Skandaal te Gibeä
1It wie yn dy dagen doe’t der noch gjin kening oer Israel wie, dat in Levyt, dy’t as frjemd djip yn it berchlân fan Efraïm wenne, him in byfrou helle út Betlehem yn Juda. 2Mar syn byfrou krige har nocht fan him, dat se rûn by him wei nei har heite hûs te Betlehem yn Juda. Doe’t se dêr in skoft, fjouwer moanne, west hie, 3sette har man har achternei, om har op it moed te wurkjen en har werom te heljen. Hy hie syn feint by him mei in pear ezels. Doe liet se him by har heit yn ’e hûs en doe’t de heit fan ’e jonge frou him seach, kaam er him bliid yn ’e mjitte. 4En syn skoanheit, de heit fan ’e jonge frou, helle him oer, dat hy bleau trije dagen by him. Hja ieten en dronken en oernachten dêr. 5De fjirde deis kaam er der betiid ôf en makke him klear om fuort. Mar de heit fan ’e jonge frou sei tsjin syn skoansoan: Nim earst noch in goed miel iten en dan kinne jim dêrnei fuortgean. 6Dat sa bleauwen se en hja ieten en dronken tegearre. Dêrop sei de heit fan ’e jonge frou tsjin ’e man: Toe, sis no ja en bliuw de nacht oer en nim it derfan. 7No hie de man him al klearmakke om fuort, mar syn skoanheit stie der by him op oan en sa bleau er dy nachts dêr oer.
8Doe’t er de moarns fan ’e fyfte dei der ôfkaam om fuort te gean, sei de heit fan ’e jonge frou: Jou jo noch wat del. Dat se lieten har noch wat ophâlde oant de dei al nei de ein rûn. En hja ieten tegearre. 9Mar doe’t de man him klearmakke hie om fuort mei syn byfrou en syn feint, sei syn skoanheit, de heit fan ’e jonge frou, tsjin him: Sjochris, it begjint al jûnich te wurden. Bliuw de nacht noch oer. Sjoch mar, de dei rint nei de ein. Oernachtsje hjir noch en nim it derfan. Jim kinne der dan moarnier betiid ôf en jim wegen gean. Dan kinne jo wer nei jo eigen honk gean. 10Mar de man woe net noch wer in nacht oerbliuwe, dat hy makke him klear en reizge ôf. Sa kaam er flak foar Jebûs – dat is Jeruzalem –. Hy hie in pear opseale ezels by him en ek syn byfrou wie by him.
11Doe’t se by Jebûs wienen, wie de dei al tige fier hinne, dat de feint sei tsjin syn hear: Toe, lit ús nei dizze stêd fan ’e Jebûsiten ôfslaan en dêr oernachtsje. 12Mar syn hear sei tsjin him: Wy slagge net ôf nei in frjemde stêd, dêr’t gjin Israeliten wenje. Lit ús mar fierder gean nei Gibeä. 13Hy sei tsjin syn feint: Kom, wy geane nei ien fan dy plakken, dan binne wy fannacht te Gibeä of te Rama. 14Doe’t se wer fierder gongen en trochreizgen, seagen se de sinne ûndergean njonken Gibeä, dat by Benjamin heart. 15Dat se sloegen ôf om dêr te kommen en yn Gibeä te oernachtsjen. Doe’t er dêr wie, gong er op it stedsplein sitten. Mar der wie gjinien dy’t har nei hûs meinaam foar de nacht.
16Doe wie der lykwols in âlde man, dy’t op ’e jûn fan syn wurk op it lân kaam. Dy man kaam fan it berchlân fan Efraïm, dat hy wie in frjemd yn Gibeä. De minsken fan dat plak wienen ommers Benjaminiten. 17Doe’t de âldman opseach, seach er de reizger op it stedsplein en sei: Wêr moatte jo hinne en wêr komme jo wei? 18Hy sei tsjin him: Wy binne ûnderweis fan Betlehem yn Juda nei djip yn it berchlân fan Efraïm. Dêr bin ik wei. Ik haw nei Betlehem yn Juda west en no gean ik wer nei hûs, mar der is net ien, dy’t my ûnderdak jout. 19En dochs hawwe ús ezels wol strie en foer en ek is der brea en wyn foar my, foar jo slavin en foar de feint, dy’t by jo tsjinstfeint is. Der is fan neat ferlet. 20De âldman sei: Jo binne wolkom! Mar alles dêr’t jo ferlet fan hawwe, komt foar myn rekken. Allinne, jo moatte net op it plein oernachtsje. 21Sa naam er him mei nei hûs en fuorre syn ezels. Hja wosken har de fuotten en doe ieten en dronken se.
22Wylst se har noflik te goed dienen, sleaten ynienen manlju út ’e stêd, – dogeneaten wienen it – it hûs yn en hja ferkrongen har foar de doar. En hja seinen tsjin de man fan it hûs, de âld baas: Bring de man dy’t by dy útfanhûzet, nei bûten, dan wolle wy mei him omslaan. 23Mar de man fan it hûs kaam derút nei harren ta en sei: Nee, myn bruorren. Doch dat kwea dochs net. Dy man is ommers myn útfanhûzer. Doch net sa skandalich. 24Sjoch, myn dochter, dy’t noch faam is, en syn byfrou, lit my dy nei bûten bringe, dan kinne jimme dy tenei komme en mei harren dwaan, sa’t jim mar wolle, mar doch mei dizze man net sa skandalich. 25De manlju woenen lykwols net nei him harkje. Dat doe pakte de man syn byfrou beet en brocht har nei bûten nei harren ta. Hja kamen har tenei en knoeiden de hiele nacht mei har om, oan ’e moarntiid ta; en doe’t de dage oan ’e loft kaam, lieten se har gean. 26Sa kaam de frou yn ’e skimermoarn werom. Hja foel del foar de yngong fan it hûs fan ’e man, by wa’t har hear útfanhûze, en lei dêr oant it ljocht wie.
27Doe’t har hear der de moarns ôfkaam, die er de doarren fan it hûs iepen en kaam nei bûten om syn reis fuort te setten. En sjochdêr, dêr wie de frou, syn byfrou, delfallen foar de yngong fan it hûs, mei de hannen op ’e drompel. 28Hy sei tsjin har: Kom oerein, wy sille fuort! Mar der kaam gjin antwurd mear. Doe lei de man har op ’e ezel, makke him klear en gong nei syn wenplak.
29Doe’t er thúskommen wie, naam er in mes, pakte syn byfrou en snie har lyk yn tolve stikken. Dy stjoerde er troch it hiele gebiet fan Israel. 30En elkenien dy’t it seach, sei: Soks is net earder foarkommen en soks hawwe wy net sjoen sûnt de dagen dat de Israeliten út Egypte gien binne oan hjoed-de-dei ta. Tink dêr ris oer nei, beried jimme en sis it dan mar!