1sa’t fjoer droege prikken yn ’e brân set,
of wetter oan ’e soad bringt.
Dan soenen jo tsjinstanners jo namme kennen leare
en de heidenfolken trilje by jo ferskinen,
2as Jo ûnferwachts skriklike dingen dienen,
3dêr’t wy noait earder fan heard hienen.
Nee, gjin ear hat it heard, gjin each hat it sjoen:
sa’n God as Jo,
ien dy’t it opnimt foar dy’t har hope op Him sette.
4Wolkom binne by Jo dy’t mei blydskip it rjocht yn acht nimme
en dy’t derom tinke, hoe’t Jo jo wegen geane.
Mar Jo wurde fergrime as wy sûndigje;
en wy it troch ús ûntrou tsjin Jo yn ’e kant sette.
5Wy binne allegearre ûnrein wurden,
ús deugden binne as smoarge ûnderklean,
allegearre binne wy ôffallen as wilige blêden,
ús ûngerjochtichheden hawwe ús opjage, sa’t de wyn docht.
6Gjinien dy’t jo namme oanropt
en himsels oanfitert om hâld by Jo te sykjen,
want Jo hawwe ús de rêch takeard
en hawwe ús oerlitten oan ús eigen ûngerjochtichheden.
7En dochs Heare, binne Jo ús Heit net?
Wy binne de klaai en Jo de pottebakker;
wurk fanjo hannen binne wy allegearre.
8Wês dochs net troch alles hinne fergrime, Heare,
en tink net ivich oan ús ûngerjochtichheid.
9Sjoch dochs, allegearre binne wy jo folk.
Jo hillige stêden lizze der foar wyld hinne,
Sion leit foar wyld,
Jeruzalem is in ferlitten oarde wurden;
10ús hillige en hearlike timpel,
dêr’t ús foarâlden Jo loven,
is fertard troch it fjoer
en alles dêr’t wy sa wiis mei wienen, leit yn pún.
11Kinne Jo dêr kâld ûnder bliuwe, Heare,
it swijen derta dwaan en ús troch alles hinne fernederje?