De oerbleaune folken
1Dit binne de folken dy’t de Heare mei rêst litten hat om troch har al dy Israeliten, dy’t gjin oarloch mei Kanaän meimakke hienen, te hifkjen, 2allinne mar om sa de geslachten fan ’e Israeliten oarlochsûnderfining te jaan, foarsafier’t se dy earder net opdien hienen: 3Fiif foarsten fan ’e Filistinen, alle Kanaäniten, Sidoaniërs en Chiwwiten dy’t yn it berchlân fan ’e Libanon wennen, fan de berch Baäl-Hermon oant de wei nei Hamat ta. 4Dy wienen der, om dêrtroch Israel te hifkjen, om te witten te kommen oft hja harkje soenen nei de geboaden fan de Heare, dy’t Hy har foarskreaun hie troch de tsjinst fan Mozes. 5Dat sadwaande wennen de Israeliten midden tusken de Kanaäniten, de Hetiten, de Amoriten, de Perizziten, de Chiwwiten en de Jebûsiten. 6En hja namen dy har dochters foar harsels as frou en har eigen dochters joegen se oan dy har soannen en hja ferearen har goaden.
Otniël
7Sa dienen de Israeliten wat de Heare ferkeard achte. Hja kearden har fan de Heare har God ôf en tsjinnen de Baäls en Asjeara’s. 8Doe waard de Heare lilk op Israel en Hy levere har oer oan kening Kûsjan-Risjataïm, fan Twastreame-Aram: en de Israeliten sieten acht jier ûnder Kûsjan-Risjataïm. 9Doe rôpen de Israeliten de Heare oan en de Heare liet in rêder opkomme foar de Israeliten en dy hat har frij makke. It wie Otniël, de soan fan Kalebs jongere broer Kenaz. 10De Geast fan de Heare wie op him, dat hy waard rjochter oer Israel en gong de oarloch oan. En de Heare levere kening Kûsjan-Risjataïm fan Aram oan him oer, dat hy wie Kûsjan-Risjataïm oermânsk. 11Sa krige it lân fjirtich jier lang rêst. Doe stoar Otniël, de soan fan Kenaz.
Ehûd
12Wer dienen de Israeliten wat de Heare ferkeard achte, dat de Heare holp Eglon, de kening fan Moäb, tsjin Israel, omdat dy dienen wat de Heare ferkeard achte. 13Eglon helle de Ammoniten en de Amelekiten der ek by, en doe gong er hinne en fersloech Israel. De Palmstêd namen se yn besit. 14Sa sieten de Israeliten achttjin jier lang ûnder kening Eglon fan ’e Moäbiten. 15Doe rôpen de Israeliten de Heare oan en Dy liet foar har in rêder opkomme. Dat wie Ehûd, de soan fan Geara, in Benjaminyt, in man dy’t links wie. De Israeliten stjoerden him ornaris mei de skatting nei kening Eglon fan Moäb. 16No makke Ehûd him in dûbelsnijend swurd, krapoan in jellen lang. Dat die er ûnder de klean om ’e mul, op ’e rjochterheup. 17Sa brocht er de skatting nei kening Eglon fan Moäb. No wie Eglon in tige swiere keardel.
18Doe’t er klear wie mei it oanbringen fan ’e skatting, stjoerde er it folk dat dy skatting droegen hie, fuort. 19Mar sels kearde er werom by de bylden dy’t by Gilgal stienen en sei: Ik haw noch in geheim boadskip foar jo, o kening. Dy sei: Stil! Dêrop gongen allegearre dy’t by him stienen, derút. 20Ehûd lykwols kaam op him ta, wylst er yn ’e koele boppekeamer siet, dy’t er foar eigen gebrûk hie en Ehûd sei: Ik haw in wurd fan God foar jo. Doe kaam er oerein fan ’e stoel. 21En Ehûd stiek de linkerhân út, pakte it swurd fan ’e rjochterheup en stiek him yn it liif, 22sà, dat sels it heft achter it blêd oan der yngong. It fet klibbe om it blêd hinne, want hy hie it swurd net út it liif weromlutsen. Troch in achterdoar sette er wer nei bûten. 23Hy die de doarren fan ’e boppekeamer ticht mei de skoattels derop. Doe gong Ehûd nei bûten troch de pyldergong.
24Hy wie al fuort, doe’t Eglons tsjinners kamen en dy seagen raar op, dat de skoattels op ’e doarren fan ’e boppekeamer sieten. Mar hja seinen: Hy sil faaks syn behoefte dwaan yn ’e koele binnenkeamer. 25Hja wachten earst, mar rekken dermei oan, want hy die de doarren fan ’e boppekeamer mar net iepen. Dat hja hellen in kaai en dienen sels iepen. En sjochdêr: har hear lei dea oer de grûn. 26Mar wylst hja yn bestân stienen wat se dwaan moasten, wie Ehûd al ûntkommen. Hy wie de bylden al foarby en kaam behâlden yn Sjeïra oan.
27Doe’t er dêr oankommen wie, liet er op ’e rammehoarn blaze yn it berchlân fan Efraïm. Dêrop kamen de Israeliten mei him út it berchlân del, hy foarop. 28Hy sei tsjin har: Folgje my, want de Heare hat jimme fijannen, de Moäbiten, oan jimme oerlevere. Doe kamen se del, achter him oan, en besetten de oerstekplakken fan ’e Jordaan nei Moäb ta en lieten gjinien oerstekke. 29Sa fersloegen se Moäb yn dy tiid, sa’n tsientûzen man, allegearre grouwe en sterke keardels en der is net ien ûntkommen. 30Dy deis kaam Moäb ûnder Israels macht en sa hie it lân tachtich jier lang rêst.
Sjamgar
31Nei him kaam Sjamgar, de soan fan Anat. Dy fersloech mei in oksestôk seishûndert man fan ’e Filistinen. Sa ferloste hy Israel ek.