It heil foar de ferlosten
1Lit de woestyn en it toarre lân bliid wêze,
lit de steppe jubelje en bloeie,
2ja, yn ’e bloei stean as in fjild titelroazen,
útbarste yn jubel en blide rop.
It krijt allegear de gloarje fan ’e Libanon,
de hearlikheid fan ’e Karmel en de Sjaron.
It folk dêr krijt de gloarje fan de Heare te sjen,
de hearlikheid fan ús God.
3Meitsje dan de sloppe earms wer sterk
en de triljende knibbels rjocht;
4sis tsjin de lju dy’t wif steane:
Wês sterk en freezje net!
Sjoch jimme God! De wrake komt,
de godlike ôfrekken; Hy komt sels en ferlost jimme.
5Dan geane de blinen de eagen iepen,
de doven wurde de earen iependien;
6dan kin de lamme springe as in hart,
de tonge fan ’e stomme brekt yn jubel út.
Want yn ’e woestyn wellet allegear wetter op
en troch de steppe rinne rivieren;
7it gleone sân wurdt in poel,
it toarstige lân krijt wetterwellen;
dêr’t earst jakhalzen húsmannen
waakst no gêrs en reid en rusken.
8Dêr rint in goede wei troch,
dy’t de hillige wei neamd wurdt.
Der komt gjin ûnreine lâns,
hy is foar wa’t it rjochte paad giet,
dwylgeasten waarje dêr net om.
9Dêr sil gjin liuw komme,
it ferskuorrendste fan alle bisten weaget him dêr net,
it is dêr net te finen.
Nee, dy’t loskocht binne, geane dêrlâns,
10dy’t de Heare frijkocht hat, komme dat del werom,
mei blide jubel komme se op ’e Sion, bekroane mei ivige blydskip;
ja, freugde en blydskip komme mei har
en lêst en lijen bliuwt gjin spoar fan oer.