Jakobus 3
De tonge
1Myn bruorren, jimme moatte net allegearre learmasters wêze wolle. Jimme witte wol, dat wy dêr nammerste stranger om oardiele wurde sille. 2Want wy dogge allegearre wit-hoefolle misse setten. Wa’t by it ûnderrjocht noait in misse set docht, dat is in folslein minske, dy’t himsels alhielendal yn ’e macht hat. 3Hynders dogge wy in team yn ’e bek om har yn ’e macht te hawwen en it hiele bist te stjoeren. 4Tink ek ris oan ’e skippen: Al binne se noch sa grut en al wurde se troch fûle winen dreaun, se wurde dochs troch in tige lyts roer stjoerd, wêr’t de stjoerman se mar hinne hawwe wol. 5Sa is it ek mei de tonge. Dat is mar in lyts lichemsdiel, mar it kin fan grutte dingen sprekke. Tink ris hoe’n lyts fjurke in hiel bosk yn ’e brân stekke kin. 6Ek de tonge is in fjoer, in wrâld fan ûngerjochtichheid; ûnder ús lea is it de tonge dy’t it hiele lichem besmodzje kin en it hiele berin fan ús libben yn ’e lôge sette, oanstutsen as er is troch de hel. 7Want alle soarten fan bisten kin de minske yn betwang krije: wylde bisten en fûgels, krûpende dieren en seedieren, en hy hat dat ek dien. 8Mar de tonge, dy kin gjin minske betwinge. Dat is in ûngeduerich kwea, fol mei deadlik fenyn. 9Dêr loovje wy ús Hear en God mei en mei dyselde tonge ferflokke wy de minsken dy’t sa makke binne dat se op God lykje.
10Mei deselde mûle loovje en flokke? Myn bruorren, sa meie wy net. 11Ut ien welle wâlet dochs net tagelyk farsk en brak wetter op? 12In figebeam jout dochs gjin oliven, myn bruorren, of in druvebeam figen? Likemin jout in sâlte saad farsk wetter.
De wysheid fan boppen
13Wa fan jimme is wiis en ferstannich? Dan moat er dat sjen litte troch goed te libjen, troch dieden yn wize needrigens. 14Mar as it herte jimme fol is fan bittere oergeunst en partijsucht, doch dan net sa’n steil wurd, want dat is yn striid mei de wierheid. 15Want sok in wysheid komt net fan boppen, mar dy is ierdsk, ûngeastlik, ja duvelsk. 16Want dêr’t oergeunst en partijsucht binne, dêr is ek dusoarder en kwea fan alle slach. 17Mar de wysheid dy’t fan boppen komt, is alderearst suver, dan ek freedsum, ynskiklik, meigeand, fol fan barmhertigens en goede dieden, ûnpartidich en oprjocht. 18No komt de frucht dy’t bestiet yn gerjochtichheid, foar har dy’t frede meitsje, op út it sied dat yn frede siedde wurdt.
© 1978 Nederlands Bijbelgenootschap