De spionnen fan Dan
1Yn dy dagen wie der gjin kening yn Israel.
– Yn dy tiid socht de stam fan ’e Daniten in eigen gebiet om te wenjen, want der wie har oan dy tiid ta ûnder de stammen fan Israel noch gjin erflik besit tafallen. 2Dat de Daniten stjoerden út har famyljes fiif manlju út har grinsgebiet, moedige mannen út Soara en Esjtaöl, om it lân te ferkennen en op te nimmen. Hja hienen tsjin har sein: Gean hinne, nim it lân ris op! En sa kamen se yn it berchlân fan Efraïm by it hûs fan Micha en dêr bleauwen se de nacht oer. 3Doe’t se by it hûs fan Micha wienen, hearden se oan it praat fan ’e jonge man, dat er in Levyt wie. Hja gongen dêrhinne en seinen tsjin him: Wa hat jo hjir brocht en wat dogge jo dêr? Wat moatte jo hjir? 4Hy sei tsjin har: Dat en dat hat Micha foar my dien: hy hat my ynhierd en ik bin pryster. 5Hja seinen tsjin him: Freegje God ris om in útspraak, dan kinne wy te witten komme oft de reis dy’t wy ûndernimme fertuten dwaan sil. 6De pryster sei tsjin har: Gean mar rêstich fierder, de Heare hâldt it each oer de wei dy’t jim geane.
7Doe gongen de fiif manlju fuort en se kamen te Laïsj. Hja seagen dat it folk dat dêr wenne sûnder soargen libbe, krekt as de Sidoaniërs. Rêstich en ûnbesoarge dat se wienen, leinen se gjinien yn it lân wat yn ’e wei en der wie gjinien dy’t it om macht te rêden wie. Se wennen fier fan ’e Sidoaniërs ôf en hienen mei gjinien wat út te stean.
De Daniten geane op reis
8Doe’t se wer by har stamgenoaten yn Soara en Esjtaöl kommen wienen, seinen har stamgenoaten tsjin har: Wat ha jim opdien? 9Hja seinen: Meitsje jim klear, en dan sette wy dêr op ta. Wy hawwe it lân nammentlik besjoen en it is in tige goed lân. No der mar net langer op omstinne. Driigje der net tsjin oan om derhinne, mar oerfal it en nim it yn besit. 10En as jimme dêr komme, dan binne jim by in folk sûnder soargen kommen en it lân hat dêr oan alle kanten de romte. God leveret it grif oan ús oer. It is in oarde dêr’t it oan neat op ierde ûntbrekt.
11Doe setten seishûndert foar de striid útriste manlju dêrwei, út de Danityske famylje fan Soara en Esjtaöl. 12Hja gongen dus fuort en sloegen har kamp op by Kirjat Jeärim yn Juda. Dêrom neame se dat plak no noch altyd Legerkamp fan Dan. It leit bewesten Kirjat Jeärim. 13Dêrwei reizgen se fierder nei it berchlân fan Efraïm en sa kamen se by it hûs fan Micha.
It byld fan Micha wurdt stellen
14Doe begûnen de fiif manlju dy’t derop út west hienen om it lân fan Laïsj te ferkennen, deroer en seinen tsjin har maten: Witte jimme, dat yn dy huzen dêr in efod is en tearafim en in byld, noch wol in getten byld? No, dan witte jimme wol wat jim dwaan moatte. 15Dat se sloegen dêrhinne ôf en kamen by it hûs fan ’e Levityske jongeman, it hûs fan Micha, en fregen hoe’t it mei him wie. 16Mar de seishûndert Daniten hienen har yn har wapenrissing opsteld yn ’e poartedoar. 17De fiif manlju lykwols dy’t op reis west hienen om it lân te ferkennen, gongen deryn en hellen it byld op, en de efod en de tearafim en it getten byld, wylst de pryster yn ’e poartedoar stie by de seishûndert wapene manlju. 18En doe’t dy oaren yn it hûs fan Micha kommen wienen en it byld, de efod, de tearafim en it getten byld ophelle hienen, sei de pryster tsjin har: Wat dogge jim no? 19Hja seinen tsjin him: Stil! de hân op ’e mûle en kom mei. Wês dan in heit en in pryster foar ús. Wat is better: dat jo pryster binne foar it hûs fan ien man, of dat jo foar in stam, in hiele famylje yn Israel, pryster binne? 20Dat like de pryster mar skoan ta, dat hy naam de efod, de tearafim en it byld mei en bejoech him ûnder it folk. 21Doe kearden se werom en gongen fierder, mar de bern, it fee en it kostbre guod lieten se foaropgean. 22Hja wienen al in ein fan Micha syn hûs ôf, doe waarden de buorlju fan Micha oproppen en dy hellen de Daniten yn. 23Hja rôpen tsjin de Daniten en dy seagen achterom en seinen tsjin Micha: Wat wie deroan, dat jim byinoar roppen binne? 24Hy sei: Myn goaden, dy’t ik makke haw, ha jimme meinommen en ek de pryster en jimme binne fuortgien, dat wat bliuwt my noch oer? Hoe kinne jimme dan tsjin my sizze: Wat wie der oan? 25Mar de Daniten seinen: Wy moatte dy net wer hearre. Oars soenen grimmitige mannen wolris op jim ynslaan kinne en dan soest dyn libben en dat fan dyn húsgesin der wolris by ynsjitte kinne. 26Doe gongen de Daniten wer fierder. En doe’t Micha seach dat se sterker wienen as hy, kearde er om en gong wer nei hûs.
Laïsj ynnommen
27Mar de Daniten namen mei, wat Micha makke hie en ek de pryster dy’t sines west hie. Hja oerfoelen Laïsj, in ûnbesoarge en rêstich folk. Hja deaden se mei it swurd en de stêd stieken se yn ’e brân. 28Der wie gjinien dy’t har te help kaam, want it wie fier fan ’e Sidoaniërs ôf en hja hienen mei gjin minske wat út te stean. De stêd lei yn ’e delling by Bet-Rechob.
Dêrnei bouden se de stêd wer op en setten har dêr nei wenjen. 29Hja joegen de stêd de namme Dan, nei Dan, har foarfaar, de soan fan Israel. Mar de namme fan ’e stêd wie foartiid Laïsj. 30Doe stelden de Daniten it byld foar harsels op. Jonathan, soan fan Gersjom, de soan fan Mozes, en letter syn soannen, wienen prysters foar de stam fan ’e Daniten oant de dei dat it lân yn ballingskip gong. 31Hja setten it byld dat Micha makke hie, dêr foar harsels op en it wie dêr de hiele tiid dat it hûs fan God te Sjilo wie.