De goaden fan Babel moatte it oerjaan
1Bel is dêrhinne siigd, Nebo is yninoar sakke,
har ôfgodsbylden, dy’t jim yn jim omgongen meitôgen,
binne no op lêstdieren en fee laden,
in fracht dy’t de ôfbeunde skepsels oplein wurdt.
2Yninoar sakke en dêrhinne siigd
binne se allegearre,
se koenen de fracht net hâlde
en moatte no sels de ballingskip yn.
3Harkje nei My, folk fan Jakob,
allegearre dy’t noch oer binne fan it folk Israel,
jim dy’t Ik al by jim berte op ’e noed nommen haw,
dy’t Ik droegen haw fan ’e memmeskurte ôf:
4Ek op jim âlde dei bin Ik noch deselde,
ek as jim hier griis wurdt, draach Ik jim.
Dat haw Ik dien en Ik sil jim fierder op ’e noed nimme,
Ik sil drage en rêde.
5Mei wa woenen jim My dan fergelykje en mei wa lykstelle?
Mei wa My lyksette, dy’t myn gelikens wêze soe?
6Se skodzje goud út ’e jildponge
en wage sulver út op ’e skealjes;
dan hiere se in goudsmid en dy moat der in god fan meitsje.
Dêr geane se foar op ’e knibbels en dy bidde se oan.
7Se tille him op it skouder, tôgje him mei
en sette him te plak;
dêr stiet er dan en komt net wer fan ’t stee.
Hoe’t men him ek oanropt, hy jout gjin antwurd
en helpt jin net út ’e need.
8Tink dêroan en harkje dernei,
lit dat goed ynjim omgean,jim oerhearrigen.
9Tink oan wat lang lyn bard is,
want Ik bin God, in oaren is der net,
God bin Ik en myn gelikens is der net.
10By it earste begjin jou Ik de ein al oan,
al fier foarút sis Ik wat komme sil;
Ik sis: Wat Ik besletten haw, giet troch
en al wat Ik wol, folbring Ik.
11Ik rop in rooffûgel út it easten op,
út in fier lân, de man dy’t Ik derfoar ornearre haw.
Wat Ik ienkear sein haw, dat folbring Ik;
sa’t Ik it bestek makke haw, sa fier Ik it út.
12Harkje nei My, jim dy’t ynwindich behurde binne
en dy’t nearne gjin heil yn sjogge.
13Ik bring myn heil deunby, it is net fierôf,
myn help lit net lang op him wachtsje.
Ik bring Sion help
en Israel myn gloarje.