De ferlossing komt
1Wurd wekker, o wurd wekker
en fertoan dy yn al dyn gloarje, Sion!
Doch dyn moaiste klean oan,
Jeruzalem, do hillige stêd!
Gjin ûnbesniene of ûnreine sil tenei mear ta dy ynkomme.
2Skodzje it stof fan dy ôf,
oerein Jeruzalem;
meitsje se los, dy bannen fan dyn hals,
dochter Sion yn ballingskip.
3Want dit hat de Heare te sizzen:
Foar neat wienen jimme ferkocht,
– sûnder beteljen sille jim loskocht wurde.
4Ja, dit hat de Heare God te sizzen: Earst is myn folk nei Egypte delset en hat dêr as frjemd ferkeare moatten; en letter hawwe de Assyriërs it sûnder reden oerweldige. 5Mar wat sjoch Ik no? – is de godsspraak fan de Heare. Samar foar neat hawwe se myn folk meinommen; dy’t deroer hearskje, fiere in steil wurd – is de godsspraak fan de Heare – en de hiele dei lâns wurdt myn namme belastere. 6Mar just dêrtroch sil myn folk dy deis myn namme kenne en witte, dat Ik it bin, dy’t it foar ’t sizzen haw.
It bliid boadskip
7Hoe wolkom is oer de bergen de fuotstap fan ’e heraut,
dy’t it heil oankundiget
en it bliid boadskip bringt, de tynge fan ’e befrijing;
dy’t Sion oanseit:
Dyn God is Kening!
8Hark, dyn wachters litte har lûd hearre
en jubelje it mei-inoar út,
want mei eigen eagen krije se te sjen,
hoe’t de Heare op Sion weromkomt.
9Brek mei-inoar yn bliid gejubel út,
jim, púnfallen fan Jeruzalem,
want de Heare hat syn folk fertreasting brocht
en hat Jeruzalem loskocht.
10De Heare hat syn hillige macht blike litten
foar de eagen fan alle heidenfolken,
en ek ierdryks fierste úteinen krije te sjen,
hoe’t ús God ferlossing bringt.
11Hjirwei, hjirwei, sjoch dat jim út Babel weikomme!
Reitsje neat oan, dat ûnrein is,
sjoch, dat jim út dat fermidden weikomme, suverje jimme,
jim dy’t it timpelguod fan de Heare drage.
12Mar jim hoege der net staf-en-af út te gean,
net as flechtlingen fuort te stowen:
de Heare sels giet ommers foar jim út
en de God fan Israel slút jim rigen as wachter.
Fjirde liet fan ’e Tsjinstfeint fan de Heare: De fernedere rêdt en wurdt ferhege
13Sjoch, myn tsjinstfeint sil it tige mei gean,
hy sil sa heechset wurde, dat er boppe alles útriist.
14Der hat in tiid west, dat gâns minsken kjel waarden as se him seagen:
hy seach der sa skeind út, dat der wie neat gjin minskeliks mear oan,
syn uterlik wie sa, dat hy like gjin minskebern mear. –
15Sa sille no ek gâns folken ferheard fan him opsjen
en keningen stom ferbaasd stean:
want no krije se te sjen, wat har noait ferteld wie,
no wurde se gewaar wat se noait heard hienen.