se yn ’e hân hienen, stikken sloegen. 20Doe bliezen alle trije kloften op ’e rammehoarn, sloegen de krûken stikken en pakten mei de linkerhân de fakkels, wylst se yn ’e rjochterhân de rammehoarnen hâlden om op te blazen en hja rôpen: It swurd! Foar de Heare en foar Gideön! 21Elk bleau lykwols stean dêr’t er stie, yn in rûnte om it leger hinne. Doe gong dat hiele leger op ’e rin. Hja raasden it út en sloegen op ’e flecht. 22En wylst dy trijehûndert op ’e rammehoarnen bliezen, liet de Heare it hiele leger opinoar ynslaan en hja gongen op ’e flecht oan Bet-Sjitta ta, nei Sereda oan ’e berchrâne by Abel-Mechola boppe Tabbat.
Ferfolging fan ’e Midjaniten. Oareb en Zeëb
23Doe rôp er hiele Israel op út Naftaly, Azer en hiele Manasse en hja setten Midjan achternei. 24Ek stjoerde Gideön boaden troch it hiele berchlân fan Efraïm om te sizzen: Kom del, Midjan yn ’e mjitte en beset de rivieren oant Betbara ta en ek de Jordaan. Doe waard alleman fan Efraïm oproppen en hja besetten de rivieren oant Betbara ta en ek de Jordaan. 25Hja krigen twa oanfierders fan Midjan, Oareb en Seëb, te pakken en hja makken Oareb dea by de rots Oareb; en Seëb ha se deamakke by de wynparse Seëb. Dêrnei setten se de Midjaniten achternei. De hollen fan Oareb en Seëb lykwols brochten se nei Gideön oare kant de Jordaan.